18.05.2015 Views

In memoriam - Sirkwy

In memoriam - Sirkwy

In memoriam - Sirkwy

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Tiny Mulder: in libben lang op de barrikaden

In memoriam

Gerbrich van der Meer

Tiny Mulder (1921) wie fjirtich jier lang, fan

1945 oant 1985, in trou en kritysk meiwurkster

fan dizze krante. Nei de oarloch wie de

sjoernaliste earst as korrespondent yn it bûtenlân

te finen, wer thús yn Fryslân gie se op ’en

paad foar it deistich nijs. Yn de santiger jierren

ûnderskiede Mulder har troch de krityske

rubriken Ventweg en Midstwa, dêr’t se op de

aktualiteit omraspe. Hast altyd kaam der wol

reaksje fan ’e lêzers. ,,Gelokkich mar”, sei se

dêr ris oer. ,,Je skriuwe net om de minske nei

de mûle te praten.”

Har stikjes wiene ek seker bedoeld om de

lêzers wat te niteljen. In grut sukses wie har

bernerubryk Yn ús eigen herntsje dêr’t Mulder

ûnder de namme ‘Nine’ - sa neamde se harsels

as famke - 32 jier lang de herten fan de lytse

Friesch Dagblad-lêzers mei ferôvere. Like dy rubryk

har yn it earstoan op fleanen, geandewei

krige se der hieltyd mear nocht oan. Se genoat,

foaral fan al dy ferhalen dy’t de bern op eigen

wize oan har tabetrouden.

Tiny Mulder waard 2 april 1921 berne yn

Beetstersweach. Har bernejierren brocht se

mei har heit, mem en broerke Ale bûten

Fryslân troch. De bern waarden grutbroch yn

it Hollânsk, ûnderling praten heit en mem

Frysk. Pas doe’t de húshâlding wer werom

kaam yn Fryslân, yn Drachten, makke Mulder

har it Frysk aktyf eigen. As bern hie Tiny Mulder

al in soad nocht oan poëzij en proaza. Dat

hie se net fan in frjemd: heit wie foardrager,

omke Bauke hie in hiele bibleteek fol mei

boeken. En se wist as famke al dat se letter

sjoernalist wurde soe. En dat waard se mei

hert en siele.

Literêre kwaliteiten

Net allinnich foar de krante, mar ek foar literêr

Fryslân hat Mulder fan grutte betsjutting west.

Se makke namme mei har wyklikse rubryk

Printwurk yn it Friesch Dagblad, dêr’t se alles

wat los en fêst siet yn de Fryske literatuer yn

bespruts.

Ek sels droech se by oan de literatuer, sawol

op it terrein fan proaza as poëzy. De oarlochsroman

Tin iis (1981) en de emigranteroman In

moaie leeftyd (1991) binne fan har hân. Ek skreau

se dichtbondels foar jong en âld lykas Juffer

Kuorkebier (1957) en Oranje paraplu (1962). Foar

de bernepoëzij liet sa har ynspirearje troch

de Helgolanner James Krüss, in dichter fan

formaat dy’t it tradisjonele dichtsjen loslitten

hie en lichte, boartlike poëzij skreau. Ek hie

Mulder in ferskuorrende nocht oan it meitsjen

fan oersettings. Yn 1964 sette se Alice yn

Wonderland fan Lewis Caroll foar de bernerubryk

yn it Frysk oer. Dat wie in heikerwei om

alle taalgrapkes, mar Mulder hie nocht oan

dat wrakseljen mei taal. ,,Der moat wat byt yn

sitte.” Letter ferskynde de oersetting yn boekfoarm

as Alice yn Wûnderlân. Neist oersettings,

draaide se har hân net om foar toanielwurk en

harkspullen.

Wat har eigensinnige en eksperimentele

wize fan dichtsjen oangiet, dêr wist de manljuswrâld

fan literêr Fryslân yn de fyftiger jierren

mar min ried mei. De boartlike kant seach

er wol, mar dat dat kombinearre waard mei in

djippere, serieuze ûndertoan net. Tritich jier

letter wie dat wol oars. Yn 1986 krige Mulder

de Gysbert Japixpriis foar hiele oeuvre, yn it

bysûnder foar har dichtbondel Oh in stêd, ah in

lân. In hichtepunt foar de dichteresse.

Ferset

Neist leafde, skepping en leauwe, wie de oarloch

in wichtich tema yn har skriuwsels. Yn

de twadde wrâldoarloch siet se oan ’e earen ta

yn it ferset, dêr’t se letter wichtige ûnderskiedingen

foar krige. Sels bleau se dêr altyd hiel

nofteren ûnder. ,,Helden ferjochtsje allinnich

heldedieden omdat dat yn har karakter sit.

Gjin eigen fertsjinst, gjin reden ta grutskens”,

sei hja ris. Har erfarings as koerierster yn de

oarloch ferwurke se yn de oarlochsroman Tin

iis. Yn dy roman besiket se ek rjocht te dwaan

oan it oandiel fan froulju yn it fersetswurk, in

oan dan ta ûnderbeljocht tema.

De twadde wrâldkriich en har Frysk griffermearde

ôfkomst hawwe beskiedend west foar

har libben en wurk, hat Mulder wolris sein. De

oarloch joech har minskekennis. It leauwe wie

foar har in stream dy’t har droech, ,,lykas in

boatsje mei syn ups en downs; mei moai silerswaar

en stoarm.” It leauwe joech har de basis

foar hope yn in wrâld mei al syn goed en kwea.

Tagelyk bleau Mulder kritysk en dat wie oan

har literêre wurk te fernimmen. ,,As kristenskriuwer

moatte jo ek de romte hawwe foar je

twivels, foar jo krityk, om fan itige opfettingen

ek ris de achterkant sjen te litten.” Twivel beskôge

hja net as in oantaasting, mar krekt as in

ferdjipping fan it leauwe.

Rjochtfeardichheid stie heech yn har findel.

Har each foar en solidariteit mei gewoane

minsken wie in reade tried yn har libben. En

as se op de barrikaden stie, wie har pinne faak

har grutte freon. We sjogge it werom yn har

fersetswurk, yn har krewearjen foar Amnesty

International, yn har literêr wurk, yn har

sjoernalistike skriuwen, yn har dappere kollums

yn Ventweg en Healwei/Halfweg en sels yn

har frouljusrubryk Rútsjes en bûnt dêr’t se mids

moade, resepten en hânwurkjen opkaam foar

de rjochten fan ’e frou. Mar ek doe’t se al lang

út it wurk wie, koe se it net litte en skuor har

mûle romhertich iepen as eat har net oanstie.

Gelokkich krige en naam Mulder yn har libben

de romte om har eigen kwaliteiten rjocht

te dwaan. Nei har trouwen mei Jildert Sudema

hâlde se har wurk op it Friesch Dagblad oan, en

ek doe’t de bern Rixt en Teake kamen, bleau

se har pinne trou en hâlde har steande yn de

- alwer - manljuswrâld fan it Friesch Dagblad.

Mei beide fuotten op ’e grûn, gie Tiny Mulder

har eigen gong. As fersetsfrou mei grutte

fertsjinsten; as troude frou en mem wurkjend

yn in tiid dat dat noch ûngewoan wie; as begeliedster

fan de Fryske literatuer troch har

yngeande kritiken; as fernijend dichteresse en

as ien dy’t de berneliteratuer folslein serieus

naam. Har krêftige en oprjochte wize fan libjen

sil nei har ferstjerren in ynspiraasjeboarne

bliuwe foar oaren. Wy sille har misse.

Frou mei paraplu

hja draacht syn leafde as in paraplu

in oranje paraplu

car il pleut il pleut dans la rue

want in miggelt yn de huzen

want it storeint op it lân

mar de lytse skiere frou

yn it skiere hielal

draacht de oranje paraplu

o nee oranje paraplu draacht frou

en hja glimket as in fearke

tikjend op de hege hakjes

elle chante dans la pluie

hja sjongt syn stimme út de bline muorre

en blaast in tút nei de betonnen wolken

hja laket om de bittere stimmen

en de grize kertieren

hja laket ynfieren

frou mei oranje paraplu

elle danse elle danse bravant la rue

yn de iepenbiere strjitte

giet hja dûnsjend

mei de maskerleaze eagen

mei de ûnneifolgbere oermoed

fan de frou dy’t in oranje

paraplu hat

út: Oranje paraplu (1962)

Juffer kuorkebier

Dit is de juffer Kuorkebier út Dokkum, Postgrêft 7,

Ald, ryk en út in boerelaach, koartsein: in frou fan stân.

Hja hat it deftich yn ’e hûs -in hearehûs, fansels-

Mar ’t alder-alderdeftichst is, dat sprekt, de juffer sels.

Hja is reginte fan it weeshûs en bestjoerslid fan it Nut,

Hja is de mienskip yn ’e stêd ta wiere stipe en stut.

Mar ien út Dokkum hat hja dochs it aldermeast mei op,

Dat is oargeldraaier Bouwe út de Bargeglop.

Mei him hie hja graach trouwe wold as faam fan achttjin jier.

Dêr wie fansels gjin tinken oan. Stel foár: in Kuorkebier!

Dat hja bleau faam en Bouwe feint. Sa giet it yn ’e wrâld.

No binne hja, as’t my net mist, hast santich jier al âld.

Mar as de oargeldraaier moarns by Postgrêft nûmer 7

De ‘Schöne, blaue Donau’ draait, dan skoot in âlde hân

’t Gerdyntsje justjes oan de kant en swaait in stille groet.

Ek finansjeel is Bowe’ dei dan altyd wûnder goed.

Dat is har iennichste kontakt al twa en fyftich jier.

’t Koe ek min oars, want hy is oargeldraaier, hja in Kuorkebier.

út: Juffer kuorkebier (1957)

Lytse Luigi en Lamkje bouwe har in hutte

fan snoeihout, brûkte kleden, buordpapier

en boartsje ’t âlde spultsje op ’e nij.

Ik leau yn ’t bloeien fan ’t kastanjebeamke,

no krap ien meter heech, al bin ’k statistysk

skielk der net mear by.

Wêr binn’ de stjerren fan de himel keard?

Wa wit wêr’t moed en ûndernimming teagen?

Se skitterje útlitten yn de eagen

fan ’t bern dat stappen leart.

Fitaliteit is dêr en tinken, wollen.

Oft op it tiidrek fan de mêde holle,

it lome hert, de hân fol tsjusternis

in frisse wrâld te bouwen is

op pearelmoeren kweektunen

fan delta, waad, lagune

troch lju fan bytsje libje, bytsje laitsje,

bouwe,

meitsje?

út: Oh in stêd, ah in lân (1983)

Tiny Mulder yn 2006 foar har hûs yn Jellum. Foto: Frans Andringa

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!