01.08.2013 Views

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHUZEN - Lippenhuizen

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHUZEN - Lippenhuizen

DOARPSKRANTE foar & fan LIPPENHUZEN - Lippenhuizen

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Dat bedrach moast troch de

bewenners byinoar brocht wurde en

dat koe dan yn mindering brocht fan de

baatbelesting oer in termyn fan tritich

jier!

Koe men mei dit foarstel akkoard gean,

dan soe de oanbesteging fan it wurk

oan de noardkant fan de feart al oer in

moanne plak fine kinne. Blykber is dat

Foto 2; Drok oan it wurk by de oanlis fan de Tjalling Harkeswei.

doe ridlik gau klear kommen , want dy

oanbesteging is yn it lêst fan

febrewaris 1952 holden en de leechste

ynskriuwer koe dat wurk foar f 294.230

dwaan. De heechste wie aardich

djoerder: dy woe der f 377.000 foar

hawwe. Ek foar de súdkant kaam der

no skot yn de saak . De C.T.D. sil mei

de D.U.W. it grûnwurk dwaan. Yn

maart 1952 is men der al mei start.

Letter die bliken dat hja der hjir en dêr

mei de pet nei goaid hawwe, want by

de measte wiken wie de minne grûn

der net alhiel úthelle, as wie der net

geskikte grûn ynbrocht. Letter by it

asfaltearjen moast der ekstra

fundearring by de wiken ûnder de wei

komme om fersakjen tsjin te gean en

sels dat hat net genôch west, want by

guon wiken sakke de wei

letter dôchs noch nei.

Neist dat negative hawwe

dy arbeiders ek goeie

dingen dien, want doe ‘t hja

op 23-6-1952 yn ‘e stâl fan

ús heit Aize fan der Sluis

sieten te teedrinken kaam

de faam oerstjoer by

harren, want der kaam

reek út it hea. Rap kamen

de mannen yn aksje. Ien

fan harren skille de

brânwear yn ‘e Gordyk en

de oaren besochten mei in

motorpompke en amers

wetter brân fan it hea foar te kommen.

Doe ‘t de brânwear koart dernei kaam,

wie brângefaar al ridlik gau net mear

oan ‘e oarder. Us heit en mem wienen

dy middeis op begraffenis doe ‘t hja it

boadskip krigen, dat harren pleats yn

‘e brân stie, mar lokkich foel dat ta!

---------------------------------------------------- Wytse ------------------------------------------------------------

OPHAALSCHEMA OUDPAPIER 2008

23 Juni 8 December

21 Juli

18 Augustus

15 September

13 Oktober

10 November 5 Januari 2009

DE HARKER 6 deharker@lippenhuizen.com

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!