07.10.2019 Views

Diggelfjoer 38-1 oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Ik bliuw it knap finen en

tink dat net elkenien sa´n

wiis mar yngripend beslút

nimme koe. Mar koene wy

jimme net behâlde foar de

ouwer doarpen? Jimme

hiene yn Itens ek wol in

hûs bouwe kinnen?

´Ja, dat hie kinnen. Mar

mei it each op ús âlde dei

ha we dochs keazen foar

in wat grutter doarp, mei wat mear fasiliteiten. It doarp hat ek mear oan in

húshâlding mei twa lytse bern dan oan ús. Mar wy ha mei de bou fan dit hûs

de middenstân fan de ouwer doarpen noch wol stipe hear! Se binne hjir hast

allegearre west.

Ek noch each foar de ekonomy fan de 4 doarpkes dus. Mar wannear sjogge

wy jimme dan wer werom yn ús doarpkes? Tjeerd: “Ik sil foar it earst noch in

soad yn en troch it doarp komme. Fierder bliuw ik ek gewoan yn it bestjoer

fan de iisklup sitten en mei it kaartspyljen sil ik ek wer fan de partij wêze.”

Anita: “Nooit, denk ik. Ik kan niet kaarten, niet kaatsen en ook niet biljarten

of darten. Dus ik denk dat dit het was.” Jeu de boulles dan? Dat kan

iedereen. “Ja, jeu de boulles. Dat zal het dan worden”.

Wat sille jimme it meast misse oan de ouwer doarpkes? “De bining tusken

de minsken ûnderling. Dat sil hjir grif minder wêze. Sa as it mei-inoar

ferbouwen fan it doarpshús of doe’t ús bern noch op skoalle sieten. Dat wiene

de moaiste tiden. Wy ha altyd mei in protte nocht yn de ouwer doarpen

wenne, al wennen we feitlik yn Easterein, wy fielden ús thús yn de ouwer

doarpen.”

Sa ferlieze wy oan Tjeerd en Anita dochs twa minsken mei in waarm hert foar

de mienskip fan de 4 doarpen. Wy hoopje fansels dat sy it yn Wommels ek

nei de sin ha sille en dat wy harren hjir nochris werom sjogge.

Dan is it tiid wurden om ús petear ôf te rûnjen en om in foto te nimmen.

Lykwols op nij sjitte der dan helptroepen ta. Tjeerd komt mei in usb-stick

oansetten en fertelt my dat der twa foto´s op stean, ien fan it âlde stee en

ien fan it nije hûs. Syn fraach: of ik de beide foto´s oan inoar plakke wol foar

it Diggeloer… “Ja, moai al dy help mar der binnen fansels grinzen.

Jimme ha gewoan gjin nocht om op de foto te gean!” No ja, dat is dan eins ek

wol wat sa. Dus syn fersyk slaan ik yn de wyn en mei wat help fan dochter

Amarins set ik Tjeerd en Anita tegearre, mei buorkerijhûn Bo, dochs noch op

de foto. Bo is mei ferhuze nei Wommels ta, de katten binne efterbleaun.

Jimme krije allegearre de hertlike groetnis fan Tjeerd en Anita

en binne fan herte wolkom foar in bakje koe oan de Ljurk 9 yn Wommels.

8

Watse (en Evert)

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!