27.12.2013 Views

Skiednis fan Lippenhuzen - Lippenhuizen

Skiednis fan Lippenhuzen - Lippenhuizen

Skiednis fan Lippenhuzen - Lippenhuizen

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Skiednis fan Lippenhuzen

Tsjalling Harkeswei (2)

Troch W. van der Sluis

Gie der ris in ko as baarch dea, dan moast

der ek wer hiel wat barre. De auto, dy’t de

kadavers ophelje moast, koe fansels net by

de buorkerij komme. De boer moast dan it

kadaver nei de slûs bringe, wêr‘t fan

gemeente wegen in kadaverbak makke wie

en dêr moast it deade bist yn brocht wurde.

(foto 1) Earst moast dat bist yn in pream as

bok laden en dan nei de slûs tafarre en dêr

it bist út de boat wrotte en yn de bak

bringe; in hiel geskuor wie dat! Men kin

dan ek wol begripe, dat de minske, dy ‘t

dêr wennen, net altyd like wiis wiene mei

al dy barten en bartsjes en de smelle

paadsjes lâns de feart. Op gearkomsten fan

Plaatslik Belang waard dan ek geregeldwei

krimmenearre oer in minne barte as in min

ûnderholden paad.

Foto 1: Kadaverbak. by de slûs en op noch in

pear plakken yn Lippenhuzen stie der ien

Sa klage Dokter Fischer yn oktober 1896

oer de minne en dêrtroch gefaarlike tastân

fan de draai oer de Djippe wyk ( njonken

Haaie Jelsma ) en by widdo Ponne (

tsjinoer no Sieger Veenstra ). Om ‘t de

eigners net yn Lippenhuzen wenje, sil de

sekretaris Freark Dijkstra J.P. van der

Sluis út de Himrik, L. Jansma út

Bakkefean en de erven van Lynden út De

Sweach oanskriuwe om dêr ferbettering yn

te krijen. In heal jier letter is der allinne fan

Van der Sluis berjocht kaam, dat hy

genegen is reparaasjes út te fieren. Fan de

beide oaren is neat heard. Plaatslik Belang

wiist dêrom in Kommisje oan, dy ‘t in

kostenberekkening meitsje sil en dêrnei

mei de eigners prate sil oer it opknappen.

Dat hat blykber goed wurke, want yn de

gearkomste fan oktober 1897 wurdt sein,

dat men dy wiken wer goed oerkommen

kin, mar dat in oare barte net bêst mear is

en ek dêr sil men efteroan.

Yn 1916 freget Sierd de Jong oan it

bestjoer fan Plaatslik Belang of de swiere

planke oer it begjin fan de Buorsterwyk net

ferfongen wurde kin troch in draai.

Skippers, dy’t de Buorsterwyk yn farre

wolle, kleie dat hja dy planke der hast net

ôfkrije kinne en noch minder der wer op.

De foarsitter seit dat al ferskate kearen by

de gemeente frege is om in draai, mar dat it

neat oplevere hat. Mar men sil it wer

besykje. Twa jier letter freget De Jong

noch ris nei dy planke oer de Buorsterwyk,

want der wie koartlyn in skip tsjin it stalt

oanfearn, om‘t it de bocht nei de wyk net

goed naam hie. No wie dat stalt wol wer

makke, mar dôchs soe it in grutte

ferbettering wêze as der in goeie draai mei

in gruttere ynfariepening komme soe en

mei in oerhaalkeatling. Dat keatling wie

nedich om de draai ticht te lûken as in

skipper as kweajonges de draai iepen

efterlieten. Plaatslik Belang sil wer ris in

fersyk nei de gemeente stjoere.

Yn maaie 1916 freget Plaatslik Belang fan

de Himrik as Lippenhuzen ek meiwurkje

wol om in stik paad tusken Lippenhuzen en

De Himrik oan de noardkant fan de feart

Foto 2: It paad by de feart mei op de

eftergrûn de slûs.

1 DE HARKER

wat breder te krijen. It stik paad leit tusken

in hege boskwâl en de feart en is sa smel,

dat by nacht wol ris ien yn de feart rekket.

Plaatslik Belang sjocht de needsaak fan

ferbreding wol yn, mar de bosk en it paad

binne eigendom fan de famylje Harinxma

thoe Sloten en dy binne net sa tasjitlik,

want de romte tusken bosk en feart moat sa

grut wêze dat it ûnderhâld oan de feart dien

wurde kin en dat is it gefal! Neat oan te

dwaan dus.

Yn oktober 1918 komme yn de gearkomste

fan Plaatslik Belang de paden lâns de feart

wer ris oan de oarder. Yn de notulen

stiet:“H. Nijboer wijst op de minder goede,

hier en daar absoluut onvoldoende toestand

der voetpaden en ganghouten( barten )

over de wijken aan de zuidkant der

vroegere Compagnonsvaart, nu Provinciaal

vaarwater.Is er niets tegen de

verwaarlozing door eigenaars of gebruikers

te doen?”

Plaatslik Belang makket him derôf troch

Nijboer de rie te jaan by de belutsen

minsken lâns te gean om harren te wizen

op harren ferantwurdlikheden. Douwe van

der Sluis fynt dat Nijboer der net allinne

mei dwaande moat en seit him derby te

helpen.

Foto 3: In planke oer de wyk by

Johannes v.d.Tuin.

Yn de winter fan 1918/1919 binne hja de

minsken by lâns west om oer de tastân fan

it paad en de planken te praten. De beide

mannen kamen nei al dy gesprekken ta de

konklúzje , dat wol men de tastân echt

ferbetterje, dat dan oer alle wiken in goeie

barte mei oan beide kanten in leuning en in

stalt komme moat. Oer de kosten dêrfan

hawwe hja in deskundige frege en dêr

kaam út, dat men der minstens f 4400,00

foar nedich hie en dan earder mear as

minder! De gearkomst fan Plaatslik Belang

fûn dat wol safolle jild dat men earst fan

fierdere stappen ôfseach, want dat bedrach

krigen hja dôchs net byinoar!

Wytse

DE HARKER 2

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!