28.09.2013 Views

Oer it bidden sels - Fowe.org

Oer it bidden sels - Fowe.org

Oer it bidden sels - Fowe.org

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

1. 1. Oer Oer it it bidden bidden sels

sels

Skriftlêzings: Psalm 139:1-12; Mattéus 6:5-8; Lukas 11:1-13

De wurden fan it Ús Heit binne o sa bekend. En ik moat sizze, dat dy wurden jin ek altiten wer op

ien of oare wize oansprekke en reitsje. It binne wurden mei in bysûndere glâns en djipte en dêrom ek

mei sa’n bysûndere sizzenskrêft.

It Us Heit is ús op twa plakken yn de bibel oerlevere: yn Mattéus 6 en yn Lukas 11. De gebeden

ferskille al wat fan elkoar. It gebed yn Mattéus 6 is it meast bekende en wurdt yn de liturgy dan ek as

regel brûkt.

Men kin jin ôffreegje, wat no krekt de bysûndere wearde is fan it Ús Heit? It antwurd is: omdat it jin

helpt om te bidden.

En no komme wy op in gefoelich punt, dêr’t wy it miskien net mei elkoar oer iens binne. Dêrom soe

it faaks goed wêze om de gedachten dy’t ik no útsprek, yn in praatrûnte neier meielkoar te bepraten.

Ik haw nammentlik it idee dat der frijwat minsken omrinne, dy’t wat ferlegen binne mei it gebed.

Oaren perfoarst net! Sa moete ik yn de fekânsje in kollega, dy’t folhâlde dat men oeral foar bidde

koe. Hy fertelde my dat er geregeldwei bidde om betterskip foar syn broer dy’t deasiik wie en op

stjerren lei. Ik haw de man swijend oanheard, want hy miende oprjocht wat er sei.

Krekt sa’n bidder wie ek de sprekster op de lêste gemeentejûn yn Weidum. Hja koe hiel moai en mei

fjoer fertelle oer har wurk yn Suriname. Mar ik haw al tocht: jo sitte wol wat hiel fol fan de Heare!

Ferlegenheid mei it bidden. In soad minsken hawwe dat. En dan doel ik benammen op de ynhâld fan it

gebed. Want wêr kin men wol foar bidde en wêr net foar?

Dêrby kin men jin de fraach stelle: hokfoar sin hat bidden? Wurdt it der oars fan? Wat wol men mei

jins bidden berikke? Want wurdt it gebed troch God ferheard? Komt der in antwurd?

Ik tink dat de ferlegenheid gearhinget mei in hiele oare fraach. En wol mei de fraaach: Wa is God?

Want it byld dat wy fan God hawwe, bepaalt hiel bot hoe ’t wy yn it leauwen steane.

Al neffens dat wy yn God leauwe, sil ek ús gebed wêze.

Hoe’t wy leauwe, hinget ek wer hiel bot ôf fan de minske dy’t wy binne. Hoe’t wy binne yn ús aard

en wêzen. Hoe’t wy opbrocht binne. Hokfoar oplieding en foarming oft wy hân hawwe. It hat te

meitsjen mei de minsken dy’t wy moete ha. Mei de boeken dy’t wy lêzen ha. En benammen mei wat

wy meimakke hawwe yn de rin fan ús libben. En sa hat ús leauwen alles te krijen mei jins biografy, jins

eigen libbensferhaal.

Alle minsken hawwe in eigen en unyk libbensferhaal. Dat bepaalt hiel bot hoe’t men tsjin de wrâld

oansjocht, hoe’t men yn it libben stiet en wat men fan it libben ferwachtet. Mar dat hiele proses dat

men yn it libben trochmakket, dat bepaalt ek hoe’t men yn it leauwen stiet. En sa makket jins leauwen

tagelyk mei jins libben in hiel proses troch. En miskien hat men yn jins gebedslibben ek wol in hiel

proses trochmakke.

It sil dúdlik wêze, dat bidden wat hiel persoanliks is. It giet ommers oer de relaasje tusken jin en God.

Dat is in gebied dat folslein privee is. Dêr hat fierders net ien wat mei te meitsjen.

Mar dat wol net sizze dat wy der net oer prate kinne. Dat praten is foaral nedich, omdat in hiel soad

minsken oangeande it bidden mei in gefoel fan ferlegenheid omrinne.

Men soe tinke dat it in probleem is fan hjoeddedei. Miskien fan dizze tiid. Miskien?

It liket wol dat in foarige generaasje it bidden folle minder as in probleem fielde. Yn de rûnten dêr’t ik

yn grut wurden bin, dêr waard wat ôfbidden. Foar en nei ider miel die men de hannen gear. By it op

bêd gean waard der in nachtgebed útsprutsen. As wy moarns op skoalle kamen, dan begûnen wy

altiten mei in liet en in gebed en foardat wy wer nei hûs mochten waard der earst bidden. Ek it

fraachlearen en de jeugdklub waarden iepene en ôfsletten mei in gebed. Trouwens yn it algemien wie

it sa, dat brulloften en partijen, útfierings fan kristlike gimmestykferienings en fanfarekorpsen op

deselde gebrûklike wize iepene en sletten waarden.

Ek as wy immen fan de tsjerke op hûsbesite krigen, dan hearde dêr in gebed by. Rûnom waard de

seine fan de Hear foar frege. Dêrby hoegde men ek net om wurden te sykjen. It wiene

standertformules (steefêst yn in wat âldfrinzich Hollânsk), dy’t der samar útrûgelen.

Sokke gebeden hearden derby en sa waard dat dien.

Ik haw it idee, dat dizze gebedskultuer no net mear sa fanselssprekkend is.

Hoe soe dat sa komme? Soe it dochs te krijen ha kinne mei dy ferlegenheid, dêr’t wy it oer hiene?

Soe it wêze kinne dat wy in oar godsbyld ha as de generaasje foar ús? En dat wy sadwaande oars mei

de dingen fan it leauwen en ek mei it gebed omgeane?

Men kin jin de fraach stelle oft der wat mei ferlern gien is, dat it útsprekken fan gebeden by

alderhande gelegenheden net mear sa fanselssprekkend is. Of soe it winst wêze kinne, dat wy it

allegearre net mear sa goed witte en dat wy der hoedener mei omgeane?

Mar ien treast foar dyjingen dy’t sokke gefoelens fan ferlegenheid kenne: de learlingen fan Jezus hiene

der ek lêst fan en dêrom, sa fertelt Lukas, freegje se oan har master: “Wolle Jo ús bidden leare?”

En wat leart Jezus har dan?

It Ús Heit!

Yn Mattéus 6 lêze wy dat Jezus syn learlingen der ek noch rjochtlinen by jout oer hoe’t men bidde

moat en hoe’t it net moat. De learlingen moatte foaral net bidde lykas de “skynhilligen”. Dy meie

graach yn it iepenbier stean te bidden, dat de minsken har mar goed sjen en hearre sille. “Dy hawwe

har lean al”, seit Jezus.

En hy seit: “As jim bidde wolle, doch dat dan yn de binnenste binnenkeamer, mei de doar ticht”.

Mei oare wurden: sykje God yn de iensumheid en de stilte. Want it gebed is ommers in saak tusken

jinsels en de Hear. Hiel persoanlik, hiel privee.

Mar Jezus seit der noch wat oer: “As jim bidde, doch dat dan net mei in omhaal fan wurden, lykas de

heidens dogge. Dy miene ommers dat der better nei harren harke wurde sil al neffens dat se mear

wurden brûke. Doch dêr net oan mei”.

Heidens, bidde dy dan ek? It is net dúdlik wa’t Jezus krekt op it each hân hat, mar yn ider gefal de

net-Joaden. Ik tink dat er doelt op de Romeinen en op oar frjemd folk dat yn it lân wenne. Dy hiene

ek allegearre harren goaden.

En dy goaden, sa leauden se, dy beskikten alles. De iene moast men hjir foar oanroppe en in oarenien

foar wer wat oars. En troch oanhâldend te bidden moast men sjen om de god dy’t men oanrôp op de

lije side te kommen. En as men op dy wize by dy god yn de geunst kommen wie, dan koe it wêze dat

er jin joech, dêr’t men him mei oanhâldend gebed en mei de nedige omhaal fan wurden om frege hie.

Sa moast men mei de goaden omgean.

“Nee”, sa makket Jezus syn learlingen dúdlik, “As jim bidde, doch dat dan net lykas de skynhilligen en

net lykas de heidens”. Want sokke gebeden lykje miskien wol hiel from, mar fersjoch jim net. Net

oan meidwaan. En dêr seker gjin foarbyld oan nimme. As Jezus oer ien ding dúdlik is, dan is it wol

hjiroer.

En dan seit er: “Jim Heit wit ommers wol wat jim brek binne.”

By dy lêste útspraak komme jin dy prachtige wurden yn it sin út psalm 139:

Der komt my gjin wurd oer de lippen

of Jo Heare, witte der al lang fan.

Achter my binne Jo en foar my, rûnom,

en Jo lizze de hân op my.

De tolve learlingen hawwe Jezus kennen leard. Hja hawwe yn harren opnommen wat er har sei oer

de God dy’t er syn Heit neamt. Soe it wêze kinne, dat de learlingen dêrnei net mear sa goed wisten

hoe’t se bidde moasten?

Trouwens letter seit de apostel Paulus nei syn bekearing ek soks. Hy skriuwt yn Romeinen 8:26 dizze

opmerklike wurden: “Want wy witte net ienris wat wy neffens rjocht bidde moatte . . .”

Soe it wêze kinne, dat de learlingen foardat se de wurden fan Jezus heard hiene, mienden dat men

foaral faak hearde te bidden? By wize fan sprekken noch op de hoeken fan de strjitten. En dan leafst

lûdop mei in protte fraaie wurden, dat de minsken mar goed ûnder de yndruk reitsje soene fan jins

frommens. Soe it wêze kinne, dat Jezus harren dat ôfleard hat en dat se it no net mear witte?

Soe it ek wêze kinne dat har bidden oan no ta oars net west hat as it by God ynleverjen fan in

ferlanglistke.

Sa fan: “God, jou my dit of jou my dat?” En dat Jezus sein hat: “Och, hâld dêr mei op. Jim Heit wit

ommers wol wat jim brek binne?”

Wat Jezus de minsken yn wêzen leart, dat is om op in folwoeksen wize te leauwen en ek om op in

folwoeksen wize te bidden.

Lykas Jezus sels God syn Heit neamt, sa meie de minsken God ek harren Heit neame, benammen yn

it gebed.

Dat is it earste, dat Er syn learlingen bybringt: God is jim Heit. En gean der mar fanút, dat Hy as gjin

oar wit wat jim nedich hawwe! As men ynkeart yn jinsels, yn de stilte fan jins binnenkeamer fier fan

alle drokte, dan is Hy by dy en Hy heart dy.

Bidde docht men yn de stilte en yn alle oprjochtens. Sûnder bybedoelings.

En wêr bidt men wol om en wêr net om?

Jezus jout sels in antwurd op dy fraach.

Hy seit: As jim bidde, sis dan:

Ús Heit yn de himel,

lit jo namme hillige wurde,

lit jo keninkryk komme,

lit jo wil dien wurde

op ierde likegoed as yn de himel.

Jou ús hjoed ús deistich brea

en ferjou ús ús skulden

sa’t wy ús skuldners ferjûn hawwe;

en lit ús net yn fersiking komme

mar ferlos ús fan de kweade.

It falt jin op dat dit gebed hiel wat oars is as God bygelyks bidde om sûnens en gelok, om in goeie reis

nei hûs, om in goeie nachtrêst en soksawat. It giet sels net oer de frede yn de wrâld. Teminsten net

direkt.

Ik hoopje yn de kommende tsjinsten neier yn te gean yn op de wurden fan it Ús Heit.

In pear dingen wol ik der noch al oer sizze. En dan slút ik oan by in pear opmerkings dy’t Jezus sels

makket.

Hy seit dat elk dy’t de wurden fan it Ús Heit bidt foar oaren en foar himsels, in iepen ear fine sil by

dy himelske Heit: “Elk dy’t freget, sil krije; elk dy’t siket, sil fine; elk dy’t kloppet, dy sil iependien

wurde.”

Mar it wichtichste is grif de lêste opmerking, dy’t Jezus dêrby makket. En wol dat God syn Geast jaan

sil oan elk dy’t Him dêr om freget.

Mei oare wurden gemeente: yn in oprjocht gebed komt it der altiten op del, dat men freget om de

Geast fan God yn jins libben. As men it Ús Heit bidt, dan freget men ommers oars neat as dat de

himelske Heit mei syn Geast by jin en by oaren wêze wol, dat er jin helpe en bystean wol, stypje,

treaste en ynspirearje. Mei it doel dat men it libben oan kin.

Wy witte allegear wol dat it libben bytiden swier wêze kin en dreech. En dat der yn ús libben fanalles

barre kin. Der kin ommers fanalles op jins wei komme. Elk kriget om samar te sizzen syn poarsje.

Dat docht God net. Dat binne allegear omstannichheden. Dingen barre gewoan.

Ferklearrings ha wy ek net.

Mar wêr’t wy om freegje meie, dat is om krêft fan boppen.

En as wy bidde en ús iepenstelle foar Gods Geast, dan sil dy ús helpe.

Achter my binne Jo en foar my, rûnom,

en Jo lizze de hân op my.

Dat te witten is my al te wûnder; ik kin der net by.

Alle kearen as wy it Ús Heit bidde, dan bidde yn wêzen om de Geast fan God yn ús eigen bestean en

yn dat fan oaren. Wy bidde om krêft om wat it libben ús bringt oan te kinnen, om in minske fan God

te wêzen op it plak dat wy ynnimme yn dit libben.

Amen

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!