Views
6 days ago

Mandeguod_Februari_2018

30

30 Mandeguod

De man dy’t hout dûnsje liet; it lêste nijs! Minsken it sjit op, noch trije wike en Mantgum wurdt in echt houtdoarp mei in houtfestival en in dûns- en teaterfoarstelling. Wy binne de tredde Under de toerfoarstelling. Nei ‘De Frijtinker’ yn Drylts en ‘Marijke Muoi’ yn Ljouwert. Yn totaal wurde der op 32 plakken yn Fryslân Under de toerprojekten hâlden en wy fine it prachtich dat Mantgum hjir ek oan meidocht, dêr meie wy wol grutsk op wêze. De kaartsjes foar de dûns- en teaterfoarstelling binne sawol op de webside www.dunsjendhout.nl te bestellen, as by bakker Sijbesma yn it doarp te keap mei in moaie koarting foar de Mantgumers. Tink der om: de middeisfoarstellings binne ferfallen, der binne allinne jûnsfoarstellings. Yn it tsjuster komt de foarstelling it bêste ta syn rjocht. Alle jûnen om 19.30 start de foarstelling op it stasjon (útsein sneon 24 febr. om 19.00 oere). De repetysjes binne yn folle gong. De klean wurde naaid troch Monique Gijzen út Weidum, de spilers en dûnsers binne drok oan it oefenjen. Wy skeakelje organist Take Beukema yn en der sil muzyk op basis fan houtsnijlûden te hearren wêze, makke troch Martin Kuipers. Ek de Mantgumer maten sille yn dizze foarstelling opdûke. It skript is skreaun troch Raymond Muller en Zen Roorda. Dizze minsken dogge der meiïnoar alles oan om jo in moaie foarstelling belibje te litten. Noch even op in rychje: Woansdei 21 febrewaris premjêre 19.30 oere (útferkocht) tongersdei 22 febr. 19.30 oere freed 23 febr. 19.30 oere sneon 24 febr. 19.00 oere moandei 26 febr. 19.30 oere tiisdei 27 febr. 19.30 oere. Hâld foaral ús webside yn ‘e gaten want der kinne ekstra foarstellingen bykomme en fansels Facebook: dunsjend hout en Twitter: @dunsjendhout Houtfestivalwykein: Sneon 24 febrewaris: 13.00 – 22.00 oere Snein 25 febrewaris: 13.00 – 20.00 oere Mfc Wjukken Tagong: € 4,00 (ynkl. kofje); bern o/m 12 jier € 1,00 (ynkl. ranje) Mandeguod 31

Bekijk de menukaart - Efteling
Mania 303
peper herfst 2009 buiten v2 - Bantam
Juni 2007 - RK Muziekvereniging De Scheldezonen
Mania 311
Mania 310
Nieuwsblad Heerewegen december 2013.pdf - Warande
De Passewaaijer november 2010 (pdf, 2.3 Mb) - Wijkvereniging ...
Jaargang 1 - nummer 2: Bemmel 2011 - De Loeiers