15.09.2013 Views

GAASTERLÂN-SLEAT

GAASTERLÂN-SLEAT

GAASTERLÂN-SLEAT

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

GAASTERLÂN-SLEAT

www.fnpgaasterlan-sleat.nl

Dit FNP-jierferslach giet allinne oer de haadsaken oangeande de

beslútfoarming yn de riedsgearkomsten fan 2010. It is ús foarnimmen

om fan 2011 ôf ek oare saken yn it fraksjeferslach op te nimmen. It is

fansels net mooglik en beneam alle punten fan de wurklist.

12 JANNEWARIS 2010

It FNP-útstel oer de betingsten oangeande de takenning fan in fergunning

om in beam te kappen wurd oannommen: ‘In kapfergunning is nedich foar

beammen mei in omfang fan mear as 1 meter op 1 meter hichte’.

De ried wie unanym foar om Schaaf Bewaking & Beveiliging foar

€ 14.000,00 yn it sintrum fan Balk en op de jongereinketen tafersjoch

hâlde te litten. It giet om de perioade fan april 2010 oant en mei

septimber 2010 fan 23.00 ôf oant 05.00 oere ta.

9 FEBREWARIS 2010

FNP en PvdA wolle net meiwurkjen oan in wiziging fan it bestimmingsplan

fan Murns. Oan de Murnserdyk woe de famylje Postma in minykemping

foar campers begjinne.

De ried beslút unanym om 1 miljoen euro ekstra beskikber te stellen foar

in Multi Funksjoneel Sintrum yn Aldemardum.

9 MAART 2010

Dy gearkomste wie útskreaun om ôfskied te nimmen fan ôftredende

riedsleden. De útslach fan de riedsferkiezings op 3 maart 2010 hie soks

needsaaklik makke. Op eigen fersyk naam Ans Hellemons-de Graan út Riis

(FNP) nei 16 jier ôfskied fan de gemeenteried. Yn dy perioade wie sy 5 jier

fraksjefoarsitster. Boargemaster Hoornstra makke bekend dat Hare

Majesteit de Keninginne besletten hie om Ans te beneamen yn de Orde

van Oranje Nassau. Dat wie net allinne foar har riedslidmaatskip, mar ek

foar alle oare maatskiplike aktiviteiten.

ANS EN BOARGEMASTER HOORNSTRA De ,,ÂLDE” FNP FRAKSJE 2006-2010

Foto: www.balkstercourant.nl f.l.n.r.: J.Piersma; J.Volbeda en A. Hellemons

1

11 MAART 2010

De earste gearkomste fan de nije riedsleden. Fan trije FNP riedsleden

waard de eed ôfnommen (Sa wierlik helpe my God almachtich) en fan twa

riedsleden de belofte (Dat ferklearje en ûnthjit ik).

DE NIJE FNP FRAKSJE

Jan Volbeda Jeltsje Piersma Kees van Strien Jan G. Vogelzang Frâns Gerritsma

Foto’s: www.gaasterlan-sleat.nl

As fraksjefoarsitter fan de grutste partij nimt Jan Volbeda it foartou ta it

gearstallen fan in koalysje. Alle partijen wurde yn dat proses behelle.

13 APRIL 2010

Ynformateur Gerben Gerbrandy (FNP) fan Wymbritseradiel hat petearen

mei alle partijen hâlden. De útkomst wie in kolleezje fan FNP en CDA.

Tegearre hawwe wy 9 fan de 15 sitten.

FNP’er Bram Bonnema út Frjentsjer wurdt beëdige as wethâlder. Foar it

CDA wurdt Frans Veltman út Aldegea as wethâlder beëdige.

FNP Wethâlder Bram Bonnema

Foto: www.gaasterlan-sleat.nl

Guon boargers hawwe net stimd om’t hja gjin legitimaasjebewiis hiene. De

FNP trunet derby it kolleezje op oan om tenei dy minsken yn ’t foar in brief

te skriuwen om sa te wizen op de needsaak om sa’n bewiis oan te

freegjen.

De Van Swinderenstrjitte wurdt foarearst net foar alle ferkear ôfsluten. De

besteande situaasje bliuwt. Der kom wol in ûndersyk nei it ôfsluten foar

alle ferkear yn beide rjochtings. Yn de ferkiezingskampanje fan febrewaris

2010 hie de FNP al oankundige, dat dit jier foar de besteande situaasje

stimd wurde soe. Dêrnei wurde de útkomsten fan it ûndersyk dat

kommendeweis is, yn de beslútfoarming behelle. Spitich wie dat guon

minsken ûnrjochtlik buorkundich makken dat de FNP fan stânpunt feroare

wie.

2

11 MAAIE 2010

De FNP is akkoart mei in nije foarm fan bestriden fan de glêdens. Der

wurdt tenei net mear sâlt op de diken struid as der al snie leit, mar tenei

wurdt der al struid as de snie noch komme moat. De gemeente giet dus

oer fan ,,droech sâlt” struien nei ,,wiet sâlt” struien.

Mei trije stimmen foar, geane de partijen net akkoart mei it feit dat Anema

oer de grinzen fan it bouflak fan syn pleats yn Wikel hinne bouwe wol.

Anema wol bouwe op in plak dêr’t in perslieding fan Wetterskip Fryslân

leit. De lieding stie net op in tekening fan 2004 sadat Anema

kompensaasje hawwe wol om 10 meter oer de grinzen fan it bouflak

bouwe te kinnen. Dat punt soe yn de ried fan 13 april 2010 behannele

wurde. De FNP wie doe foarstanner fan it kompensaasjeplan. It is yn dy

gearkomste lykwols net oan in behanneling takommen. B en W hawwe it

ûnderwerp foar fierder ûndersyk fan de wurklist ôfhelle. Út de riedsstikken

fan 11 maaie 2010 docht nammers bliken, dat Anema op de hichte wêze

koe fan de perslieding om’t de lieding yn de eardere keapakte beskreaun

stiet. Dat wie foar de FNP oanleiding om syn foarnimmen foar

kompensaasje yn te lûken en tsjin te stimmen. It kommentaar bûten de

ried om wie, dat de FNP fraksje fan stânpunt feroare wêze soe. Mar

salang’t der net in definityf stânpunt ynnommen is, moat in foarnimmen

op grûn fan nije ynformaasje dochs oanpast wurde kinne?

15 JUNY 2010

Unanym wurdt besluten gjin tastimming te ferlienen foar it brûken fan

gemeentegrûn foar campers.

De FNP fynt dat it stypjen fan goede doelen, lykas ûntwikkelingswurk, net

in gemeentlike taak is. Grutte (ynter-)nasjonale rampen kinne mooglik wol

stipe wurde, as dêr troch in lokaal inisjatyf om frege wurdt.

Unanym is besletten dat € 300.000,00 ekstra foar it projekt ‘Mei de boat

nei it bosk’ beskikber steld wurdt. Dat hat fan gefolgen, dat de Luts

baggere en better befarber wurdt en dat der aardich wat oan ûnderhâld

dien wurde kin. De sydfearten wurde better foar rekreaasje geskikt

makke.

Foto: Âlde Balksterwei, Aldemardum rjochting De Wyldemerk

19-07-2010 (JGV)

3

6 JULY 2010

De FNP freget it kolleezje om it brief fan Pleatslik Belang

Harich/Rûgehuzen yn it noch op te stellen GVVP, it Gemeentelijke

Verkeers- en Vervoersplan, te behanneljen. Pleatslik Belang wiist op de

smelle diken, wylst it lânbouferkear mei hieltyd gruttere en bredere

ferfiermiddels dyselde diken hieltyd faker brûkt en wylst it tal fytsende

toeristen allinne mar tanimt.

Mei ynstimming fan de FNP komme der tenei gjin ‘speelautomaten’ mear.

Der wurde ek gjin nije fergunnings mear oan nije eksploitanten útjûn.

By de besunigings hat de FNP frege de ôfskriuwing fan it gemeentlik

materiaal nochris goed te besjen en lettere ferfangingsdata oan te hâlden.

Jeltsje Piersma wurdt beneamd yn de riedskommisje Partnerschap

Krzemieniewo.

14 SEPTIMBER 2010

MEI DE BOAT NEI IT BOSK

Riedsynspekje de Luts del

Foto 24-08-2010 (JGV)

Yn 2012 wurdt in Wettertoeristenbelesting ynfierd. Dy wie der oant no ta

net. ‘Lântoeristen’ betelje wol en dêrom komt dat no ek sa foar de

,,wetterrekreanten”.

Der komt in mooglikheid foar 12 persoanen om in startersliening oan te

freegjen. Betingsten: persoanen fan net âlder as 35 jier dy’t in

starterswenning yn Balk keapje wolle. It bedrach de persoan is op syn

meast € 20.000,00. De FNP woe dat dy regeling foar alle wenplakken yn

de gemeente jilde soe, mar de oare partijen tochten der oars oer.

De ried hat ynstimd mei it ‘Implementatieplan Nieuwe Werkwijze

Gemeenteraad en Gemeenschappelijke Regelingen’. De FNP hat oanjûn

oer twa jier in evaluaasje needsaaklik te finen.

4

6 OKTOBER 2010 DIEL II

De beslútfoarming oangeande de fúzjeplannen fan Gaasterlân-Sleat,

Lemsterlân en Skarsterlân stie allinne op ‘e wurklist. De oare twa

gemeenten hawwe tagelyk in riedsgearkomste. De partijen yn Gaasterlân-

Sleat en Skarsterlân stimden unanym foar dy fúzjeplannen. Yn Lemsterlân

stimden trije riedsleden tsjin. It fúzjefoarnimmen is dus oannommen. De

fúzje wurdt taret troch in stjoergroep fan trije persoanen. Ús

boargemaster sit dêryn.

Alle santjin fraksjefoarsitters binne beneamd yn de ‘Gemeenschappelijke

Begeleidingscommissie Herindeling’. De fraksjefoarsitters yn Gaasterlân-

Sleat sitte ek yn de eigen ‘Gemeentlike Begeliedingskommisje

Herindeling’. As wurknamme foar de fúzjegemeenten waard de namme

keazen: De Friese Meren. Dizze namme krige de mearderheid fan de 15

oanwêzige fraksjefoarsitters yn de Gemeenschappelijke Begeliedings

Commissie. Jan Volbeda, FNP-fraksjefoarsitter, wie tsjin de Hollânsktalige

namme.

12 OKTOBER 2010

(Oernommen fan www.gaasterlan-sleat.nl)

De rapportaazje ‘Blik op gezondheid van de jeugd in Gaasterlân-Sleat’

wiene alle partijen net oer te sprekken. De FNP wie fan betinken dat âlde

sifers brûkt binne en trunet oan op it aktualisearjen fan de gegevens.

It kolleezjeprogramma : ‘It seil net heger lûke as de mêst’ wurdt fêststeld.

It kontrakt mei Befeilingsbedriuw Schaaf wurdt ferlinge oan 1 april 2011

ta. Doel is om yn it sintrum fan Balk tafersjoch te hâlden en dragen fan de

jongerein om útjûnen hinne.

Der komt mei ynstimming fan de FNP net in frijwilligerspriis yn Gaasterlân-

Sleat. Omt de FNP hoecht der net in frijwilligerspriis te kommen.

2 NOVIMBER 2010

De troch de FNP oandroegen winsken yn de begruttingsgearkomste foar

2011 binne oernommen. Der komt omtinken foar Frysk taalbelied; der

komt in planologyske kaart, dy’t oanjout wêr’t al en net romte is foar

rekreative ûntjouwings; De oanlis fan bedriuweterreinen foar grutte

bedriuwen moat earst bepraat wurde mei de fúzjegemeenten. Foar it eigen

MKB wurdt útgongen fan besteande mooglikheden en ôfspraken. Foar de

jierlikse monumintedei sil € 1000,00 jiers beskikber steld wurde.

5

23 NOVIMBER 2010

De FNP pleitet foar in serieus ûndersyk nei de klachten fan famylje

Hiemstra yn Aldegea. Hja hawwe lêst fan it ferkearsplato foar harren hús

oer.

Yn it fragehealoerke hat de FNP fragen steld oer it troch B en W ynstelde

parkearferbod foar frachtweinen oan de Tjalke de Boerstrjitte yn Balk. De

FNP hat noed oer it plak dêr’t de frachtweinen no steane. It kolleezje seit

gjin parkearalternativen te hawwen. Se sille dy saak wol yn ‘e gaten hâlde.

TJALKE DE BOERSTRJITTE YN BALK

Foto 28 novimber 2010 (JGV)

De VVD die in berop op de Wet Algemeen Bestuursrecht by it fêststellen

fan it bestimmingsplan Sondel. Yn dy wet stiet dat de tariedende

riedstikken net allinne yn ‘e Fryske taal meie. It oanbelangjende riedsstik

wie allinne Frysktalich. Steande de gearkomste hawwe amtners it útstel

oersetten yn it Hollânsk, sadat Sondel syn nij bestimmingsplan hat. By de

behanneling fan it taalbeliedsplan yn de ried fan maart 2011 wol de FNP

dy gong fan saken besprekke.

It wetterplan ‘Wetter stjoert’ is mei fisy en útfieringsmaatregels foar in

goed wetterbehear yn Gaasterlân-Sleat fêststeld. De ûndersikers fan

Wetterskip Fryslân konkludearje: ‘Het water is in de afgelopen jaren

steeds schoner geworden en de staart van de buitenboordmotor is steeds

dieper te zien’. In hiele ferbettering ferlike mei it rampjier 1849 doe’t

likernôch 65 Balksters yn in pear wiken tiid troch in fersmoarge Luts oan

de goalera ferstoarn binne. It wetterplan is ta stân kommen mei in

foarum fan belangengroepearings. De FNP hat oanjûn dat de gemeente

fierder gean moat mei ‘t rieplachtsjen fan dy groepearrings. Der binne by

it wetterbehear meardere tsjinstridige belangen fan brûkers. De FNP hat

ek oandacht frege foar it smoargerioelwetter by it wetteroerstoart Sondel

fan it smoarrichwetterriool. Dêr komt in soad stank by frij.

Om’t de provinsje op dit stuit net foldwaande jild hat om alle projekten út

te fieren, binne troch it kolleezje de plannen foar ‘Sloten, de ideale stad’

yn de koelkast setten. It gemeentlik oandiel fan € 300.000,00 is oerbrocht

nei de Algemiene Reserves. De FNP hâldt de ûntjouwings oangeande dat

plan yn ‘e gaten.

6

21 DESIMBER 2010

Foto: www.sloten.nl

Gaasterlân-Sleat wurdt yn 2011 oansluten op it Burgernet. Dêr kinne

ynwenners harren foar oanmelde. By kalamiteiten wurdt fia it eigen 06nûmer

in berjocht oer dy kalamiteit efterlitten. De FNP hat it kolleezje

frege de bûtentsjinstmeiwurkers, brêgewachters ensfh. dêr ek op oan te

sluten.

Út it ‘Verbreed Gemeentelijk Rioleringspan 2011-2015’ docht bliken dat de

gemeenten ek de soarch oer it grûnwetter krije. Alle partijen hawwe

unanym foar de útfiering fan de maksimale fariant keazen. Dat hâldt yn

dat jiers foar in pear euro’s mear der ekstra maatregels by û.o.

klimatologyske reinwettersoerlêst nommen wurde.

De FNP hat ynstimd om de belestingtariven konfoarm de

ynflaasjepersintaazjes fêst te stellen. De tariven foar de ûnreplik guod

belesting wurde foar net-wenningen (bedriuwen) net ferhege. De FNP

fraksje hie fierder trije flaters ûntdutsen yn de tarivetabel foar de

begraffenisrjochten 2011. Steande de gearkomste binne dy saken

oanpast.

De nota Grûnbeleid Gaasterlân-Sleat is nei in yngeande diskusje fêststeld.

Dêr wie noch nea in aparte nota foar fêststeld.

De FNP hat de nedige fragen steld oer de 2 e finansjele rapportaazje 2010.

De útkomst is dat de gemeente fan’t jier yn earsten útkomt op in tekoart

fan € 173.250,00.

De leden fan de Welstandkommisje Hûs & Hiem wurde foar 1 jier

beneamd. In útstel foar in termyn fan 4 moannen is fuortstimd. Yn maart

2011 wurdt it kontrakt mei Hûs & Hiem yn ôfwachting fan in útstel foar in

mear eigentiidsk boubelied op ‘e nij besjoen. De FNP wol dy ynformaasje

yn ‘e beslútfoarming behelje.

Fan de list mei oandachtspunten is foarearst it FNP ûnderwerp oer in

ûndersyk nei de mooglikheden hoe’t it Gaasterlânske lânskip behâlden

wurde kin yn relaasje ta de opkommende leeljeteelt fuorthelle.

7

Yn it fragehealoerke freget de FNP nei mooglike bouplannen by Lutsmond-

Noord yn Balk. De tekst wie: De FNP-fraksje hat in kopy fan ‘e brief fan de

feriening fan eigners fan bungalow park Lutsmond Noord hân. Yn dy brief

meitsje de bewenners harren beswieren kenber tsjin de mooglike komst

fan nochris 100 rekreaasjewenningen njonken harren park. Dêr hat de FNP

fraksje in tal fragen oer:

- Is it planologysk mooglik yn it bedoelde gebiet de rekreaasjewenningen

te realisearjen ?

- Hat de ried ek noch foech omtrint it al of net trochgean fan dy plannen?

- Is it kolleezje fan doel de ried de mooglikheid te jaan harren fielen

omtrint dizze plannen kenber te meitsjen?

- Hat it kolleezje, lykas de FNP fraksje, each foar de beswieren fan de

feriening fan bewenners?

Wethâlder Bonnema dielde mei dat foar de mooglike bouplannen yn

Lutsmond Noord in wiziging fan in bestimmingsplan nedich is. Dêr kin de

ried dus noch oer beslute.

LUTSMOND NOORD BALK

Foto: 24-12-2010 (JGV)

DE FNP FRAKSJE FAN GAASTERLÂN-SLEAT.

Jan K. Volbeda, fraksjefoarsitter

Jeltsje Piersma

Kees van Strien

Jan G. Vogelzang

Frâns Gerritsma

8

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!