04.05.2013 Views

doarpsblêd Jaar - t Havenpypke

doarpsblêd Jaar - t Havenpypke

doarpsblêd Jaar - t Havenpypke

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Us skoaljuffer

11

Wy hawwe hjir, oan 'e Wytgaarder skoalle,

Al hiel lang ferlyn, in juffer han.

Wy ha' dy bernejierren yn de skoalbanken,

noch as sa klear foar it ferstan.

Lyts, mar och sa krigel wie hja.

Net samar wat, die se har wurk.

Mar mei alle leafde en tige soarch,

mei hert en siel, sa't elk wol murk.

Har heit en mem hiene in bakkerij,

Dy't yn 'e buorren, oan de haven stie.

Dat wie dan ek har thus en de famkes,

Har al opwachten as 't wer skoaltiid wie.

Noch yn 'e tiid fan griffel en laai,

De spûnsdoazetiid wie noch net oer.

Dy earste streekjes, tusken en yn 'e rigele,

Har han joech dan mei it juste stjoer.

Sa kamen en gongen dan alle jierren,

Dy lange en almar lange rigele bern.

Al dy nije gesichten en ferskate aarden,

Mei alle nocht koe hja dat allegear besjen.

Underwiis: it is altyd oan it feroarjen,

En moat dan op 'e tiid de beakens ferset.

Juffer rûn dêryn suver noch foaroan,

As fan de aldsten, mar dat lette har net.

Sa die hja dat, fiifenfjirtich jierren lang.

Dêrfan sit mar in bytsje yn dit stikje;

Mar no is sy der al net mear,

En dêrom tinke wy noch ris oan juffrou Wikje !

J.R.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!