18.05.2015 Views

In memoriam - Sirkwy

In memoriam - Sirkwy

In memoriam - Sirkwy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Juffer kuorkebier

Dit is de juffer Kuorkebier út Dokkum, Postgrêft 7,

Ald, ryk en út in boerelaach, koartsein: in frou fan stân.

Hja hat it deftich yn ’e hûs -in hearehûs, fansels-

Mar ’t alder-alderdeftichst is, dat sprekt, de juffer sels.

Hja is reginte fan it weeshûs en bestjoerslid fan it Nut,

Hja is de mienskip yn ’e stêd ta wiere stipe en stut.

Mar ien út Dokkum hat hja dochs it aldermeast mei op,

Dat is oargeldraaier Bouwe út de Bargeglop.

Mei him hie hja graach trouwe wold as faam fan achttjin jier.

Dêr wie fansels gjin tinken oan. Stel foár: in Kuorkebier!

Dat hja bleau faam en Bouwe feint. Sa giet it yn ’e wrâld.

No binne hja, as’t my net mist, hast santich jier al âld.

Mar as de oargeldraaier moarns by Postgrêft nûmer 7

De ‘Schöne, blaue Donau’ draait, dan skoot in âlde hân

’t Gerdyntsje justjes oan de kant en swaait in stille groet.

Ek finansjeel is Bowe’ dei dan altyd wûnder goed.

Dat is har iennichste kontakt al twa en fyftich jier.

’t Koe ek min oars, want hy is oargeldraaier, hja in Kuorkebier.

út: Juffer kuorkebier (1957)

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!