Diggelfjoer 38-1 oktober 2019

Diggelfjoer

Diggelfjoer oktober 2019

Doarpskrante sûnt 1981 | oktober 2019 | 38 ste jiergong


Op de voorpagina:

De kerkuilen in de boerderij van Wypke Kampstra, Itens.

Kerkuilen in Itens

Ingezonden door Wypke Kampstra,

Hearedyk 4 Itens.

Het begon zo’n vijf jaar terug, toen wij een

dode vogel bij ons in de boerderij vonden. Aan

de hand van een foto op internet kwamen wij

erachter dat dit een kerkuil was. Via internet

zochten we naar iemand die ons meer kon vertellen

over de kerkuil en die vonden we in

Sneek. Deze mevrouw heeft hem meegenomen

en hem laten opzetten.

Een poosje later stond er een meneer voor de

deur en die vroeg of er misschien een uilenkast

geplaatst mocht worden. Ik heb daar positief

op gereageerd.

Wij kregen dus een kast en vervolgens kwam

hij elk jaar controleren of er al eieren in zaten,

maar elk jaar geen eieren. Tót de controle

van dit jaar: er bleken er vijf jonge uilen in te

zitten. Ze waren toen ongeveer een dag of

acht oud. Na onze vakantie begin juni, werden

we gebeld om een afspraak te maken om de

uilen te gaan ringen.

Op een zaterdagmorgen kwamen er twee mannen

die ze uit de kast haalden en de uilen

daarna voorzagen van een identificatiering en

tot ieders verbazing waren er geen vijf maar

zeven jonge uilen. Ze zijn nu bijna allemaal

uitgevlogen en we hopen volgend jaar weer

een nest met kerkuilen te hebben.

2


Agenda oktober & november 2019

De activiteiten vinden plaats in dorpshuis De Lytse Fjouwere,

tenzij anders vermeld.

Oktober

04 Dierendag

06 kerkdienst Slachsang Lytsewierrum 10.00 uur

11 Competitiekaarten 20.00 uur

12 Oud papier de 4 doarpen 08.30 uur

12 Filmclub: ‘After the Wedding’ 20.00 uur

16 FDD kinderknutselen 14.15 uur

18 FDD workshop bloemschikken 19.30 uur

19 Iepen kafee 15.00 uur

25 Prijskaarten voor iedereen 20.00 uur

27 kerkdienst Martinikerk Itens A. Terlouw 10.00 uur

27 kerkdienst Slachsang Lytsewierrum 10.00 uur

27 Wintertijd

31 Itenser rûnte: Prof. Dr. Tjeu van den Berk, Die Zauberflöte,

Martinikerk

20.00 uur

November

08 Maatklaverjassen voor iedereen 20.00 uur

09 FDD Kwisjûn 20.00 uur

10 deadline kopij Diggeloer

10 kerkdienst Slachsang Lytsewierrum 11.00 uur

11 Sint Maarten

15 Iepen kafee 15.00 uur

15 Verhalenavond heel Fryslân 19.00 uur

16 Filmclub: ‘Riphagen’ 20.00 uur

22 Competitiekaarten 20.00 uur

23 FDD - Bier & wijnproeverij

20.00 uur

24 kerkdienst Martinikerk Itens W. Abma 10.00 uur

24 kerkdienst Slachsang Lytsewierrum 10.00 uur

28 Itenser rûnte: Dr. Ton de Kok, Wat is God?

Kunstenaars op zoek, Martinikerk

20.00 uur

30 Oud papier de 4 doarpen 08.30 uur

30 Klaverjaswedstrijd Fûgelwacht 14.00 uur

3

Prikboerd

Vrijdagavond 15 november is het Verhalenavond! Het vervolg op de geweldige

2018-verhalen, waarmee LF2018 begon. Op Verhalenavond ontmoet heel Friesland

elkaar om te luisteren naar verhalen. Verhalen in huiskamers, musea, cafés, overheidsgebouwen,

bij verenigingen en bedrijven. Op Verhalenavond is er voor elk verhaal een

luisterend oor. Je hoeft echt geen literaire vertellingen te houden, maar gewoon een

verhaal zoals je die aan een ander vertelt. Vrijdagavond 15 november 2019 van 19.00

– 22.00 uur. Een uniek, gratis evenement! Je verhaal hoeft niet lang te zijn. Integendeel.

Probeer het maximaal 15 minuten te laten duren, zodat je het meerdere keren

kunt vertellen op Verhalenavond en meer mensen de kans krijgen ernaar te luisteren.

Ook jij hebt een verhaal, dus meld je aan! www.verhalenavond.nl


Inhoud van deze Diggelfjoer

Van de redactie 5

Hoe is it no mei… Tjeerd en Anita Dijkstra 6

Iepen kafee 9

Itenser Rûnte 10

Nieuws van SBS De Romte 11

Zuipkeet in Itens 14

Kidspagina 17

Waves in Hinnaarder polder 18

Nijs fan KF Itens e.o. 20

Rabobank sponsort maaimachine 21

Uit de bestuurskamer 23

Expositie en Griepprik 24

Kwisjûn Opwarmers 25

Geheugensteun 26

De Filmclub 28

Gedicht door “eenbewonervan...” 28

Geboortebericht, Biljart en Toneel 30

Oproep FDD 31

Adverteerder in beeld - LeerKRACHTcoach 33

Koldijk en streupe 36

Sa wie it nr 7 - Sassingastate te Hennaard 41

Dorpshuis De Lytse Fjouwere 45

Column - Simmer yn Fryslân 46

Beste Filmlieebbers,

In de vorige Diggeloer troffen jullie helaas een onduidelijke Film Flyer aan voor het

seizoen 2019 - 2020.

Dit vinden we natuurlijk heel vervelend. In deze Diggeloer vind je een nieuw bewaar-exemplaar.

Graag tot ziens bij de volgende film!

Hartelijke groeten van De Filmclub (Alien - Irma - Jeannet - Karin)

4


Van de redactie

Door Thea

Vorig jaar rond deze tijd viel de eerste editie van

de vernieuwde Diggeloer op de mat. Wat vonden

wij het als redactie spannend! De reacties

waren ontzettend positief en dat heeft ons zeer goed gedaan. Reacties zijn

altijd fijn, het is de drijfveer om door te gaan. Om weer op zoek te gaan naar

interessante, grappige en soms ontroerende verhalen voor u als lezer. We

vinden het ook ontzettend leuk om verhalen van onze dorpsbewoners te krijgen.

Heeft u een leuk verhaal, maar bent u niet zo’n schrijver? Wij komen

graag langs voor een interview of een praatje. Verhalen en tips zijn welkom

op diggeloer@live.nl

In deze oktobereditie kunt u onder andere lezen over Martzen en haar band

‘Waves’, brengen we weer één van onze adverteerders in beeld, vertelt Wypke

Kampstra over de kerkuilen in Itens, lezen we weer wat over de geschiedenis

van één van onze dorpen, komt u te weten van

wie die ‘keet’ is, die ineens in Itens staat en natuurlijk

komt ook onze levende legende weer terug.

We wensen u wederom veel leesplezier!

Ut de âlde doaze…. Dizze kear in âlde foto fan in doarpsgenoat;

Wa wit wa't dit prachtkereltsje is?

Dizze persoan wennet al 60 jier yn Itens...

Kolofon

Doarpskrante sûnt 1981 foar Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Ferskynt rûn 1 Oktober, 1 Desimber, 1 Febrewaris, 1 April, 1 Juny en 1 Augustus

Kopy stjoere nei diggeloer@live.nl foar de 10e fan 'e foarige moanne; ek

foar famyljeberjochten en alle fragen en kommentaar

Redaksje Elisabeth - Esther - Thea - Watse - Hans

Abonneminten foar âld ynwenners ensfh.: € 14,60 it jier.

Adfertinsjes:

5 x swart-wyt

+ 1 x kleur: 6 x kleur:

1/4 pagina - € 46,00 € 61,00

1/2 pagina - € 87,00 € 112,00

1/1 pagina - € 168,00 € 204,00

Frijwillige bydrage wurdt tige op priis steld en kinne jo oermeitsje nei:

Bankrekken Dorpsbelang / Diggeloer: IBAN NL 33 RABO 0349 5031 68 (nij!)

ûnder fermelding fan: Donaasje Diggeloer

Dorpsbelang “de Fjouwer Doarpen”: dorpsbelang@de4doarpen.nl

5


Hoe is het no mei Tjeerd en Anita Dijkstra

Somtiden krije jo wat help by it skriuwen fan in stikje en dan is it hast of

skriuwt it harsels.

As wy werom fan fakânsje by Venlo de grins oerride krij ik yn ien klap 184

nije app berjochten binnen! Ik fûn it earst al wat ferfelend dat myn tsjinsttillefoan

yn it bûtenlân gjin tsjinst die, mar efterôf wie ik der tige bliid om! Ek

de e-mail koe ik net ûntfange en einliks wol ik nea wer oars!

Tusken de 184 berjochten sit ek ien fan Tjeerd Dijkstra. Hy freget my dêryn

of ik lâns komme wol om mei harren in stikje te skriuwen, omdat se op

3 augustus fan harren pleats op Meilahuzen ferhuze binne nei Wommels ta.

Dat moat fansels altyd wêze. Tsjin sa’n oanbod kin gjin redaksje gearkomste

op. We prate ôf yn harren nije hûs,

oan de Ljurk 9 yn Wommels. Ik moat

twa kear de rûnte omride om it hûs te

finen. De nûmering is net allike logysk

en it binne der allegearre bedriuwsbuskes

en karren fan skilders,

ynstallaasjebedriuwen en strjitmakkers.

Tjeerd en Anita wenje no yn in

frijsteand hûs net fier fan de famylje

Viëtor. It is in modern ûntwerp mei in

protte hout oan de bûtenkant. No´t ik

it opskriuw betink ik my dat it

wierskynlik wol keunststof wêze sil.

Mar jimme snappe wat ik bedoel.

Ek oan it hûs fan Tjeerd en Anita

wurdt noch hurd wurke. De oprit moat

noch oanlein wurde en sa te sjen sil

dat hjoed barre. De bekende bus fan

Evert Tanja (tún-oannimmer) stiet

foar de doar. Anita lit my deryn en

giet my foar troch it hûs nei de tún. Ek

binnen is it wurk noch net klear. Sa

hat it hûs noch gjin keuken. Anita

docht der net dreech oer. “Het is even wennen, maar het lukt prima. We

vonden op zolder nog een elektrische kookplaat en samen met een tafel en

een kleine koelkast kom je dan eigenlijk een heel eind.”

Efterhûs sitte Tjeerd en Evert al oan de koe en wy skowe oan. Dan krij ik út

ûnferwachte hoeke noch mear help by it skriuwen fan dit stikje. Evert feroaret

nammentlik fan tún-oannimmer yn ynterviewer en ik wurd syn notulist. Sa

kom ik sûnder fierdere ynspanning te witten dat Anita fan Snits komt en dat

sy wurket as learkrêft tsjinstferliening en produkten op it RSG Magister yn

Snits. Dit giet as it slydjaget.

6


Tjeerd is hikke en tein op de pleats dêr´t hy úteinlik 50 jier lang wenne en

wurke hat. Tuskentroch wenne hy fiif jier lang yn Itens oan de Hearedyk en

dêrnei koe hy wer werom nei de pleats ta. “Even op zichzelf gewoond”, vult

Anita oan, as ik my sûnder it te sizzen ôffreegje wêrom’t hy fiif jier net op de

pleats wenne hat. Hoewol de pleats op Meilahuzen formeel ûnder Easterein

falt, lei harren hert yn ‘de ouwer doarpen’. Beiden hawwe har altyd foar de

mienskip ynsetten. “Foaral doe´t ús bern dêr op skoalle sieten wie de bining

mei it doarp grut. As de skoaltiid dan foarby is en je lykas ús bûtenút wenje,

giet it kontakt en de bining ek wer hurd efterút”.

Tjeerd wie lid fan it doarpsbelang en hat dêr ek fiif jier lang foarsitter fan

west. Noch altyd sit hy yn it bestjoer fan de iisklup en in pear jier ferlyn wie

er noch in trouwe frijwilliger, doe´t it doarpshûs ferboud wurde moast. Ek by

it klaverjassen is Tjeerd faak fan de partij. Anita stie oan de widze fan de

boarterstúnferiening en sy hie in sit yn it skoalbestjoer. Dêrnjonken wurke sy

ek altyd bûtenshûs. Tegearre hawwe Tjeerd en Anita twa fammen, Thessa fan

23 en Amarins fan 19 jier. Beiden wenje yntusken op harsels. Thessa wennet

en wurket op Texel en Amarins wennet en studearret in Grins.

Dus jimme ha it hûs foar jimmesels en kinne mei pensjoen? Anita: “Ik werk

nog vijf dagen in de week voor de RSG en blijf dit zeker nog wel een aantal

jaren doen.” Tjeerd: ´Fan pensjoen is noch gjin sprake hear. Ik ha juster

noch mei Douwe oan it kúljen west en ik sil der aanst ek gewoan wer hinne.

Ik sit foarearst ek noch mei Douwe en Pietie yn de pleats. Douwe hat ek noch

wurk bûtenshûs, dus sa kinne wy inoar moai wat stypje. Ik kin ôfbouwe en sy

opbouwe. Mar ik krij fansels al wat mear frije tiid omhânnen. Sa bin ik in

skoftke lyn frijwilliger wurden yn’t museum ‘It Tsiispakhûs’, hjir yn Wommels.

It liket my dochs dreech om jimme pleats te ferlitten en yn te ruiljen foar

dizze wenning. Net dat dizze wenning net moai is mar jimme plak bûtenút is,

foar my yn elk gefal, ien fan de moaiste fan de ouwer doarpen en fan

Easterein derby. Jimme dogge net allinnich de pleats oer oan in oar, mar

ferlieze ek jimme unike plakje en it frije útsicht.

Anita: “Zeker was het daar prachtich om te wonen. Vooral zomers was het er

fantastisch. Maar in de winter, als het al vroeg donker is en het er altijd waait

is het niet altijd even fijn hoor en ook wel eens zwaar. Zo moesten we bij

sneeuwval bijvoorbeeld altijd zelf de weg weer schoonmaken. Ik zou niet

terug willen naar Sneek. Maar hier, zo tussen de mensen, is het zeker ook

prettig wonen.

Tjeerd: ´Ik hie fansels noch wol 10 of 15 jier trochbuorkje kinnen, mar de tiid

is no oan de jongelju. Wy wisten wol dat ús famkes gjin belang ha by it

fuortsetten fan it bedriuw en wy woene ek wol graach dat it bedriuw aktyf

bliuwe soe. Dus dan kinne jo better net wachtsje oant jo opfolgers sels hast

mei pensjoen kinne. Douwe en Pietie binne noch jong en sitte fol mei

plannen, krektgelyk as doe’t ik harren leeftiid hie. Sy moatte der no by wêze.

Boppedat is Douwe yn ’e fierte famylje fan my. Syn beppe is in suster fan

myn mem. Sa bliuwt it bedriuw gefoelsmjittich dochs yn de famylje.

7


Ik bliuw it knap finen en

tink dat net elkenien sa´n

wiis mar yngripend beslút

nimme koe. Mar koene wy

jimme net behâlde foar de

ouwer doarpen? Jimme

hiene yn Itens ek wol in

hûs bouwe kinnen?

´Ja, dat hie kinnen. Mar

mei it each op ús âlde dei

ha we dochs keazen foar

in wat grutter doarp, mei wat mear fasiliteiten. It doarp hat ek mear oan in

húshâlding mei twa lytse bern dan oan ús. Mar wy ha mei de bou fan dit hûs

de middenstân fan de ouwer doarpen noch wol stipe hear! Se binne hjir hast

allegearre west.

Ek noch each foar de ekonomy fan de 4 doarpkes dus. Mar wannear sjogge

wy jimme dan wer werom yn ús doarpkes? Tjeerd: “Ik sil foar it earst noch in

soad yn en troch it doarp komme. Fierder bliuw ik ek gewoan yn it bestjoer

fan de iisklup sitten en mei it kaartspyljen sil ik ek wer fan de partij wêze.”

Anita: “Nooit, denk ik. Ik kan niet kaarten, niet kaatsen en ook niet biljarten

of darten. Dus ik denk dat dit het was.” Jeu de boulles dan? Dat kan

iedereen. “Ja, jeu de boulles. Dat zal het dan worden”.

Wat sille jimme it meast misse oan de ouwer doarpkes? “De bining tusken

de minsken ûnderling. Dat sil hjir grif minder wêze. Sa as it mei-inoar

ferbouwen fan it doarpshús of doe’t ús bern noch op skoalle sieten. Dat wiene

de moaiste tiden. Wy ha altyd mei in protte nocht yn de ouwer doarpen

wenne, al wennen we feitlik yn Easterein, wy fielden ús thús yn de ouwer

doarpen.”

Sa ferlieze wy oan Tjeerd en Anita dochs twa minsken mei in waarm hert foar

de mienskip fan de 4 doarpen. Wy hoopje fansels dat sy it yn Wommels ek

nei de sin ha sille en dat wy harren hjir nochris werom sjogge.

Dan is it tiid wurden om ús petear ôf te rûnjen en om in foto te nimmen.

Lykwols op nij sjitte der dan helptroepen ta. Tjeerd komt mei in usb-stick

oansetten en fertelt my dat der twa foto´s op stean, ien fan it âlde stee en

ien fan it nije hûs. Syn fraach: of ik de beide foto´s oan inoar plakke wol foar

it Diggeloer… “Ja, moai al dy help mar der binnen fansels grinzen.

Jimme ha gewoan gjin nocht om op de foto te gean!” No ja, dat is dan eins ek

wol wat sa. Dus syn fersyk slaan ik yn de wyn en mei wat help fan dochter

Amarins set ik Tjeerd en Anita tegearre, mei buorkerijhûn Bo, dochs noch op

de foto. Bo is mei ferhuze nei Wommels ta, de katten binne efterbleaun.

Jimme krije allegearre de hertlike groetnis fan Tjeerd en Anita

en binne fan herte wolkom foar in bakje koe oan de Ljurk 9 yn Wommels.

8

Watse (en Evert)


Iepen Kafee yn De Lytse Fjouwere

We binne wer los, op freed 30 augustus ha we it earste iepen kafee fan dit

seizoen hân.

Foar dit jier ha we wat foar in nije opset

keazen, wat faker op freed of sneon

it kafee/doarpshûs iepen. Foar de

leafhawwers kin der in potsje biljerten

en/of kaarten wurde. Wa’t in oar

spultsje dwaan wol of efkes tafelfuotbalje,

sjoele, darte, alles is mooglik. It

giet der om, dat je bûten de klubs om

efkes gesellich sitte of dwaande wêze

kinne yn ús doarpshûs. Wat it meielkoar

iten oangiet is it sa, de iene kear

is it in simpele hap, de oare kear wat

útgebreider en dêr moatte je je dan foar opjaan. Fred soarget dan wer foar in

lekker miel, dat is him wol tafertroud. De earste kear hat Fokje foar in lekker

pantsje sop soarge, oanfuld mei wat snacks. Dat smakke poerbêst en it wie

sawol binnen- as bûtendoar tige gesellich om elkoar sa wer te moetsjen.

· Sneon 19 oktober litte we ús ferrasse, Fred nimt ús dan mei nei Toscane

en yn dy sfear mei muzyk der by, kinne jim genietsje fan Italiaanske

gerjochten.

· Freed 15 novimber is der wer in iepen kafee yn in simpele foarm.

· As ôfsluter op sneon 21 desimber it Krystdiner, dat wie in grut sukses it

ôfrûne jier!

As jim de website/mail yn’e gaten hâlde, bliuwe jim op’e hichte, want dêr

komt elke kear wol in lyts berjochtsje op te stean. En noch efkes dit, de nije

kassa mei de pinmooglikheid wurket! Foar de frijwilligers en besikers fan “de

Lytse Fjouwere” in oanwinst.

Dus minsken, wês wolkom, net stinne, der hinne en pinne!

Team fan it Iepen kafee

9


Itenser Rûnte 2019 -2020

Al 19 jier

Wy biede hjir it nije program oan foar it winterskoft fan 2019-2020.

De titel en de omskriuwings binne koart. It is slagge om fiif hiel betûfte

sprekkers nei Itens te heljen dêr’t wy hiel bliid mei binne. Guon ha hjir wol

earder west.

Wy wolle graach dat jimme dit program ferspriede by minsken dêr’t jimme

fan tinke dat dy hjir graach hinne wolle. Wy moatte de kosten in bytsje

omheech bringe omdat de folsleine kosten heger binne as oars. Wy hoopje

dat der genôch minsken harren opjouwe.

26 sept 2019 - Prof Dr C.J. den Heyer

Jezus bron van hoop – ook bron van tegenspraak

De geschiedenis van de kerk is geen bron van hoop, maar kennis van het

verleden kan ons wel inspireren de moed desondanks niet te verliezen.

31 okt 2019 - Prof Dr Tjeu van den Berk

Die Zauberflöte

Die Zauberflöte, de laatste opera van Mozart, heeft vanaf de première in

1791 tot nu toe de gemoederen sterk bezig gehouden. Heeft de muziek van

meet af aan tienduizenden weten te ontroeren, over de strekking van het

verhaal bleef men fundamenteel verdeeld. Van den Berk heeft een

opmerkelijke bijdrage geleverd aan de ontsluiering van het libretto. Volgens

hem beeldt de opera de mystieke inwijding van de menselijke ziel uit met

behulp van alchemistische symbolen. Van den Berk zal inzicht geven in de

verschillende levensbeschouwelijke dimensies van de opera. Dit zal gepaard

gaan met het vertonen van opera-fragmenten.

NB: De jûn mei Tjeu van den Berk duorret wat langer as oars op syn fersyk

28 nov 2019 - Dr Ton de Kok

Wat is god? Kunstenaars op zoek

Hoe gaan kunstenaars om met het bestaansmysterie? Hoe hebben Van

Gogh, Munch, Mondriaan, Arn Pärt, Mahler, Vigeland, Satie en Van Holt

hiermee geworsteld?

30 jan 2020 - Rabbijn Awraham Soetendorp

Interreligieuze ontwikkelingen

Soetendorp is oprichter van het Jacob Soetendorp Institute for Human

Values. Hij zal voor ons vertellen over zijn leven in Amsterdam en elders

(geb 1943). Hij onderhoudt veel internationale contacten en omdat er in

2019 veel gebeurt op dat gebied zal hij ons meenemen naar de actualiteit

op dat moment.

10


5 mrt 2020 - Prof Dr Frits de Lange

Heilige Onrust.

Een pelgrimage naar het hart van de religie

Oude geloofszekerheden verdampen; veel mensen kunnen weinig meer met

de tradionele geloofsleer. Maar de behoefte aan spirituele verdieping en

geloofsvernieuwing leeft enorm.

Met Heilige Onrust. Een pelgrimage naar het hart van religie schreef De Lange

een boek voor hen die het besef hebben van iets groters en sterkers dan

zijzelf, maar dat moeilijk onder woorden kunnen brengen. De Lange zoekt

naar nieuwe wegen, en gaat daarvoor te rade bij de moderne pelgrim, die

tegenwoordig massaal naar Santiago de Compostella trekt. Voor de pelgrim

2.0 telt niet de kerkelijke leer, maar de spirituele en fysieke ervaring van de

reis zelf. (Faaks is dat ek wol it gefal by de Kleasterkuier yn Jorwert)

Algemiene ynformaasje

Elke jûn begjint om 20.00 oere en slút om 22.00 oere, it plak is de

Martinitsjerke fan Itens (de Herfoarme tsjerke) Yn it skoft is der foar € 0,50

koe of tee by de koster

Opjaan kin troch € 35,00 foar it hiele programma oer te meitsjen op

NL80 INGB 0001 3945 07 op namme fan D. Willemsma (Itenser Rûnte) of op

NL23 RABO 0349 5014 08 op namme fan Tsjerkfâdij Itens-Hinnaard.

Namme en (email-)adres opjaan.

Losse kaarten kostje dit jier € 10,00 y.f.m. ekstra kosten.

Ynljochtings

Douwe Willemsma, Hearedyk 37, 8735 HP Itens

Telefoon 0515331744 of email nei douwe.willemsma@hetnet.nl

Nieuws van SBS De Romte

We binne wer los!

De simmerfakânsje leit wer efter ús. As ik dit

skriuw binne we al wer twa wiken yn it ritme fan

it nei skoalle gean. It team hie de wike der foar

al wer drok dwaande west om de lokalen op

oarder te bringen, want mei it yn’e was setten

fan’e flierren komt alles trochinoar te stean.

Dêrneist moasten der ek noch muorren ferve

wurde.

Mei help fan û.o. Peter en George kaam it allegearre

wer klear. Op de earste dei nei de fakânsje troffen de bern, harren

âlden en team elkoar op it skoalplein. Wat wie it goed om eltsenien wer te

sjen ! Foar trije bern wie it ekstra spannend. Jurre Statema is no ouwer jier

en komt no alle dagen bij ús op skoalle, earder hie er al in skoftke oefene.

Roos Douwes hat besluten har lêste twa jierren op de bassiskoalle bij ús te

folgjen. Dennis v.d. Weide is mei heit, mem en broerke op Hinnaard kaam te

11


wenjen. It liket der no al op dat dat alle bern it nei’t sin ha bij ús. In goed

begjin!

It begjin fan it nije skoallejier hechtsje we in soad wearde oan groepsfoarming

en it wennen om meielkoar omgean. De learfakken wurde stadichoan

ynfierd. It tema fan dizze saneamde “Gouden wiken” is: “ wêr groei ik op:

Fryslân”. Oandacht foar de woartels, roots dus. Wij wurkje mei sin oan bewustwurding

fan de prachtige omjowing mei syn kultuer, eigen taal en tradysjes.

It is in opstap om letter te wurkjen oan it tema “duurzaamheid” en in

“circulair Fryslân”. Bewustwurding wie der ek doe’t we it mei de bern hiene

oer de ferkearssitewaasje yn Itens. Se binne harren bewust fan it feit dat in

soad auto’s fiersten te hurd ride. Dêrom ek de “kaartenaksje” mei de bern.

Foar wa’t it net ien krigen hat: de bern ha yn ‘e twadde skoallewike allegearre

in moaie ansichtkaart makke foar de inwenners fan Itensen bij harren

troch de brievebus dien. We koene net foar elkenenien ien meitsje, dat der

binne trijentritich kaarten yn’ e buurt ferspreid, mei de fraach om oan de

bern te tinken as se ûnderweis binnen nei skoalle. No witte wij wol dat de

measte hurdriders fan oare doarpen kommen, mar de bern witte no wol wat

der geande is en dat we ús der mei-inoar foar ynsette kinne om der oandacht

foar te freegjen en miskien mei ideeën te kommen de sitewaasje te ferbetterjen.

Sa sille de âlden fan ús bern yn ‘e “Kinderboekenweek” fêst ferhalen en

fragen te hearren krije oer it ferfier. It tema fan’e berneboekewike is “Reis je

mee?”.

Dêryn komt ek “duurzaamheid” oan’e oarder mei techniek. Om de Gouden

wiken ôf te sluten en it nije tema te starten fûne we in besite oan NEMO yn

Amsterdam in prachtich doel foar ús skoallereiske (hjirbij bedanke we de SCO

-kommisje foar harren jildlike bijdrage!). Oanslutend oan it technysk doecentrum

meitsje we in rûnfeart troch Amsterdam. In grutter kontrast mei wenjen

yn Fryslân as wenjen yn Amsterdam kinne je net betinke. De technyske ûnderfiningen

nimme de bern wer mei nei Itens om dêr harren foardiel mei te

dwaan as we it tema fan’e berneboekweike oppakke. En op dizze wize hinget

wer alles mei-inoar gear. In soad fan wat we dogge wurdt keppele oan doelen.

Dit wurdt fan ús as team easke. It wurk wat bern tidens dizze tema’s

meitsje wurdt bewarre yn in saneamd port folio. Ferline jier binne we dêrmei

starten en dit jier besykje we it eardere rapport hielendal te ferfangen troch

in kompleet port folio. Dat we oerstappe nei in port folio hat alles te krijen

mei it feit dat we de bern mear eigenaar fan harren learen meitsje wolle. Dat

betsjut dat we de bern hieltiid mear bewust meitsje wollen fan harren ûntwikkelingen.

Wat kinst al en wat wolst mear leare. Dan ha je it fansels earst al

hân oer wêrom as je û.o. leare te lêzen en de tekst te begripen, te rekkenjen

en te skriuwen. Troch harren mear op nivo te begelieden kinne bern harren

eigen doelen bepale. Dat sil foar elts wer oars wêze; op in oar nivo mar ek op

in oare wize. Yn in portfolio kinne je de ûntwikkelingen better sjen litte as yn

in rapport. Yn in portfolio komme neist allerhande selsmakke wurk fan it bern

ek in beskriuwing fan it proses der nei ta fan de learkrêft.

Alles past better bij it yndividuele bern. It proses fan de ûntwikkelingen wur-

12


de dan ek noch geregeld besprutsen mei de bern yn in saneamd

“kindgesprek”,dat in pear kear jiers hâlden wurdt. Twa kear yn it jier is it saneamde

“driegesprek”. Dan prate âlden, learkrêft en bern mei-inoar oer hoe’t

it giet op skoalle. Fan dy gesprekjes wurde troch de learkrêft ferslachjes makke,

dy’t dan ek wer yn it port folio komme. Op dize wize kinne de bern folle

better harren eigen ûntwikkelingen sjen. Aldere bern fine de it prachtich om

te sjen hoe’t se yn groep trije mei moeite in pear sinnen op papier krigen en

yn groep acht lêze hoe’t se bijgelyks in resinsje oer in foarstelling skreaun ha.

Dat bern der sels ek entousjast oer binne ha se hearre litte yn in learlingarena.

Ek âlden ha witte litten tidens in “ouderarena” wat se graach sjen/lêze

wolle yn in port folio. It team besiket it earste echte port folio yn febrewaris

klear te hawwen. Wij sille sjen. Der is genôch om oan te wurkjen. It wichtichste

is dat we der allegearre efter stean.

In oare kear hearre jim hjiroer fêst mear.

Toaste op it nije skoaljier

Oer de drompel fan it nije jier

13


Door Thea

Samar stie d’r in giele keet yn Itens. Soe it in zuipkeet wêze? Is de bougrûn

dan dochs ferkocht? Wa soe d’r dan bouwe? Tiid om alle rûs út de loft te heljen

en ris kontakt te sykjen mei de eigeners fan it giele meunster.

Ik stjoerde Joke Krist in appke en se kaam gesellich mei soan Lennert by my

op’e koe. Lennert fermakke himsels mei de playmobile (wy hiene tafallich

krekt de kast mei boartersguod opromme, dus ik koe it maklik fine dizze

kear). Nei in gesellich petear oer fan alles en noch wat, Joke en ik kinne aardich

keuvelje, moatte we doch ris prate oer dat giele ding.

“Dat ding soenen we noch opfervje, mar der moast earst noch ien by. Letter

kamen wy noch in oare tsjin die folle grutter wie. Dus dat giele ding

giet aanst fuort en allinnich dy grize bliuwt. Der gean wy yn wenjen oant it

hûs klear is.” Want der komt dus in nei hûs. It is yn’e holle al allegearre klear,

de tekening leit by de gemeente. It is wachtsjen op noch wat ferskillende

dingen. Se hawwe wol in fergunning foar dizze tydlike woonunit. Durk en Joke

hoopje dat it bouwen yn jannewaris los kin.

Op dit stuit wenje Durk Rypma en Joke Krist mei harren 2 jonkjes, Andries

en Lennert yn Easterein. Durk komt fan Folsgeare en is de jongste fan

in gesin fan ouwer. Joke is mei har twa jongere suskes opgroeit yn Feanwâlden.

Beide binne se tige muzikaal, Joke spilet hoorn, is muziekdocent op

it Bogerman, dirigeert ferskate korpsen en arangeert der ek noch foar, elk jier

begeliedt se de muzyk bij it berne iepenloftspul. En ek Durk spilet in blaasinstrumint.

Se hawwe inoar ek kennen leart troch de muzyk.

Doe’t harren âldste soan Andries nei skoalle moast, hawwe se hiel bewust

keazen foar ‘De Romte’ yn Itens. Andries fielt himsels hiel ergt hús yn Itens

en sa kaam ek it idee om te ferhúzjen nei Itens. En werom dan net bouwe?

“Wy fine duorsum belangryk en ek dat ús bern leare om te libjen yn ienfâld.

Yn dizze tiid is alles foar hannen. Wy stean altyd wol stil by minsken die’t it

minder hawwe mei bygelyks ‘actie schoenendoos’ en ús bern sparje jild foar

de earme bern. Dat komt út harrensels. Troch sels te bouwen en earst yn

sa’n woonunit te wenje, gean we werwerrom nei de ienfâld. Derneist kinne

we ús bern op dizze wize ek belûke by it bouwen. It is net sa dat de bern alles

bepale hjir yn hûs, mar we belûke se wol by in hiel soad en se mei ek

helpe.”

14


It plan is om sa duorsum mooglik te bouwen. Sinnepanielen, warmtepompop

de flierferwaarming, palletkachel, de neiste foarmen fan isolaasje, sels de opsje

foar in ‘regensysteem’ sadat de wc net trochspielt wurdt mei drinkwetter

mar mei reinwetter wurdt ûndersocht.

It hûs wurdt kasko bout en Durk en Joke wolle sels ôftimmerje. Dan kinne se

sels bepale hokker materialen d’r brûkt wurde. Durk en Joke wolle sa folle

mooglik gebrûk meitsje fan lokale bedriuwen. “Werom fan fier, as je it ek yn

it doarp fine kinne? Dat giet foar op de prijsconcurenten”

Sels in hûs ôftimmerje liket my in enoarm projekt. Mar Durk en Joke stean

der hiel relaxt yn. Durk syn heit wie timmerman en ek syn âlders hawwe sels

in hûs bout. Durk hat 10 jier as timmerman wurke. En ek by Joke thús is d’r

eartiids hiel wat ferbout. It hûs yn Easterein hawwe se sels hielendal ferbout

en fernijt. Derneist hâld Durk himsels op syn wurk dwaande mei

de huisvesting en duorsumheid fan theater Sneek, derneist set

hy cultuureducatie op yn Súd-WestFryslân en Sint-Anne en Frjentsjer.

Kennis en ûnderfining genôch dus. Mar hoe sit it mei de planning?

“We hawwe no fergunningen oanfrege foar boustroom, ôffier en wetter en d’r

komt in gastank foar de woonunit. Sa’n gastank is hiel feilich. 1 novimber

moatte we út ús hûs yn Easterein. Dus we hoopje hiel hurd dat it foar dy tiid

rûn is. We binne no hiel stadich wat oan it ynpakken. We kinne net alles meinimme

en hawwe dan ek in garagebox hiert. De krystbeam moat mar yn

bytsje foaroan lizze.

As de bou aanst echt los is, litte we wol werris wat fan ús hearre yn Itens. We

moatte earst noch fan alles besjen. Wy witte wol hoe we it haw wolle, mar de

gemeente moat der ek noch wat fan fine. Mar foar jannewaris moat it wol

dúdlik wêze. It plan past neffens ús goed yn de omjouwing. Gewoan in hús,

neat raars. De buorlju kinne no gewoan wol delkomme hear en dat dogge se

ek wol. Wy wolle altyd wol fertelle oer ús plannen.” “Wat wy wol hiel aardich

fine is dat we tsjinoer it mienskipshûs komme te wenjen. Ik bin fan hûs út

menist. Yn Easterein wenje wy ûnder de toer en no wer sa ticht op in tsjerkgebou.

Us jongens werkenne de

doarpen oan de toer fan de

tsjerken.”

Durk, Joke, Andries

en Lennert: fan herte wolkom

yn de ouwer doarpen!

We hoopje

dat jim jimme hjir gau

thúsfiele.

15


16


Kidspagina

Zoek de 10 verschillen

Hoe teken ik een Jack ‘o latern?

Met zijn sleutelbeen

17


Waves in Hinnaaarder polder

Door Esther

Het is op een zaterdagochtend in september dat ik Martzen Kooistra (18)

spreek in Hinnaard. Sinds een paar maanden woont ze in Leeuwarden, maar

ze is geboren en getogen achter de klokkenstoel van Hinnaard. Martzen

wordt gelukkig van zingen en ik spreek haar over haar drive, haar band en

haar opleiding.

Sinds dit voorjaar is ze één van de drie frontvrouwen van de nieuwe band

“Waves”, een zoals ze zelf zegt, “band die harmonische klanken combineert

met elektronische popmuziek”. “We spelen dromerige, magische muziek met

bijzondere klanken”, aldus Martzen.

Martzen zit in het derde en examenjaar van de opleiding Artiest Muziek van

het Friesland College D’Drive in Leeuwarden. “Alle creatieve MBO- opleidingen

van het Friesland College huizen in De Neushoorn (poppodium/ opleidingslocatie

van Friesland College tegenover theater “de Harmonie” red.).

Dat is echt een heerlijke omgeving. Een smeltkroes van studenten die muziek,

dans of theater maken of werken aan de techniek rondom podium en

evenementen. We werken veel samen met de studenten van de andere creatieve

opleidingen, omdat we elkaar nodig hebben bij het afronden van grote

projectopdrachten zoals het verzorgen van concerten”.

Martzen haar hoofdvak is zang. Voor de toelating ruim twee jaar geleden

deed ze auditie. “ Ik was stikzenuwachtig. De eerste auditie verliep niet vlekkeloos,

ik had nogal last van podiumangst, maar na de tweede auditie had ik

een supergoed gevoel. Ik mocht twee nummers zingen die me goed lagen en

ik dacht: “Die is binnen”.

Naast haar hoofdvak

volgt ze o.a. bandcoaching,

muziektheorie en

moet ze veel stageuren

maken. Dat doet

ze bijvoorbeeld door bij

basisscholen workshops

zang en muziek te verzorgen,

maar ook door

mee te werken aan

eindprojecten van medestudenten

of concerten

of opdrachten voor

de opleiding te verzorgen.

Sinds dit voorjaar maakt

ze dus deel uit van Waves.

Waves. Martzen linksvoor. Foto: Tessa Huttema

18


“Waves is ontstaan uit een tienweeks schoolproject. Voor dit project moesten

we zelf aan de slag met het neerzetten van een concert in een zelfgekozen

muziekstijl. We moesten zelf de bandleden en een uniek muzikaal concept

kiezen. Marije, Syta en ik trokken al meer met elkaar op in de opleiding en

hebben dezelfde motivatie en drive in de muziek. We hadden wel een idee

over de muziekstijl die we wilden presenteren in het concert. Daarbij is artiest

Nina June onze inspiratiebron geweest. Zij maakt gevoelige muziek op

een elektronische popachtergrond.“

Nadat drummer en gitarist (en medestudenten) Joep en Gerben aansloten,

was de band Waves geboren. Het concept is helder: Harmonieuze stemmen

voeren je mee op golven van bijzondere klanken: Waves.

Martzen laat me iets van de muziek horen op haar telefoon: mooie meerstemmige

melodieën van drie heldere vrouwenstemmen, bijzondere klanken

uit synthesizers en ook zo nu en dan uptempo stukken, waarbij de elektronische

drums naar voren komen. Bijzondere, bijna magische muziek. Ik voel

heel goed welk concept ze ermee neer willen zetten.

Voor het tienweekse schoolproject studeerde Waves een setlist in met covers

die ze ten gehore brachten in een slotconcert. Martzen: “Dat voelde zó goed.

Het was een geweldig optreden! Vooral de reacties van medestudenten na

afloop waren super!” Maar het was hun muziekdocent die hen triggerde om

verder te gaan met de band ná dit schoolproject. “Hij was zo enthousiast

over onze band. Hij zei letterlijk “dit is geen schoolband, maar een échte

band. Jullie móeten hier verder mee.”

“Dat gaf natuurlijk een heerlijk gevoel. Als mensen met verstand van muziek

zoveel potentie in je concept zien, wordt je daar erg blij van. Hij vroeg ons,

als organisator van de Prinsentuinconcerten, om in de zomer te komen spelen

in de Prinsentuin in Leeuwarden, maar wel onder één voorwaarde: we moesten

met eígen nummers komen. Te gek natuurlijk! Wat een mooie opstap

naar meer!”

De band had vervolgens zo’n drie maanden de tijd om eigen werk te maken

en slaagde er in om, naast het arrangeren van covers, ook zes nieuwe nummers

te schrijven. Eind augustus

traden ze op in de

Prinsentuin, nu niet meer

als schoolband, maar als

bánd.

Martzen: “Het was een

heerlijke namiddag, 30 graden

buiten, mensen zaten

lekker in het gras en luisterden.

Met onze muziek hebben

we echt een heel relaxte

sfeer neer kunnen zetten

en mensen een mooie mid-

19


dag weten te bezorgen in de Prinsentuin. Mijn podiumangst raakte die middag

op de achtergrond: verdwenen als sneeuw voor de zon!”

En nu verder? “We gaan zeker door met de band! Het voelt gewoon erg goed

en ik word er gelukkig van. Komend schooljaar doe ik examen en daarna wil

ik verder in de muziek. Natuurlijk in Waves, maar ik wil ook nog verder studeren.

Misschien conservatorium of misschien schrijf ik me wel in voor de opleiding

toegepaste psychologie. Ik weet het nog niet, eerst maar examen

doen!”

Wil je meer weten over Waves? Surf dan even naar de facebookpagina

van de band. Daar vind je naast informatie ook filmpjes om hun muziek te

beluisteren.

Nijs fan KF Itens e.o.

Ús seizoen sit der al wer op! Wy ha in pear moaie moannen efter de rêch mei

moai waar en moaie keatspartijen. Op snein 28 july hiene wy foar de earste

kear de Freonenpartij, foar ús in útdaging om sa’n grutte partij te organiseren.

It wie in prachtige dei mei as fêste prater/leider Henk Boonstra en nei de

tiid in barbecue. Nei in stik as 5 omlopen

kamen Jan Peter Bootsma en

Sjoerdsje v/d Berg as winners út de

bus.

Winners Fopma-

Winners Nachtkeatsen

Op 16 augustus wie der wer it nachtkeatsen,

keatse op in grut ild mei in grutte

bal. De winners by de manlju wiene: 1 e

Jochum Leijenaar, 2 e Sietze Greidanus en 3 e

Martijn Hoogerwerf en by de

froulju: 1 e Jannie Kronemeijer, 2 e Moniek

Schotanus en 3 e Laura Margje Fopma. En

as lêste partij wie de Fopma-partij. Mei in

grutte opkomst in tige slagge dei en nei

de tiid mei eltsenien sjinees

ite. De winners fan dizze

partij wiene Jan Gerben

Strikwerda, Hinke Jellema

en Sigrid Dijkstra.

Winners Freonenpartij

20


Rabobank Coöperatiefonds sponsort nieuwe maaimachine

Het sportveld van Itens is eigendom van de kerk, iedereen kan en mag gebruik

maken van het veld, zo ook de kaatsvereniging.

Dorpsbelang zorgde altijd voor het onderhoud van het veld en het bijbehorende

sporthok en ontving daarvoor tot voor kort een gemeentelijke subsidie.

Van dat geld werden bijvoorbeeld ook de onderhoudskosten van de maaimachine

betaald. In ruil daarvoor betaalde de kaatsvereniging een kleine bijdrage

voor de huur van het sportveld en het hok.

In 2019 is de gemeentelijke subsidie komen te vervallen en tegelijkertijd

bleek de ruim 30 jaar oude maaimachine aan vervanging toe te zijn. Aangezien

de kaatsvereniging de enige is die regelmatig van het veld gebruik

maakt, is afgesproken dat zij de maaimachine voor een symbolisch bedrag

van € 1,- overneemt van Dorpsbelang en deze vervolgens inruilt voor een

nieuwe machine. De werkzaamheden inclusief alle kosten voor onderhoud van

de nieuwe machine zullen vanaf nu bij de kaatsvereniging liggen. Met de opbrengst

van de oude machine en een bedrag

dat Dorpsbelang nog had gereserveerd bleef

er nog altijd een tekort over om de nieuwe

maaimachine daadwerkelijk aan te kunnen

schaffen. Hiervoor hebben wij als Kf Itens

het Rabobank Coöperatiefonds aangeschreven.

Onze aanvraag voor subsidie werd gelukkig

goedgekeurd en wij mochten uit handen

van Pep de Boer van de Rabobank een

fraaie cheque in ontvangst nemen met een

waarde van €1.250! Als Kaatsvereniging

zijn we hier erg blij mee. Het stelt ons o.a.

in staat om enige buffer te bewaren voor

andere zaken.

Rabobank bedankt!

21

Vacature Dorpsbelang

Door Johan Postmus

De zomer is voor Dorpsbelang een rustige periode. Afgelopen tijd hebben we

één keer vergaderd en de lopende zaken doorgenomen. Het bestuur is nog

steeds niet compleet. Is het iets voor jou? Schroom niet en neem contact op

met een van de bestuursleden of via dorpsbelang@de4doarpen.nl

Kwisjun opwamers

Antwurden diel 1

Dit binne de antwurden fan foarige kear:

1: C: bessen 2: [((4:4) + 4) x ((4:4)+4)] x 4 = [(1+4) x (1+4)] x 4 =

(5x5) x 4 = 25 x 4 =100 3: Klopjacht 4: Timmerman 5: C: Douchje


Loonwerk, kraanwerk én aanleg buitenmawww.loonbedrijfrispens.nl

Draversdyk 10, 8641 WT

Rien

Telefoon: 06-50476287

E-mail:

info@loonbedrijfrispens.nl

22


Uit de bestuurskamer

Door Johan

Als u dit verslag leest heeft onze nieuwe burgemeester,

Jannewietske de Vries, al een bezoek

gebracht aan onze 4 dorpen. Onze vergaderingen

van augustus en september hebben in het teken

gestaan van het bezoek dat 26 september 2019 plaatsvindt.

Het bezoek was reeds twee maal eerder uitgesteld. Jannewietske de Vries is

vorig jaar aangetreden als burgemeester van onze gemeente. Zij heeft zich

voorgenomen kennis te maken met alle dorpen in haar gemeente, en dat zijn

er veel. Naast onze 4 dorpen staan die middag ook nog Hiddaard en Reahûs

op het programma.

Het moest een infomeel programma worden, waarbij zij graag per dorp hoort

waar men trots op is en waar men zich zorgen om maakt. Voor elk dorp was

ruim drie kwartier beschikbaar. Het programma stond gepland van 12.00 uur

tot 15.30 uur. Start in Hinnaard en afsluitend in Lytsewierrum. In Itens in het

dorpshuis was er gelegenheid voor soep en een broodje. Van Hinnaard naar

Itens en van Itens naar Rien hadden we bedacht om haar per paard en wagen

te vervoeren. Van Rien naar Lytsewierrum zal per fiets gaan. Per dorp zal er

iemand beschikbaar zijn die wat kan vertellen over de geschiedenis van het

dorp, waar we trots op zijn in het dorp en waar de zorgpunten liggen. We

hebben er voor gezorgd dat er in Itens meer tijd beschikbaar is. In het dorpshuis

hebben alle verenigingen de gelegenheid om in contact te treden met de

burgemeester. We willen dat zij ziet dat er binnen onze dorpen veel georganiseerd

wordt voor jong en oud. Een bezoek aan de school stond ook op het

programma.

Tijdens de ritten tussen de dorpen willen we haar laten zien hoe mooi onze

dorpen gelegen zijn, maar haar ook wijzen op het onderhoud van het groen,

met overgang naar de gemeente Súdwest- Fryslân is dat er niet beter op geworden.

Ander zorgpunt is de verkeersveiligheid in en rond de dorpen. We

hopen haar hiermee te kunnen confronteren.

Verder is het de bedoeling haar op ludieke wijze te confronteren met het

dichtgroeien van diverse sloten en vaarten en de strubbelingen rondom het

verkrijgen van een vergunning voor de muur voor de oeverzwaluwen, die de

Fûgelwacht wil realiseren nabij Lytsewierrum.

In het volgende nummer van Diggeloer hoop ik een uitgebreid verslag van

dit bezoek met foto’s te kunnen presenteren.

“Goed” nieuws van Johan ;-)

Deze maand ga ik de contributies voor dit jaar incasseren. De mensen van

wie ik nog geen machtiging heb mogen ontvangen, zullen een nota in de bus

ontvangen, waarbij tevens een machtiging zal worden gevoegd. We zullen het

op prijs stellen zoveel mogelijk te kunnen werken met automatische incasso.

We rekenen daarbij op uw medewerking.

23


Expositie

Dorpsgenoot Rita Bloo (Itingewei 4) exposeert

met haar werk vanaf 28 september

tot en met 3 november in de kleinste galerie van

Nederland, bij de brug in Baard. Rita houdt zich al

jaren bezig met kunst en schilderen en is een specialist

in portretten. Haar werken zijn in dit geval

aangepast aan de locatie. Vanaf 28 september

elke zaterdag en zondag te bekijken:

www: galerie.baard.info/ en artbyritabloo.nl/

Griepprik 2019

Binnenkort is er weer de jaarlijkse griepvaccinatie voor alle HART-, LONG

-, SUIKER- en NIER-patiënten en alle 60 + -ers. Ook patiënten met een

verminderde weerstand t.g.v. bestraling en/of chemotherapie en sommige

middelen tegen reuma komen in aanmerking voor de griepprik. Op

onderstaande data kunt u terecht voor de griepprik:

Patiënten van Dr Hoepman:

Op Woensdag 30 oktober 2019 van 17u-18 uur

Van Eysingaleane 10 te Oosterend

Patiënten van Dr Meerdink:

Op Maandag 4 november 2019 van 17u-19 uur

Van Sminialeane 45 te Wommels

Mensen in Ny Stapert en de aanleunwoningen:

Op Maandag 11 november 2019 om 10:30 uur

Multi-Functionele Ruimte van Ny Stapert.

24


Kwisjûn opwarmers

Novimber komt hurd tichterby. Dus ek yn dizze edysje fan Diggeloer wer

in pear opwarmers foar de kwisjûn. Stjoer ek dizze kear wer de antwurden

nei diggeloer@live.nl. Sukses!

1: Logo’s

A

B

C

D

2: Welke stad is dit? 3: Anagram:

4: Welk getal komt op de plaats van het ?: 4 - 19 - 64 - 199 - ?

5: Bij een koppel is de kans dat de vrouw tv kijkt 70%. De kans dat de

man kijkt is 50%. De kans dat de man kijkt als zijn vouw kijkt is 60%.

Wat is de kans dat niemand kijkt? (antwoord is in %)

25


Geheugensteun

Alarmnummer: 112

POLITIE – BRANDWEER – AMBULANCE - ONGEVALLEN

Dokterswacht Friesland:

AED Itens

Reinder Abels 0515-856745 06-2442 9188

Karin Vermeeren 0515 414642 06-5368 8359

Janny Bootsma 0515-331694

Sippy Wiersma 0515-332198 06-5173 7555

Ferry Korbach 0515-333360 06-8193 5667

Janny Bouma 0515-333047

Hiltsje vd Weide 058-2501268 06-1374 3267

Anke Strikwerda 0515-852361

Marloes vd Meulen 0515-414978 06-2551 0191

Marian van de Velde 06-2522 5821

AED Rien

Wiebren Vallinga 0515-858688 06-3088 9624

Hilda Visser 0515-521706

AED Lytsewierrum

Jannie Jaarsma 0515-521600 06-1026 3034

AED Hennaard

Immie Kamstra 0515-332149 06-1767 8212

Chiel Kampman 0515-332643

Marianne Kampman 0515-332643

Huisarts

Hoepman, Easterein 0515-331488 huisartseasterein.nl

Hornstra, Boazum 0515-521223 huisartshornstra.praktijkinfo.nl

Meerdink, Wommels 0515-331331 meerdink.praqtijkplus.nl

Avond– en weekenddiensten

Voor spoedeisende huisartszorg buiten gewone praktijktijden bellen met Dokterswacht

Veearts It Griene Hert 0515-331387

Wijkagent /politie - 0900-8844

Trinus Hoekstra, Bureau Bolsward - trinus.hoekstra@friesland.politie.nl

Opstapper / Belbus - 0800 - 2802803

Reserveren minimaal één uur van te voren. Kosten: € 2,50 per enkele reis.

WMO Gemeenteloket Súdwest-Fryslân

Gemeente Súdwest-Fryslân, Postbus 10.000, 8600 HA Sneek

gemeentesudwestfryslan.nl

Peuterspeelplaats Poaskepole, De Skoalleseize, Easterein

Aanmelden bij de juffen via 0515 - 331700

BEGRAFENISVERENIGING “De Twa Doarpen Lytsewierrum-Rien”

Uitvaartverzorger M. Heslinga, dag en nacht bereikbaar op 06-53777753

BEGRAFENISVERENIGING “De Laatste Eer Itens/Hennaard” (stopt per 1-1-2020)

Uitvaartverzorger M. Heslinga, dag en nacht bereikbaar op 06-53777753

26


27


De Filmclub

Door Alien - Irma - Jeannet - Karin

Op zaterdag 12 oktober tonen we

After The Wedding (Denemarken, 2006)

Jacob Petersen heeft zijn levenswerk gevonden; hij

leidt een weeshuis voor straatkinderen in India.

Wanneer het weeshuis met sluiting wordt bedreigd,

ontvangt hij een ongebruikelijk aanbod. Een Deense

zakenman, Jorgen, biedt Jacob 4 miljoen dollar. Daar

zitten echter wel bepaalde voorwaarden aan vast...

Niet alleen moet Jacob terugkeren naar Denemarken, hij moet ook participeren

in het huwelijk van Jorgens dochter. Dit huwelijk blijkt een beslissend

moment tussen verleden en toekomst, en Jacob staat plots voor

de moeilijkste keuze van zijn leven.

Op zaterdag 16 november tonen we Riphagen

(Nederland 2016)

De beruchte Amsterdamse crimineel Dries Riphagen

(Jeroen van Koningsbrugge) werkt tijdens de Tweede Wereldoorlog

fanatiek samen met de nazi’s. Riphagen wordt

onmetelijk rijk met het opsporen, afpersen en verraden

van Joodse onderduikers en waant zich hierbij onaantastbaar.

Als hij een belangrijke verzetsgroep verraadt, opent

de jonge politieagent en verzetsstrijder Jan van Liempd

(Kay Greidanus) de jacht op hem.

De entreeprijs is slechts € 3,-- per persoon. Je krijgt daarvoor een mooie film

te zien en in de pauze iets lekkers. Eventuele drankjes reken je af bij de bar.

De filmavond start om 20.00 uur.

Wil je iets comfortabeler zitten? Neem dan een kussentje mee!

Gedicht door “eenbewonervande4doarpen"

Diggelfjoer

Langzaam kroop het vuur dichterbij

De tongen lonkten

Het knisperen van het hout

De verhalen op de achtergrond

waar ik zo van houd

Vertellingen over vroeger

of een actueel moment

in het hier en nu

of waar je ook bent

Een vuur vol verhalen

een lach en een traan

het vertrekken van een mond

de glimlach staat op

de tranen gedroogd

een gedicht is geboren

mijn wereld is rond

28


29


Geboortebericht

Wij kregen bericht van

Albert Jan Kamstra en

Maaike Kuipers dat ze

2 september jl. trotse

ouders zijn geworden van

Rinse.

Gefeliciteerd en

veel geluk toegewenst!

Monsamabuorren 1,

Hinnaard

Nieuws van Biljartvereniging “De Kromme keu”

Door bestuur Kees Jellema, Reinder de Jong, Frans Visser

Op woensdag 11 september is het nieuwe biljartseizoen begonnen. Alles is

weer nagekeken en er zit een nieuw laken op. Nieuwe leden zijn van harte

welkom, lijkt het je dus leuk om gezellig een potje te biljarten onder het genot

van een lekker drankje en een hapje, aarzel niet en kom!

Meer informatie over onze biljartclub staat op de website: de4doarpen.nl

Je kunt ook bellen met Kees Jellema: 06 28968945

Nieuws van Toneelvereniging “Nim it sa’t is”

Door het bestuur

It skript is klear, de spilersgroep is bekend, de earste lês repetysje is al

west, der wurdt al boud oan it dekôr, koartsein: wy binne los! Ek dit jier

hawwe wer in skript fan de hân fan ús regisseuse Friek Kosse en de oersetting

is fan Janny Bouma. It stik is basearre op twa toanielstikken fan Arthur

Schnizler en falt ûnder de kategory ‘tragikomeedzje’.

Foarich jier is de groep aardich útwreide en dit jier binne der sels noch mear

spilers! Toaniel libbet dus yn de ouwer doarpen. Alle moandeis en letter yn

it seizoen ek de tongersdeis wurdt der drok repetearre yn de lytse ouwere.

De foarstellingen binne op 6 en 7 maart. Wy hawwe der mei syn allen ûntsettend

folle nocht oan om jimme in prachtige jûn te besoargjen.

Dus, sa as we dat sa moai op syn Frysk size: “Save the date!”

30


Hoi jongens en famkes út de Fjouwer Doarpen

(leeftiid úngefear 12-17 jier)

Wy fan FDD wolle ek wolris wat leuks foar jimme organiseare mar ha jimme help

derby nedich. Wat fyne jimme leuk of wat wolle jimme graach noch ris dwaan. Jimme

meie alle ideeën en suggesties oan ús trochjaan fia fddocht@live.nl en miskien

kinne wy dan ek ris wat leuks foar jimme regelje/organiseare.

Vind je de Diggelfjoer leuk en zit je met plezier te lezen?

Misschien wil je ons dan helpen met onze crowdfunding.

Jouw bijdrage kun je overmaken naar: Bankrekening van Dorpsbelang/

Diggelfjoer: Iban Nl33Rabo0349 5031 68 o.v.v. Donatie Diggelfjoer.

VANAF NU VERKRIJGBAAR BIJ

BILDSTARS 10 kilo € 8,00

20 kilo € 15,00

DORE'S 10 kilo € 9,00

BORGERS 10 kilo € 9,00

BINNENKORT OOK WEER MEERDERE

SOORTEN EN UIEN

Halen of brengen kan de heel week.

Graag vooraf even bellen of appen!

“LYTS BEGIN” IN LYTSEWIERRUM

Kleine voorraad aanwezig,

anders geldt:

voor donderdag besteld,

uiterlijk zaterdag in huis!

LANGSKOMEN KAN NATUURLIJK OOK!

BEL/APP HOFSTRA - 06-205 62 566

Buorren 2 - LYTSEWIERRUM

Schilderwerken Knevelman in Itens - 06-43231940 - In-

31


32


Adverteerder in beeld

Roelie Zijlstra is eigener fan

LeerKRACHTcoach: “Grut dreame, lytse

stapkes meitsje en derby dyn doel goed

foar eagen hâlde”

Troch Elisabeth

Wy binne tige wiis mei ús adferteerders yn de doarpskrante en sette se

graach ris yn de ‘spotlight’. Derom bin ik dizze kear op besite by Roelie Zijlstra,

ek wol bekend as ‘LeerKRACHTcoach’. Ik kin Roelie wol en wit eins ek

wol wat har dwaande hâldt, mar bin dochs ek wol nijskjirrich nei de

ûndernimmer yn Roelie…..

Roelie Zijlstra (42) wennet mei har man Watse en 2 dochters Hester en Else

oan de Tsjems 7 yn Itens. Harren prachtige hûs is no ek gelyk Roelie har kantoar.

Roelie wurket in soad fanút hûs en kin faaks har eigen tiid yndiele.

Earder hat Roelie mear as 18 jier yn it ûnderwiis wurke as leerkrêft. Sûnt 4

jier is Roelie oan it wurk as selsstannige en wurket dêr njonken noch twa

dagen yn de wike foar NHLStenden/Primus as ‘Schoolopleider’. Nei har

romme ûnderfining yn it ûnderwiis, wie it tiid foar wat oars. Neffens Roelie

hat eltsenien in ‘keerpunt’ yn syn libben, it momint dat je beseffe dat it ek

oars kin.

Roelie wie op syk nei mear útdaging yn har wurk. Tidens in loopbaantrajekt

kaam der sa efter dat sy der bliid fan wurdt om minsken te helpen, se it fijn

fynt om projektmatich te wurkjen, se ûndersykjend, ûndernimmend en kreatyf

is. It ferskil meitsje kinne foar oaren en derby sels dyn tiid yndiele kinne,

makket it dat Roelie sûnt 4 jier oan de slach is as LeerKRACHTcoach. It

wurdsje KRACHT yn haadletters, omdat Roelie yn de coaching altyd út giet

fan in persoan syn krêft.

LeerKRACHTcoach bestiet op dit stuit út trije ‘takken’: Beeldcoaching, Loopbaanbegeleiding

en trainingen/workshops.

Wat moatte wy ús dêr by foarstelle?

Roelie hat in twa-jierrige oplieding Beeldcoaching® dien by Christine Brons;

sy is de betinker fan de methode Beeldcoaching®. Roelie giet as folgt te

wurk: As earste hat se in intake-gesprek mei de dosint (opdrachtjouwer/

klant/trainer/workshoplieder); tidens dizze earste kennismakking giet Roelie

op syk nei de kwaliteiten fan de dosint. Ek prebearret se der efter te kommen

wat noch lestich foar de dosint is. Nei oanlieding fan dit gesprek komt Roelie

gericht filmjen yn de klasse.

Oan de hân fan fideobylden makket sawol de dosint as Roelie dernei in analyse.

Dernei folget in coachingsgesprek mei de dosint mei de fideobylden derby:

wat giet goed en wat kin der better? Guon minsken moatte der wol oan

wenne om harren sels werom te sjen op byld, mar Roelie makket alles besprekber.

Iepen mei inoar kommunisearje en de dosint bliuwt sels eigener fan

de bylden.

Ut it coachingsgesprek folgje in oantal ûntwikkelpunten wêr’t de dosint mei

33


oan de slach kin, oefenje en der folget in 2 e filmmomint. Ek is it mooglik om

een hiel team te filmen en sa te learen fan elkoar. Roelie har professionele en

persoanlike oanpak docht minsken oars nei harren sels en harren manier fan

wurkjen sjen. De kracht fan bylden is hiel grut: it wurket direkt reflektyf; patroanen

wurde ynsichtelik makke. “Een toeschouwer ziet meer dan een speler”.

Roelie rjochtet har in soad op it underwiis, mar der binne folle mear minsken

en bedriuwen dy’t belang ha kinne fan Beeldcoaching®. Roelie hat al ris in

training Beeldcoaching® jûn oan de oplieders by it ministearje fan definsje;

in elts kin sjen nei wurkprocessen en sich bewust wurde fan bepaalde patroanen:

helpende patroanen fersterkje en net-helpende patroanen trochbrekke.

Roelie is ek ‘Loopbaanbegeleider’. Sy hat earder sels ek in trajekt folge en

kaam der sa efter dat sy it moai fynt om minsken te helpen by it sykjen fan it

wurk dy’t by harren past. Roelie begeliedt minsken har talinten te herkennen,

bewust te meitsjen en te ûntwikkeljen en dêrtroch de minsken yn har kreft te

setten (Wêr bistdo goed yn?) Troch allerhande fragen en opdrachten fynt se

út wat de kandidaat syn/har kwaliteit/talint is, makket dernei in loopbaanplan,

wat dernei omset wurdt yn in persoanlik aksjeplan. Minsken leare sichself

better kennen, wêr troch se op gong holpen sadat sy dernei sels it nije

(wurk)ild yn kinne! De loopbaantrajecten dy’t Roelie docht, binne net allinnich

geskikt foar minsken út it underwiis, mar ek foar minsken dy’t út in hiele

oare branche komme en op syk binne nei wat oars.

Roelie en ambysjes? Jaseker! Dat Roelie yn kânsen tinkt en ûndernimt docht

bliken as sy in nij produkt presintearret: KLASSEpraat. In fariaasje op de

bekende Kletspot, in glêzen pot mei fragen, stellingen en dilemma’s oer it

libben. Roelie makke har eigen ferzje (bedoeld) foar it ûnderwiis. Mei KLAS-

SEpraat wol Roelie it gesprek yn de klassen (mei en fan elkoar leare) wer

levendich meitsje en stimulearje.

LeerKRACHTcoach organisearret ek inspiratie-workshops, wer’t sy mei benammen

minsken in it ûnderwiis neitinke lit oer harren baan, wurksamheden

en útdagingen. Foar eltsenien, dy’t nije stappen meitsje wol yn harren wurk

en oan de slach wolle mei har talint. Ek organisearret sy workshops lichaamstaal&

kleding en loopbaanbegeleiding.

34


Neist dit alles wurket Roelie dus ek noch 2 dagen yn’e wike foar NHL Stenden

Hogeschool/Primus as ‘Schoolopleider’ en ‘ Veldassessor’ . Sy wurket hjirby

yn teamferbân en begeliedt PABO- studinten op hun staazjeplak; fan en mei

elkoar leare. In fertaalslach meitsje nei fan stúdzje nei de praktyk: it sa

neamde: ‘werkplekleren’. Dat lêste is in moaie kombinaasje mei har baan as

LeerKRACHTcoach en Loopbaanbegeleider!

Roelie fertelt fol oer oer har ûndernimming en ik freegje my ôf of’t sy noch

wol tiid hat foar oare (wichtige) saken…..

Neat is minder wier, Roelie geniet folop fan har libben. Is in grutske mem,

wiis mei har gesin, gek op geselligens en altyd yn foar in feestje (mar dat

lêste wist ik al). Sy mei graach yn Itens wenje en set harren ek noch yn foar

de mienskip. Sa hat Roelie mei Paula, Anke en Esther al foar de twadde kear

de Swit& Sit rin organisearre. Oja, Roelie is ek sportyf op syn tiid!

Roelie sjocht nei minsken mei in heldere en iepen blik en tink yn kânsen.

Roelie is in hurde wurker,

leerKRACHTcoach, Loopbaanbegeleider,

‘Schoolopleider’ en noch

folle mear.

Roelie is Roelie, rjocht

foarút en dat makket har,

yn myn eagen, unyk!

Foar mear ynformaasje oer

Roelie har bedriuw:

www.leerkrachtcoach.nl

of skilje mei:

06-45647455

Jo kinne LeerKRACHTcoach

ek folgje op Facebook,

Instagram en LinkedIn.

35


Koldijk en streupe

Troch Watse

Hoe giet it mei ús libjende leginde Germ Koldijk?

Jimme witte yntusken wol dat hy kanker yn beide longen hat en dat de

dokters him net mear better meitsje kinne. Dêrom litte wy him yn it

‘Diggeloer’ oan it wurd, oant dat net mear kin.

Earst mar wer efkes dokterje.

Hoe giet it mei dy Germ?

“No it giet hiel stadichoan efterút. Sa stadich dat je fan dei op dei eins gjin

ferskil fernimme. Mar ik bin wer in jier âlder wurden. Op 8 septimber mocht ik

88 kearskes útblaze! De famylje hat op besite west en ik bin fan ’t simmer ek

noch prachtich fuort west nei de froulju’s PC. Wat kinne dy froulju keatse sis!

Ik trof der ek allegearre kunde en ha úteinlik mear yn de tinte sitten dan nei

it keatsen sjoen. It wie der sa gesellich.”

Hast fan ’t simmer de hjitte wat

ferneare kinnen?

“No dy lêste hjittegolf wie wol dreech

hear, mar gelokkich kin ik better oer

de waarmte dan oer kjeld. Want ik

kin beslist gjin kjeld of sigens mear

ferneare. It is sa slim dat ik by it

kaarten, yn it doarpshûs, al in fêst

plak by de radiator tabedield krigen

ha.“

Dan silst wol op sjen tsjin de

kommende winter tink?

“Ja, beslist. Wy binne dwaande om in

plakje te sykjen foar Tonny, foar as

ik der aanst net mear bin. Wy ha ek

al in plakje fûn en steane yntusken

op de wachtlist. Foar my hoecht it

net. Ik soe leaver hjir yn Itens myn

lêste dagen slite wolle. Mar as it my

hjir te kâld wurdt dan moat ik dochs

mar mei nei Snits.” Tonny: “Maar we

zijn nog niet aan de beurt hoor. We

staan pas op plekje nr. 11”.

Streupe

Germ, ik ha al ferskate streupers op

it plysjeburo hân, mar ik krij troch ús

Germ mei syn earste meter snoek

petearen it fermoeden dat ik no ek wolris

tsjinoer in ‘âlde’ streuper sitte koe? Hoe liket dat Germ. Stean der miskien

noch earne in pear fûken fan dy yn de Frjentsjerterfeart dy’t wy der better

36


efkes úthelje kinne?

“Nee, ik ha nea mei fûken fiske, mar ik mei wol graach in fiskje op syn tiid.

Alhielendal ûnskuldich bin ik dus ek net. Ik ha it fiskjen eins krekt as it

aaisykjen fan myn heit leard. Dy mocht ek sa graach fiskje. As it dan wer 1

juny wie, dan mochten wy wer fiskje. As bern fiske ik al mei myn earste

aaisikersmaat, Jehannes Fleer. Yn’t earst mei âlde bôle en letter feroare dat

yn wjirms. Stadichoan waarden de fisken dy’t wy fongen sa ek wat grutter.

Wy hiene fan ’t begjin ôf oan altyd ien belangrike regel.

Alles wat ek mar in bytsje fan formaat wie, gong mei nei hûs en waard

opiten. Sa bakte myn mem geregeld de fisken dy’t ik mei Jehannes fongen

hie. Myn heit hie yn dy tiid in fergunning om mei dôbers te fiskjen yn de

molk- en opfearten. Dan sette hy 100 houten dôbers fuort yn sa'n feart. Ik

bin faak mei west. Prachtich wurk.

Sa iten wy gauris iel. Rikje diene wy doe allinnich noch net. De ielen waarden

troch myn mem stoofd. Stove iel sa dik as in tomme en dan op roggebrea.

Tsjonge, wat is dat lekker! Ik ha it wetter al yn de mûle.

Doe’t wy wer wat âlder wiene, woene wysels ek wol graach mei dôbers

fiskje. Mar dat woe myn heit net lije, smytlinen fûn er wol goed. Dus dat

diene wy. Dan hiene wy yn in lyts feartsje sa'n 25 smytlinen útstean. Sân

smytlyntsje is neat mear as in stokje yn de grûn mei dêroan in 5 meter line

en in heak. Oan dy heak kaam dan in wjirm. Wy setten sokke smytlinen op

jûntiid út en gongen der dan moarnsier wer bylâns.

Wy wiene noch mar krekt mei dy smytlinen dwaande doe’t wy op in moarn

samar ynienen in jerk oan sa'n line hiene. Want dat kin dan somtiden ek in

inkelde kear barre. Wy wiene der suver mei oan en snijden de line úteinlik

mar troch, sadat de jerk fuort fleane koe. Mar hy wie noch net út it sicht doe

hie ik al spyt. Ik sei tsjin Jehannes: “Dy binne oars ek wol lekker. As der wer

ien oan sit draai ik him de nekke om”.

Dy earste jerke hie dus gelok, mar dêrnei wie it dien mei it gelok foar de

einen. Der binne meardere yn de panne bedarre en se wiene yndied lekker.

Mar meast fongen wy dan fansels wat ieltsjes en ek wolris in mûdhûn. Ik wit

noch dat Jehannes dy altyd meinaam. Ik tink dat syn mem him dêr wat

better mei rêde koe as dy fan my.

Heit wie ek wol oan it skeakelfiskjen. Dêr hie hy ek in fergunning foar. Hy

spande dan in fyn mazich net yn in molkfeart en jage de fisken, mei behelp

fan in twadde net, der dan min of te mear yn. It liket wol wat op it fiskjen

mei steand want. Sa binne Jehannes en ik ris troch it doarp west mei twa

kroaden fol mei bleien. Dy fisken wiene doe oan it paaien yn sa'n opfeart en

sadwaande hiene wy in bêste bút.

Yn ús jongesjierren hâlden wy ús reedlik oan de wet, mar doe ’t Jehannes in

boatsje krige waarden wy wat ûndogensker. Doe namen wy min of mear it

dôberfiskjen oer fan myn heit. Mar dan wol sûnder fergunning, sis mar. Tige

spannend, want je witte dat it net mei en dat der plysjes binne.

Neist it fiskjen gong ik ek wolris, as driuwer, mei jager Hoogterp te jeien.

37


Dan moast ik it wyld op driuwe sadat hy it sjitte koe. Sa kamen wy ek ris by

in feart út dêr’t presys op dat stuit in grutte draaikolk wie. Hoogterp betocht

him net en helle fuortdaliks de trekker oer. It duorre in hoartsje en dêr

kamen twa snoeken boppe wetter. De iene hie de oare yn de bek en it skot

bliek in foltreffer te wêzen. Ja en wy namen alles mei, dus ek twa snoeken

mei in skot hagel yn’e lea.”

It is oant no ta allegearre noch reedlik braaf Germ. Neffens my ha wy noch

net alles boppe wetter. Mar do moatst der noch mar efkes in pear nachtsjes

oer neitinke. Net yn ’e sel, lykas sommige oare streupers, mar gewoan

omdat ik de bern út skoalle helje moat.

Nei in wike “betinktiid” gean wy wer fierder mei ús (plysje)ferhoar.

Okee Germ, we pakke de tried wer op. Wannear is it echt misgien mei dy

streuperij fan dy?

“Doe ’t iksels in boat krige. Ik kocht foar in moai pryske in kajútboatsje mei

in 20 pk Bukh diselmotor. Doe wie de hikke fan de daam. Ik wenne doe yn

Akkrum en wy namen dat boatsje ek wolris mei as wy te aaisykjen gongen

mei de ‘Ald Hij’. Yn it begjin sette ik ris 20 houten dôbers út. Mar ja, as je

dan wat súkses ha wolle je al gau mear… Dus it waarden der al reedlik gau

wat mear as 20.

Doe ’t wy ferhuzen nei Itens waard it der ek net echt better op. Ik learde hjir

bygelyks it ielrikjen fan de ‘lokale’ fiskers en it wie hjir sa lekker rêstich op it

wetter… dus je koene je gong mar gean. Ik gong jûns op paad mei myn

boatsje en sette dan 100 dôbers út. De oare moarns gie ik der wer bydel. As

it dan wat bite woe, hie ik yn ien nacht tiid soms wol 80 iele! Ik ha hjir ek wol

fiske mei ’t hoekwant. Dat is in lange line fan wol 500 meter, mei deroan om

de pear meter in sydline mei in heak. Dat woe ek geweldich fiskje en wie

hartstikke spannend om te dwaan.”

Hoe faak bist tsjin de lampe rûn Germ?

“Nee, ik bin gelokkich nea pakt. Ik ha wolris tocht dat ik betrape waard. Ik lei

doe mei Jehannes Fleer yn de Swette te dôberfiskjen. Ik wit noch dat wy by

’t skimerljocht yn de Weeversbocht dwaande wiene. Ynienen rûn der immen

lâns de kant. Dan ha jo fuortdaliks in bonkjend hert yn ’e kiel. Wy tochten

fuortdaliks dat we oan de beurt wiene. Wy hâlden de azem yn en bleaune

stokstiif stean en de man rûn ús sa foarby. It wie in man út Boazum,

Meindert de Jong. Ik ha him der jierren letter ris nei frege en doe bliek dat hy

ús nea sjoen hie. Mar wat ik doe allegearre die kin hjoeddeis ek net mear. Dy

plysjes binne altyd yn de buert no.”

“Ja, en tichterby dan datst tinkst Germ!”

Ik ha dy noch net heard oer dyn tiid yn Appelskea en Vollehove. Dêr kuieret

ek wol lekker fleis troch de bosken? Koedest dysels dan wat behearskje

Germ?

“Ja, dat gong best. Dat wol sizze ik streupte der gjin fisk en sette ek gjin

strikken as sokssawat. Wat ik dêr wolris die, wie mei opsetsin in hazze

oanride. De measte minsken probearje miskien sa'n bist just te mijen, mar

38


dat die ik net. Ik besocht him krekt te reitsjen en dat slagge ek wolris.

Hartstikke lekker! Frans Visser naam letter ek wolris in hazze foar my mei, as

hy dy lâns de kant fan ’e dyk fûn hie. Dan krige hy fan my in pûdsje sjek mei

werom no. Mar fierder bewarre ik myn streupersaktiviteiten meastentiids foar

de mominten as ik wer ris yn myn ‘thús omjouwing’ wie. Novimber wie

meastentiids de bêste moanne en je moasten fan dy grouwe daupieren ha.

Mei noardewyn bleau ik meastentiids thús, want dan woe net goed. Mar it

alderleafst streupte ik yn selskip fan trije maten. Dan koene je ûnder it

nachtlike wachtsjen moai wat kaarte.”

Hast ek sinten fertsjinne mei de streuperij Germ?

“Nee. Ik ha altyd alles sels opiten of it ferdield ûnder myn maten en “partners

in crime”. It is ek sonde om iel te ferkeapjen. Dêr binne se eins fiersten te

lekker foar!”

Collectes

De kollekte yn Itens foar it “Epilepsie Fonds” hat dit jier it moaie

bedrach fan € 163,- opbrocht. It Epilepsiefonds krijt gjin subsydzje fan

de oerheid en moat it dus ha fan de opbringst fan de kollekte. Elk jier krije

rom 14.000 bern en folwoeksenen de diagnose epilepsie.

Op epilepsie.nl kinne jim mear lêze oer de aktiviteiten dy’t fan dit jild útfierd

wurde kinne. Eltsenien dan ek tige tank foar foar syn/har bydrage hjiryn, benammen

foar de ynset fan de kollektanten Gretha Boonstra en

Johanna Bouma.

Agatha Flier

De collecte voor het KWF heeft dit jaar een bedrag van € 374,85 opgebracht.

Met dank aan de collectanten!

Elisabeth Abels

39


40


Sa wie it nr 7: Sassinga State te Hennaard

Door André A. Buwalda

In het kleine dorpje Hennaard in de gemeente Littenseradeel stond voorheen

de Sassinga State. Deze state heeft een interessant verleden, waarover wel

e.e.a. valt te vertellen. Zo konden de eigenaren en bewoners voor een groot

deel worden gereconstrueerd.

In 1476 overleed op Sassinga State Hans Ottes Sassinga. Hierna komen we

zijn zoon Hans van Sassinga tegen, die omstreeks 1500 op Sassinga State zal

hebben gewoond, gezien zijn achternaam. De bekende (maar niet altijd even

betrouwbare) site van Jellema (https://www.genealogieonline.nl/stamboomjellema/I34851.php)

geeft meer kinderen aan, maar waarschijnlijk had alleen

zijn dochter Doutzen Sassinga nakomelingen. Via haar zal Sassinga State dan

zijn vererfd in de familie. Deze Doutzen was gehuwd met Ruurt van Roorda

en van hun is bekend dat zij in Hennaard woonden. Ruurt staat in 1574 met

zijn naam vermeld op de

'Stiennen Man' te Harlingen.

Zij hadden een zoon Hans

van Roorda, die vernoemd

werd naar zijn grootvader

Hans Sassinga.

Hij woonde op Sassinga State

te Hennaard en ook hij

wordt genoemd op bovengenoemde

'Stiennen Man' te

Harlingen. Hij was in 1563

gehuwd met Rixt van Gerbranda.

Uit dit huwelijk

kwam een zoon, Ruurt van

Roorda, geboren omstreeks

Detail van de Stiennen Man te Harlingen

1575.

Hij huwde zijn nicht Deytsen Binnerts Heringa van Camstra in 1599. Zijn

vrouw was vernoemd naar hun beider oma, Doutzen Sassinga. Het is niet bekend

waar zij woonden, maar wellicht dus op Sassinga State.

Zij hadden twee zonen die beiden in het Staatse leger dienden. De jongste

zoon Jan van Roorda (ook: Johan) was kapitein in het Friese Nassause Regiment.

Verder was hij van 1663-1665 Commandeur van de Langackerschans.

Zijn woonplaats is niet bekend, maar wellicht was dit Sassinga State.

Hun andere zoon was Binnert van Roorda (ong. 1600-1667), die in 1645 luitenant

in de compagnie van kapitein Ernst van Aylva was. Hij woonde te

Dronrijp met zijn vrouw Bauck van Glins.

NB: Deze Bauck had overigens maar liefst vier broers die als officier in het Friese leger

dienden, maar dramatisch genoeg allemaal binnen 9 jaar overleden. De jongste, George

Glins, overleed in 1665 in de Langackerschans, dus was hij daar tegelijk als bovengenoemde

familielid Jan van Roorda.

41


Binnert en Bauck kregen in 1645 een dochter die weer Deytzen heette. In

1677 huwde zij voor de 2e keer met Sjuck Aebinga van Humalda, afkomstig

van Humalda State te Ee waar ze tijdens hun huwelijk dus woonden. In

1702 overleed ze echter als weduwe te Hennaard, dus dat zal dan waarschijnlijk

op Sassinga State zijn geweest.

Uit haar huwelijk met Sjuck werd in 1678 te Ee Frans Binnert Aebinga Glins

van Humalda geboren. Hij trouwde in 1699 in de kerk te Hennaard (!) met

Clara Feyone van Grovestins, dochter van de grietman van Hennaarderadeel.

Hij was de eigenaar van Sassinga State, terwijl hij ook nog Hobbema

State te Dronrijp van zijn moeder erfde. Hier zal het stel hebben gewoond

omdat hun kinderen in Dronrijp werden geboren.

In het overlijdensjaar van Clara, dus 1723, maakte de bekende tekenaar

Jacobus Stellingwerf een tekening van Sassinga State. Alhoewel Jacobus

'vergat' de naam van de state te vermelden, noteerde hij wel dat de state in

Hennaard stond en eigendom was van 'heer Glins van Humalda'. Iemand

heeft later de naam Sassinga met potlood op de originele tekening gezet,

die in het prentenkabinet van het Fries Museum aanwezig is.

NB: opvallend genoeg is deze tekening op internet verder niet te vinden!

Verder noteerde de kunstenaar nog de bewoner van de State, namelijk een

Juffr. Ockinga. De 'titel' juffrouw of juffer, betekende dat ze ongehuwd was.

Feitelijk komt hier dan maar één persoon voor in aanmerking namelijk Sophia

Amelia van Ockinga (1651-1730). Zij was de laatste van het geslacht

Ockinga en ze bleef ongehuwd. In 1730 werd ze bijgezet in het familiegraf

in de kerk te Burgwerd. Ze kwam uit een echt militair gezin, want haar drie

broers waren officier en haar zus huwde een luitenant.

De vraag hoe zij nu op een state kwam te wonen in Hennaard is te verklaren.

Sophia was namelijk een achternicht van eigenaar Frans Aebinga van

Humalda doordat hun beider opa's broers waren. De familiestate in Hennaard

bleef op die manier bewoond door familie, iets wat wel vaker voorkwam.

In 1709 werd Binnert Philip Aebinga van Humalda te Dronrijp geboren, als

zoon van Frans en Clara. Binnert, die in 1766 de topfunctie generaal-majoor

in het leger kreeg, huwde in 1752 met Catharina Johanna van Sminia. Zij

woonden in 1756 in Leeuwarden omdat in dat jaar aldaar hun dochter Clara

Tjallinga werd geboren. Waarschijnlijk was ook Binnert eigenaar van Sassinga

State, zonder er te wonen.

Hun dochter Clara huwde in 1776 met Frans Julius Johan van Eysinga. Zij

trouwden te Langweer en in dat dorp woonden ze in 1780 nog op Osinga

State. Omstreeks 1619 was deze state gebouwd door oud-Schettenser Sijds

van Osinga, die toen grietman van Doniawerstal was geworden.

Osinga State was later echter in het bezit van de familie Vegelin van Claerbergen

gekomen. Frans erfde in 1773 dan ook de state van zijn grootvader

grietman Johan Vegelin van Claerbergen toen die overleed.

42


In 1800 staat Frans ook te boek als eigenaar van Sassinga State, maar ze

zullen de state dus verhuurd hebben.

Hierna stopt het spoor op dit moment, maar de state was tegen die tijd al

veranderd in een boerderij. Dit was helaas het lot van heel veel oude Friese

states.

De site van Kees Braaksma

stinseninfriesland.nl vermeldt nog

dat in 1914 de

boerderij afbrandde en dat toen

ook het oude poortgebouw is afgebroken.

Op de tekening van Stellingwerf

is deze gelukkig nog

afgebeeld.

André A. Buwalda

Schettens

www.andrebuwalda.nl

fam.aabuwalda@home.nl

Nieuws van de 4Doarpen

Altijd op de hoogte blijven van het nieuws in De 4 doarpen? Dat kan door u in

te schrijven voor de nieuwsbrief. Hiermee krijgt u het nieuws als eerste in uw

mailbox. U regelt dit eenvoudig via de4doarpen.nl

43


44


Het dorphuis “De Lytse Fjouwere”

De zomervakantie hebben we weer achter de rug dus de leden van de verenigingen

zijn door de week weer op hun vertrouwde avond hun hobbies aan het

uitoefenen.

Daarnaast hebben we alweer van de eerste “Iepen cafe” en “Film jûn” kunnen

genieten. Ook heeft FDD de activiteiten kalender opgemaakt voor het

komende seizoen. Een mooi gevarieerd programma voor alle doelgroepen van

de Fjouwer Doarpen en mogelijk gaan we nog wat extra activiteiten organiseren

zoals een muziekavondje, want de avond met de “Electric Hollers” was

zeer geslaagd. Al met al hebben we al weer een mooi volle agenda waar wij

als bestuur zeer blij mee zijn.

Zoals eerder al gecommuniceerd

hebben we de

prijzen van de consumpties

iets moeten verhogen

ten gevolge van de

BTW verhogingen. Ook

zijn we na de vakantie

begonnen met een nieuwe

kassa en pinsysteem.

De bar vrijwilligers

hebben een training

gehad over het

nieuwe systeem en we

hoorden al snel: Dit is een makkie. Gelukkig wordt er al veel gebruik gemaakt

van het pin betalingsysteem en de eerst avonden ging al meer dan 65% van

de betalingen per pin.

We hebben Jan Kamstra, Jan Hoitema en Jan Gerben Strikwerda alias “de

3J’s” bereid gevonden om samen met ons een onderhoudsplan te maken voor

de komen de jaren. Daarnaast moet ook ons dorpshuis in 2030 energieneutraal

zijn. Met dit plan willen we maximaal gebruik maken om gelden te krijgen

van de gemeente en subsidie verstrekkers.

Oant sa fier,

Bestjoer ” De Lytse Fjouwere”

Gemeente info enzo

Link naar afvalkalender in gemeente Súdwest Fryslân:

https://afvalkalender.sudwestfryslan.nl

Link naar vrijwilligersacademie:

https://www.doarpswurk.frl/nieuws/trainingen-en-cursussen-vrijwilligersacademie-fryslan

45


Column - Simmer yn Fryslân

Troch Elisabeth

Neffens my kinne wy sizze dat, wat it waar

oangiet, wy in prachtich moaie simmer hân

hawwe. Moai waar en in protte lange simmerjûnen!

Om’t wy dit jier mei ús gesin beslúten hienen

dat wy net mei fakânsje soenen, like it ús wol

aardich omris op paed te gean yn ús eigen provinsje.

Want der komme elts jier in soad toeristen

nei Fryslân, wêr komme dizze minsken eins foar en wat dogge sy yn Fryslân?

Om’t ik sels yn de toerisme wurksum bin, bin ik dêr ek wol nijskjirrich

nei. Want sels fleane wy der yn de simmer faaks op út nei in oar lân, foar it

moaie waar, in oare omjouwing en in oare kultuer.

Dizze simmer dus ‘Tuinesia’ yn Itens foar ús en de bern foenen dat ek wol

bêst. Wy hawwe in hearlike tún, wer’t wy lekker sitte kinne en ús útsicht en

sinsûndergong is fansels net te beteljen. Al gau stie der in tintsje yn de eftertún

en it fakânsjegefoel wie der al! Lêste skoaldei in feest, noch in kear

keatse op it sportild en fansels Spulwike folge, de start fan de simmerfakânsje

foar de basisskoallebern yn “Littenseradiel”.

Yn it Kulturele haadstêd jier binne der yn Fryslân 11 fonteinen kaam, fansels

yn de alve stêden. Mei it boadkipjen hienen wy de fontein yn Ljouwert, Snits,

Frentsjer en Boalsert alris sjoen, mar wy wienen eins ek wol benijd nei de

oare fonteinen.

Dus wy op in moaie jûn nei Warkum, better bekind fan it Jopie Huismanmuseum.

Auto moai yn it stêdsje parkearre, in moaie kuier troch Warkum en

op syk nei de fontein. It duorre efkes, mar wy ha ûndertusken in moaie

stêdskuier troch Warkum makke; jammer dat it op jûn wie en de winkeltjes

ticht wienen. En doe de fontein, ja wy hawwe him fûn, “de Woeste Leeuwen

van Workum”. Tja, wat foenen wy derfan? Noja, elts syn smaak sille wy mar

sizze ;-), hy wurke yn elts gefal en is tige bysûnder…

De oare wike stie Drylts op de aginda, wat tichter by hûs. In wie op sneintemiddei,

wy hienen fan internet in kuier troch Drylts printen. Ja, wy wienen

wolris earder yn Drylts west, mar dan fanôf it wetter, mei in boatsje.

No gienen wy earst fia it pontsje troch de Rúterpolder te kuierjen en kaamen

fia de ‘overtuinen’ fan Drylts wer werom yn it stêdsje, moai hear! Derneist:

se ferkeapje ek lekker ijs op it terras, ticht by de brêge! Mar it doel wie fansels

de fontein, “de Onsterfelijke bloemen”. Neist houtzaagmolen de Rat

hawwe wy him fûn, de fontein is tige fleurich! Hy stiet op in moai plak by de

molen en it nije museum Houtstad IJlst.

De fytsers yn ús gesin hawwe noch in dei op ‘e trapers west, fanút Sleat nei

Starum, want dy rare fisk-fontein hienen wy allinnich noch mar op de foto

46


sjoen! Starum hat “De vis voor Stavoren” in grutte nuvere fisk, mar foenen

him tige spectaculair! Fansels hawwe wy noch in rûntsje troch Starum dien

om it “ Vrouwtje fan Stavoren”net te missen. Doe’t us fytsers werom yn Sleat

wienen kaamen sy der efter dat sy moarns earder de fontein fan Sleat foarby

fietst wienen… Kievit! Ek in tige bysûndere fontein en Sleat is fansels in

prachtich plakje om efkes troch te rinnen, as de lytste fan de alve stêden.

En doe waard it sa tige waarm, de dagen dernei hawwe wy in soad yn it

swimbad west. Wat treffe wy it mei in hearlik swimbad sa ticht in de buert, ik

ha it dan oer de Klomp yn Wommels. Mar ek yn Wytmarsum is in moai

bûtenswimbad. En op it strân fan Makkum is it ek goed wêzen mei it waarme

waar. Swimbroek, handdoek en wat te iten mei, en je binne de hiele dei

‘onder de pannen’.

En no de lêste fonteinen noch, dy hawwe wy noch net besjoen. Harns, Hylpen

en Dokkum; wy sille der ynkoarten mar ris lâns, want neffens my geane de

fonteinen yn de winter út. En dat is wol spitich as je fontein ‘spotte’wolle!

Neist ús útstapkes yn Fryslân, lâns de fonteinen, hawwe wy fan de simmer ek

wat eveneminten yn de provinsje besocht; de ballonfeesten, it fierljeppen en

de Freule…

Oare kear skriuw ik graach der in stikje oer.

Bibliotheek Wommels

Contactpersoon: Mevr. E van Wier => 0515 – 33 20 00

bibliotheekwommels@bswf.nl

maandag 13.30 - 18.00 uur

woensdag 13:30 - 18:00 uur

vrijdag

13:30 - 20:00 uur

Bibliotheek

47


48

More magazines by this user
Similar magazines