06.05.2013 Views

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHÚZEN - Lippenhuizen

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHÚZEN - Lippenhuizen

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHÚZEN - Lippenhuizen

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

hoefolle oandielen as hja it kommende jier lid wêze wolle. De pinningmaster hie dat wol goed

besjoen, want alle 26 oanwêzigen tekenen allegearre foar twa oandielen yn ! de iene woe fansels

net minder wêze as de oare.

In oar punt fan gesprek wie in foarstel fan it lid Hoogeveen

om ek minsken fan bûten it doarp ta te litten as lid. De

sekretaris wol der neat fan witte, foaral om ‘t hy

swierrichheden sjocht by it opheljen fan de sinten. Mar

oaren fine dat net sa’n probleem en it komt de kas fansels

ten goede. 20 fan de 26 oanwêzigen binne it der mei iens

en fûnen dat net Liphústers ek lid wurde kinne. In gefolch

fan dat beslút wie dat by de kommende riderij foar

manspersoanen ek mannen fan bûten it doarp meidwaan

meie. De sekretaris/pinningmaster Wiegersma wie it net

iens mei dit foarstel en ek earder wie der al ris ferskil fan

miening west, dat Wiegersma hie oan de foarsitter witte

litten dat hy wol ophâlde woe, As hy dat echt woe dat wit ik

net, want nei in goed gesprek mei de foarsitter en op

oantrunen fan de oare kommisjeleden, is hy ek wol wer

genegen om syn wurk fuort te setten. Fan de oare kant wie

it foar de kommisje ek wol fan belang om him as

sekretaris/pinningmaster te behâlden, want hy fersette in

soad wurk foar Plaatslik Belang.

As it mei it boppesteande te krijen hat, wit ik net, mar op de

folgjende gearkomst stelt it bestjoer foar om de foarsitter

krekt as de sekretaris/pinningmaster foar ûnbepaalde tiid te

beneamen mei rjocht fan betankjen. Dat lêste liket my

nochal fanselssprekkend.

Ek de karmasters by de jierlikse hurddraverij mei de

foarjiersmerke sille tenei net mear elk jier op nei keazen wurde, mar bliuwe yn ‘t ferfolch trije jier

yn funksje. Der binne 6 karmasters en elk jier binne der twa ôftredend.

De karmasters kinne op de earstkommende foarjiersmerke net yn funksje komme, want op de dei

fan de hurddraverij is der yn de Gordyk in grut feest. Men tinkt dat de belangstelling fan de

minsken dan net sa grut wêze sil. It bestjoer stelt dan ek foar om yn it jier 1877 mar gjin draverij te

hâlden, wol sil de merke troch gean.

Wytse

Afsluting volleybalseizoen.

Op Maandag 2 mei zullen wij ons jaarlijks mixtoernooi spelen op de Kobunder.

We beginnen om 19.30 , aansluitend onze jaarvergadering.

Lijkt het je leuk om een keertje mee te doen?

Geef je dan op voor 27 April bij: Renskje Zandstra.

0653949101 of rees_z@hotmail.com.

De Harker 6 deharker@lippenhuizen.com twitter @de_Harker

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!