BOEKJE_2025_v12
Transform your PDFs into Flipbooks and boost your revenue!
Leverage SEO-optimized Flipbooks, powerful backlinks, and multimedia content to professionally showcase your products and significantly increase your reach.
It giet d’r oan yn Fryslân Jelsum-Koarnjum!
Foar jo leit it programmaboekje fan it Doarpsfeest 2025 dat plakfynt op 5, 6 en 7 septimber! It hiele
feestwykein sil yn it teken stean fan Fryslân mei as tema dit jier It Giet D’r Oan! Wy hoopje dat dit
tema net allinnich op it Feestterrein werom te sjen is mar ek yn de strjitten fan Jelsum-Koarnjum.
Dochsto ek mei mei dyn buorlju? Us grutte tank giet wer út nei alle frijwilligers, sponsoaren en
doarpsgenoaten dy’t ús holpen hawwe en noch helpe sille om dit moaie feest foarinoar te krijen!
It Feestterrein (oan de Martenawei, efter de kantine fan D.T.D.) is op freed 5 septimber fan 12:00
oere ôf iepene. Wy begjinne it wykein tradysjegetrou mei de spultsjes foar de bern, mar ditkear
krekt efkes yn in oar jaske. Sirkus Salto komt del om de bern mei te nimmen yn’e wrâld fan it sirkus,
workshops en in echte einshow mei ús bern yn’e haadrol.
Net stinne mar hinne, âlden komt dat sjen!
Neist ús jongste jeugd, wurdt der foar ús âldste jeugd (de jongerein fan eartiids) de ferneamde
Aldereinbingo wer fan stâl helle. Oanslutend makket de VRIJMIBO de warming-up foar it wykein
kompleet.
Freedtejûn ferwachtsje wy ûnder de muzikale begelieding fan Joop Obama & The Presidents de
tinte kompleet om te toverjen mei ús moaie Fryske kultuer / styl. Koartsein kom ferklaaid en let op:
de moaiste wint in priis!
Sneon begjinne wy dit jier wat minder aktyf as oare jierren, yn stee fan it lichem yntinsyf switte te
litten, wurde no de harsens op de proef steld mei de profesjonele Marley’s PUBQUIZ! Al kinne wy
net tasizze dat it allinnich mar stil sitten wurdt. Ferjit dy net op te jaan! De pubquiz rint moai oer nei
it matinee, dêr’t Gaatze Bosma oanslute sil om ús te foarsjen fan muzikale stipe by it nuttigjen fan in
hapke en in drankje.
Sneontejûn begjinne wy knallend mei de heavy metal / hardrockband Bildtstar en dat is noch mar
it begjin. Steyn Land, De Hûnekop ft. Oele Plop en De Kroegtijgers meitsje dizze Fryske line-up
kompleet! Tochten wy... Dochs is der in âlde bekende dy’t hjir oars oertinkt.
Wa is dizze MYSTERY GUEST?!
Sneintemoarn start de dei mei it keatsen! De fertroude sneintemiddei sil wer yn it teken stean fan
gesellichheid, in praatsje mei âlde bekenden, in hapke en in drankje, de F1 op grut skerm en hooplik
mei prachtich moai waar! Lang ferhaal koart, mei it Sneinmatinee hoopje wy it Fryske wikein
kompleet te meitsjen. Tegearre mei dweilorkest De Útlopers, DJ Jan Augenbroe & Chiel Zingt,
Feest DJ Sipke en Pieter Sahieter slute wy it Doarpsfeest knallend ôf!
Elkenien nochris betanke foar syn of har bydrage oan it feest. Hoe mear minsken meihelpe, hoe
minder wurk it foar elkenien is. It Doarpsfeest is fan ús allegear – lit ús der no, mar ek yn’e takomst,
mei-inoar in topfeest fan meitsje! Want sûnder jimme, is der gjin Doarpsfeest.
Mei feestlike groet,
It Feestbestjoer De Twa Doarpen
Bauke Beert
Nanno
Marco
Geert
Femke
Marrit
Rico
Folkert
Yke Jelmer
Kontakt
Bauke Beert: 06-45 01 27 41 fvdetwadoarpen
Marrit: 06-25 53 14 18 feestverenigingdetwadoarpen
Folkert: 06-11 11 14 19 detwadoarpen@hotmail.com
Nanno: 06-11 21 01 12
Geert: 06-25 26 38 78
Marco: 06-11 60 08 76
Rico: 06-30 00 19 57
Oare meidielings
- Dielname oan aktiviteiten op it Doarpsfeest binne hielendal op eigen risiko.
- By de yngong fan it Feestterrein wurde polsbantsjes útdield sadat
barpersoniel sjen kin wa’t wetlik sjoen alkohol nuttigje mei. Legitimaasje is
dêrby ferplichte! Sûnder legitimaasje gjin tagong.
- It is net tastien om te smoken yn de tinte (in eventuele boete sil ferhelle wurde
op de oertrêders).
- It is net tastien om jûns it fuotbalfjild / dug-outs yn te gean.
- In oere nei ôfrin fan de muzyk sil it terrein sletten wurde.
- De blauwe munten fan ferline jier binne ek noch jildich!
- Op sneontejûn jildt derút is derút, dus bliuw op it terrein!
DJ Funky Fokke
De man dy’t yn stee fan bloed, muzyk troch syn
ieren streame hat is der (hooplik) wer by. Dat ûnderwilens
fêste gesicht op ús doarpsfeest sil it feest wer
offisjeel iepenje mei in knallende VRIJMIBO.
DJ Gerrit van der Meulen
Bekend fan ûnder oare Kafee De Kantelaar yn
Ljouwert, wit er as gjin oar hoe’t er in feestje bouwe
moat. Mei syn oansteklike beats en feilleaze gefoel
foar it goede nûmer op it goede momint soarget er
derfoar dat nimmen stilstean bliuwt.
Joop Obama and the Presidents
Joop Obama and the Presidents is in coverband
mei in rockend rantsje! De band bestiet út fjouwer
profesjonele entûsjaste muzikanten. Mei entertainer
Joop Obama as frontman stiet dizze band garant
foar in eksploazje fan knallers! It repertoire is ryk
fan in rantsje rock! Fan bonkehurde nederpop en
klassike meisjongers oant in strakke dûnsplaat en
in lekkere rockmedley! Mei Joop Obama and the
Presidents is it garandearre feest!
Gaatze Bosma
Gaatze Bosma is in jong oanstoarmjend talint. De
sjonger út De Westereen wurdt troch RadioNL
“Ien fan de meast talintearre libbenssjongers fan
it Noarden” neamd. Heech te priizgjen mei lef,
entûsjasme, muzikaliteit, nuchterens, humor en in
geweldich stimlûd stiet er garant foar in gesellige
jûn. Optredens fan Gaatze binne ien grut feest fan
werkenning.
Bildtstar
“Rauw, oldschool en snel, met een vleugje klassieke
rock -’n-roll” — dat is Bildtstar. De band stiet bekend
om meislepende liveoptredens. Dizze dreaune
manlju hawwe wurke om harren muzyk mei de
wrâld te dielen. Net wurch te krijen! Dat resultearre
yn de release fan harren debút-EP Burning after
Midnight. Sûnt dy tiid hawwe se net stilsitten en trije
nije singles útbrocht. It absolute hichtepunt? De
rockballad Au Revoir, wêrmei’t se as earste nijkommer
ea de nûmer ien posysje yn de Fryske Top 100
berikten. In ûnwisse prestaasje dy’t har groeiende
populariteit ûnderstreket.
Steyn Land
Steyn Land is in opkommende Fryske artyst dy’t yn
2023 bekendheid krige mei syn oansteklike muzyk.
Syn debútsingle Teeny Teeny waard in hit en hat bydroegen
oan syn groeiende populariteit. Mei mear
as 850.000 streams op Spotify soarget hy derfoar
dat elke feesttinte út syn dak giet en is hy in grutte
namme wurden yn de Fryske feesten en festivals.
De Hûnekop
De Hûnekop jout op eigenwize de stim fan de
Fryske arbeider wer. Oprjochte yn 2009 troch Emiel
Stoffers, mei Bart Scheffers op drums, Rik Alsma
op bas en Jeroen Seinstra op gitaar, hat de band
yntusken withoefolle optredens en albums útbrocht.
Country en punk stean oan de basis fan de
muzyk, mar makket de band graach útstapkes yn
alderhande rjochtingen. Mei in ûnpolyste sound en
de ynstelling fan “Niks moet, alles kan” meitsje se
fan elk optreden in enerzjyk spektakel fol humor en
werkenning!
Oele Plop
Tegearre mei De Hûnekop stiet Oele Plop op it
poadium. Oele Plop brocht ek al platen út mei ús
oare gasten De Hûnekop en Steyn Land. Wêrûnder
“Bier, Beerenburg en Monstershot.” Moatte wy noch
mear sizze?
Kroegtijgers
De Kroegtijgers, oftewol de DJ’s Dan Daniels & Mr
FerD. Dit knotsgekke Duo set de tinte folslein op’e
kop. Fan urban nei 80’s en fan house nei hits! Gekker
wurdt it net. Sneontejûn komt dit duo ús wer
bliid meitsjen mei harren miks!
Mystery Guest
Dizze man hat hielendal gjin yntroduksje nedich.
Witsto al wa’t it is?
De Útlopers
De Útlopers út Snits is in dweilorkest út Fryslân dat
garant stiet foar feest. Se reizgje mear as fjirtich kear
yn it jier mei harren eigen bus troch binnen - en
bûtenlân om de meast útienrinnende feestlike gelegenheden
kompleet te meitsjen. Gjin trochsneed
orkest, mar in unike band mei in eigen sound dy’t
de rântsjes opsiket en op it plak sels ynspilet op wat
nedich is.
DJ Jan Augenbroe
“JA hoooooii!” In fêst gesicht achter de draaitafel
yn Kafee De Ouwe Stoep en de rest fan de Doelesteech!
Skrobje de sneintejûns, want dan fleane de
meisjongers dy om’e earen mei dit feestbist achter
de draaitafel!
Chiel zingt
It feestje is hielendal kompleet as Chiel sjongt!
Sadree’t er syn gitaar yn hannen hat feroaret dizze
man yn in minsklike jukebox! Hy sil dy sneintejûn
tegearre mei DJ Jan Augenbroe wer fan hearlike
muzyk foarsjen!
Feest DJ Sipke
Allround yn de breedste sin fan it wurd en folslein
‘muzykneutraal’! Feest DJ Sipke lûkt wapene mei de
bêste hits fan festival nei feesttinte, fan de kroech
nei de keet en werom. Troch syn flotte wize fan
draaien en ynteraksje mei it publyk makket er fan in
feestje in FEEST! Sipke pakt dy op en litst net mear
gean.
Pieter Sahieter
Dè Hardstyle-feest DJ fan Fryslân is net mear fuort
te tinken út de Fryske wrâld. Nei hits as Woanskip
mei Anneke Douma, In Nije Dei mei De Kast en Gjin
Gesodemieter mei De Doelleazen, is Pieter Sahieter
útgroeid ta dé ôfslútact fan de Fryske feesten en
festivals.
Advertorial
It grien oan oan
grien It
Goed nijs foar alle Feestfierders yn Jelsum-Koarnjum:
it
dit jier wurdt einliks wer Heineken skonken op it
dit op skonken Heineken wer einliks wurdt jier
Doarpsfeest!
Goed nijs foar alle Feestfierders yn Jelsum-Koarnjum:
Doarpsfeest!
jierren ôfwêzigens it biertsje Nei fan is fertroude mei
Nei jierren fan ôfwêzigens is it fertroude biertsje mei
fan gesellichheid, oantinkens dé bekende smaak fan gesellichheid, oantinkens en en
dé bekende smaak
mienskip wer mienskip wer werom op us feestterrein!
werom op us feestterrein!
En dat is no krekt wêr it ús doarpsfeest om draait!
En dat is no krekt wêr it ús doarpsfeest om draait!
no foar muzyk, sweef gewoan
Oftst no komst de foar of de Oftst muzyk, komst de de sweef of gewoan
foar de sfear: it wurdt wer âlderwetsk genietsje
de sfear: it wurdt wer âlderwetsk mei in kâlde Heineken yn ’e hân.
Tsjoch!
Tsjoch!
mei in kâlde Heineken yn ’e hân.
Troste deisponsor fan it LED-skerm!
www.meclube.nl
Uw woning
in Koarnjum of
Jelsum via Hoekstra
verkocht ?
Dan doneert Hoekstra € 150,- aan
Het Feestbestjoer
De Binning
én D.T.D!
Voor elke woning In Koarnjum en Jelsum die
wordt verkocht via Makelaardij Hoekstra
doneren wij €150,- aan D.T.D., De Bining én
Het Feestbestjoer*
* deze actie duurt tot 15 september 2026
Melkveebedrijf Brunner
Mts. Heslinga en Heslinga
Mts. Van der Burg
Melkveebedrijf De Jong
Joussenpleats
Biologisch melkveebedrijf Frisohiem
Melkveebedrijf Hooghiemstra
Melkveebedrijf Nell
Firma Ubbels
Nicolay VOF
Wijnsma Mechanisatie
Us doarpsfeest soe fansels neat wêze
sûnder de help fan ús agrariërs!
It optreden fan Bildtstar begjint sneontejûn al om 20:30!
Wês der dus op’e tiid by!
Bist derby? Dan makkest kâns op ien fan de 5 sinjearre
Bildtstar shirts!
Fan 19:00 oere ôf stiet de muzyk yn de tinte al waarm te
draaien. Oant dan!
SPONSOREN
GEZOCHT
Help ons groeien!
Word sponsor van vv DTD.
Interesse? Neem contact op via
06 5147 5925
Britsum - 06 29 90 96 37
De entreebantsjes wurde ek dit
jier wer mooglik makke troch
ANNE-FAMKES PLEATS
WIJ WENSEN JULLIE EEN
GEZELLIG DORPSFEEST!
O E T V
A L B
NKOM
B I J
EENS
LANGS & TRAIN
VRIJBLIJVEND
MEE!
E L
D T D ?
OF NEEM CONTACT OP VIA 0622561385
Boarnsylsterwei 13a 9057 RD Jelsum
06-51607248
De mysteryguest wurde jo mei
mooglik makke troch
Eksklusyf by
ús op it
feest!
Monstershot
yn lytse
fleskes!
Hast sin oan in pûdsje sjips of in rûntsje yn’e sweef?
It hiele wykein kinst in meter bierglêzen / plestik ynleverje by
de bar. Hjir krijst dan in sweefmuntsje of in pûdsje sjips foar
werom!
DOARPSFEEST JELSUM-KOARNJUM
IT GIET D’R OAN!
FREED 5 SEPTIMBER
12:00 – 02:00 Feestterrein iepen
12:00 – 12:30 Lunsj foar de (skoalle)bern
12:30 – 14:00 Berne-aktiviteit mei Circus Salto
13:40 Sirkusshow, mei yn de haadrol ús eigen bern,
Alden en begelieders, kom dat sjen!
15:00 – 16:30 Bingo Alderein
16:30 – 20:00 VRIJMIBO sûnder Funky Fokke
20:00 – 22:30 DJ Gerrit vd Meulen
22:30 – 02:00 Joop Obama & the Presidents
Alle bern út Jelsum, Koarnjum en Britsum binne wolkom by de lunsj en spultsjes! Om 13:40 oere hinne sille
de bern har sirkus keunsten demonstrearje yn in eigen sirkusshow. Alden en begelieders, kom dat sjen!
Freedtejûn is opnij ferklaaid nei de tinte yn it tema: Fryslân, IT GIET D’R OAN!
SNEON 6 SEPTIMBER
12:00 – 02:00 Feestterrein iepen
13:00 – 13:30 Ynrin Marley’s PUBQUIZ 14:00 – 17:00 Jongereinkeatsen
13:30 – 15:00 1e diel Marley’s PUBQUIZ 14:00 – 15:00 Formule 1 Kwalifikaasje
15:00 – 15:30 Matinee mei Gaatze Bosma MONZA op grut skerm
15:30 – 16:30 2e diel Marley’s PUBQUIZ
16:30 – 17:00 Matinee mei Gaatze Bosma
17:00 – 17:30 Priisútrikking Marley’s PUBQUIZ
17:30 – 18:00 Matinee mei Gaatze Bosma
19:00 – 20:30 DJ Gerrit vd Meulen Reguliere entree:
20:30 – 21:30 Bildtstar Freed- en sneontejûn: €15,-
21:30 – 22:30 DJ Gerrit vd Meulen Snein: fergees
22:30 – 23:00 Steyn Land
23:00 – 00:30 De Hûnekop ft. Oele Plop
00:30 – 02:00 Kroegtijgers & MYSTERY GUEST
Opjêfte mooglikheden foar Marley’s PUBQUIZ fine jo yn dit boekje.
SNEIN 7 SEPTIMBER
10:00 – 16:00 Keatsen
12:00 – 22:00 Feestterrein iepen
15:00 – 17:00 Formule 1 Grutte Priis fan MONZA op grut skerm
17:00 – 19:00 Matinee mei dweilorkest De Útlopers
19:00 – 21:00 DJ Jan Augenbroe & Chiel Zingt
21:00 – 21:30 Feest DJ Sipke
21:30 – 22:00 Pieter Sahieter
Entree doarpsgenoaten
Dit jier wurkje we allinnich noch mar mei ticketferkeap. Alle doarpsgenoaten hawwe
in flyer krigen mei dêrop in QR-koade wêrmei’t je de tickets bestelle kinne.
Hast de flyer net mear? Hy stiet noch in kear efter yn dit boekje of sjoch oars efkes op
www.kaartsjes.frl/jk
Circus Salto
Freedtemiddei stiet yn it teken fan de aktiviteiten foar de basisskoallebern. Dit jier dogge wy it krekt efkes
wat oars as oare jierren. Circus Salto komt del om in echte sirkusshow op te fieren, hjirnei kinne de bern
workshops folgje om úteinlik ta ôfsluting fan de middei sels in show del te setten!
Circus Salto is het levenswerk van Sander Balk, die al als kind droomde van een eigen circus. Samen met
zijn altijd eigenwijze buikspreekvogel Charlie beleef je keer op keer verrassende momenten vol humor en
magie. Circus Salto combineert spectaculaire acrobatiek, verbluffende jongleerkunst en klassieke circusacts
tot een show die jong en oud verwondert. Sander neemt je mee in de droomwereld die hem als kind
betoverde.
Alden, boeren, boargers en bûtenlju en oar heecheare publyk binne fan 13:40 oere ôf fan herte
útnûge om de spetterjende Swirrel Circusshow te sjen!
Alderein Bingo
Op’e nij keart de Alderein Bingo, mei it fertroude gesicht fan Bauke Beert Keizer as presintator, wer werom
as fêste prik op de freedtemiddei. Yn gearwurking mei de Bining en it Ouderen Project wurdt de âldste
jeugd fan Jelsum-Koarnjum wer foarsjoen fan in gesellige middei ûnder it genot fan in hapke en in drankje.
De prizen binne ek dit jier, tanksij ús sponsoaren en de soarchfâldige ynkeapfeardichheden fan ús aktiviteitekommisje,
wer de muoite wurdich om fanatyk mei te stimpeljen op’e bingokaarten!
Freedtemiddei 15:00 oere, sil Bauke Beert it startskot jaan foar dizze fanatike mar foaral gesellige middei!
Strjittefersiering
Twa jier lyn hawwe wy as bestjoer besletten dat wy net allinnich it Feestterrein omtsjoene wolle nei it jierlikse
tema, mar hoopje wy ek dat alle strjitten meidwaan sille yn it Feestwykein! Yn 2023 wie der allinnich
in oprop om dyn eigen tún te fersieren, wat troch mannich Doarpsgenoat geweldich oppakt waard! Dêrom
kaam yn 2024 de oprop om as strjitte mei te dwaan oan dizze aksje. En mei sukses! Wa’t ferline jier tidens it
Doarpsfeest 2024 de doarpen yn kaam, belâne yn in wiere cartoonwrâld. Mar wat it Feestbestjoer it measte
opfallen is, is dat de strjitten in oantal wiken nei it Doarpsfeest massaal meidien hawwe oan de jierlikse
Burendag. Wy hoopje dan ek dat ôfrûne jier de start west hat fan moaie ferbinings yn alle strjitten: leaver in
goede buorman as in fiere freon!
Ek dit jier wolle we graach wer alle strjitten fan Jelsum-Koarnjum oproppe om mei te dwaan oan de Strjittefersiering,
dit jier yn it tema Fryslân. Fan pompeblêden oant skûtsjes, fan keatsperken oant sûkerbôle. Alles
mei, alles kin, meitsje it sa grut ast sels wolst! De faksjuery sil by it Doarpsfeest alle strjitten bewûnderje en
úteinlik in winner kieze. Witte jo noch wat de priis wie? Dat prachtige strjitnamboerd mei de tekst “Feeststrjitte
fan it jier”! Dizze gie ferline jier nei de David van Goirlestrjitte en sil dit jier opnij in plakje krije yn de
winnende strjitte! Alle foargeande winners (sûnt 2024) wurde mei de strjitnamme grafearre yn it boerd,
sadat dy nea fergetten wurdt.
Freed 5 septimber
Lunsj
foar de
bern
Berneaktiviteit
mei Circus Salto
Sirkusshow
Bingo Alderein
VRIJMIBO sûnder
Sneon 6 septimber
Formule 1
Kwalifikaasje
Jongereinkeatsen
Snein 7 septimber
Keatsen
Formule 1 fan Monza
op grut skerm!
Matinee mei d
De Útlopers
10:00
11:00
12:00
13:00
14:00
15:00
16:00
17:00
10:00
11:00
12:00
13:00
14:00
15:00
16:00
17:00
Feestterrein iepen fergees
Ynrin
Marley’s
PUBQUIZ
1e diel
Marley’s PUBQUIZ
Matinee
2e diel
PUBQUIZ
Matinee
Priisútrikking
Matinee
PUBQUIZ
10:00
11:00
12:00
13:00
14:00
Feestterrein iepen fergees
15:00
16:00
17:00
Feestterrein iepen fergees
Funky Fokke
DJ Gerrit vd Meulen
Joop Obama & the Presidents
18:00
19:00
20:00
21:00
22:00
23:00
24:00
Feestterrein iepen mei entree en ferklaaid nei de tinte!
01:00
02:00
DJ Gerrit vd Meulen
Bildtstar
DJ Gerrit vd
Meulen
De Hûnekop
ft. Oele Plop
Kroegtijgers &
MYSTERY GUEST
18:00
weilorkest
DJ Jan Augenbroe &
Chiel Zingt
18:00
19:00
20:00
19:00
20:00
21:00
Feestterrein iepen mei entree
22:00
23:00
21:00
22:00
24:00
01:00
02:00
DJ Sipke
It IT GIET D’R OAN! shirt 2025!
As’t him no bestelst dan kinst ‘m de
earste dei fan it Doarpsfeest ophelje yn
de tinte. Mar wês der gau by want de
oplage is beheind! Dus bisto grutsk op
ús Doarpkes en ús Doarpsfeest? Bestel
dan no dit bjusterbaarlike, eksklusive
shirt! Net stinne mar op it Doarpsfeest
der moai by rinne!
No eksklusyf te keap!
Foar mar 15 euro of 5 muntsjes!
Wolsto wis wêze fan in shirt?
Sken de qr-koade om te bestellen
FUORT = FUORT
En hjir noch wat foto’s fan it prachtige feest fan ferline jier!
Levert ek dit jier wer de striepakjes,
EN NEE NET MEI SMIETE DIT JIER,
dat doche jim mar mei minsken.
Beste ondernemer,
Ben jij hard aan het werk, maar
blijft er weinig over?
Samen kijken we waar jij winst
laat liggen.
Plan een gratis
kennismakingsgesprek in via:
058 203 8058
Info@vanderwerffcontrolling.nl
DÉ SCHILDER VOOR
STIENS EN OMSTREKEN
PROFESSIONEEL
SCHILDERWERK
BINNEN EN BUITEN
GLASVEZEL
PERIODIEK ONDERHOUD
Finne 20 | 9055 MN Britsum | 06-20598323
info@schilderwerkendijkstra.nl
SNEEK IS
MEER DAN
WATER
DE ÉCHTE SNEKER BEERENBURG,
NU IN EEN BLIKJE MET COLA!
OOK VERKRIJGBAAR
IN DE SUPERMARKT!
WEDUWEJOUSTRA.NL
Tanksij de fleanbasis dit jier wer lûd en elektra op it doarpsfeest!
VLIEGBASIS LEEUWARDEN
KONINKLIJKE LUCHTMACHT
NIEUW!
DE VERNIEUWDE VMS TM V300 SERIE
De VMS melkrobot, die al is
uitgerust met onze geavanceerde
robotarm en intelligente
3D-camera, kan nu nog sneller en
comfortabeler melken. De ruimere
box is geschikt voor alle koeien in
jouw kudde.
Ook zorgt Flow-Responsive
Milking voor een stabiel vacuum
onder de speen per kwartier.
Dit betekent dat jij jouw koeien
kunt melken naar hun volledige
potentieel.
INTELLIGENT:
DELAVAL PLUS
MEER FLEXIBILITEIT:
RUIMERE BOX
TEDER EN SNELLER:
FLOW-RESPONSIVE
MILKING
+
3D CAMERA - SLIM EN SNEL:
INSIGHT
NIEUW
+
REINIGEN EN VOORBEHANDELEN:
PUREFLOW
NIEUW
+
Wil jij betere uiergezondheid, meer
capaciteit op de robot of heb jij een
ander doel? Scan de QR-code en
ontdek wat de vernieuwde VMS TM
voor jou kan betekenen.
WYNSMA
MECHANISATIE
Mr. P.J. Troelstraweg 228
8949 AG Leeuwarden
058 266 15 55
www.wynsmamechanisatie.nl
Troste deisponsor fan it LED-skerm!
afuk.frl
St. Jacobsstraat 18, Leeuwarden
Telefoon (058) 2123808
Iedere dag open vanaf 16.30 uur
WEAR YOUR PRIDE
ORDER NOW -
SHIPPED
WORLDWIDE
www.fryslanworldwide.com
Bernetinte Draaimûne
Húskes
Ballebak
Sjittinte
Poarte
Springkessen
Snacks
Feesttinte
Sweefmûne
Plattegrûn
Doarpsfeest 2025
Yngong
Toutsje lûke