22.01.2013 Views

H O R I Z O N - Volkssterrenwacht Burgum

H O R I Z O N - Volkssterrenwacht Burgum

H O R I Z O N - Volkssterrenwacht Burgum

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

voege in gemelt Dorpe is staende en gelegen ende

tegenwoordig bij de mede Verkoper, de Heere

Poutsma cum uxore wort gebruikt'. Dizze 'Heere

Poutsma' wie ien fan 'e styfbern, troud mei Hendrina

van Idsinga.

Njonken Haersma-State wurde ek noch twa oare

besittings oan Jetse van Sminia en syn frou

ferkocht, ntl. in hûs mei skuorre en lân, 'mede aldaar

en gelegen aan het vorige' (dat is dus de

Slotpleats), wylst fierder de keapers tajouwe oan de

Poutsma's skuldich te wêzen 1500 Carolus gûne,

fanwegens 'koop en overdragt van een huisinge

cum annexis het Klein Blauhuis genaamt, bij

Hoecke Harts als meijer wordende gebruikt (...), met

nogh een kampke aen de Cingel leggende, vrij van

lasten'. Wêr't dit 'Lyts Blauhûs' krekt lein hat is net

bekend, mooglik oan de ein fan de Snakkerbuorren,

begjin Achterwei.

It totale bedrach foar dizze trije besittings berint

20.000 Carolus gûne, dat yn trije gelikense terminen

betelle wurde moat, yn maaie 1735, 1736 en 1737,

en wol yn 'klinkende munt, sonder Lands

Obligatien.' Ut oantekens op 'e keapakte blykt dat

nei de earste termyn it hiele restant al op 7

septimber 1735 betelle is en dat de keapers dêrom f

544,- koarting krigen ha.

De famylje van Sminia

Oer de bewenning fan de State troch de van

Sminia's - dy't ek in hûs yn Ljouwert hienen, dêr't sy

by 't winter taholden - is net safolle bekend. In lyts

bytsje is te lêzen yn it boekje 'Wandelingen van

mijnen oudoom' troch H. van Rollema, wêryn 't

beskreaun wurdt hoe 't kuierder Hotze Piebes

Wiekstra (âld-mûneopsichter en âlde kunde fan

Jetse) yn 1750 by de Sminia's oer de flier komt.

Rollema skriuwt dat van Sminia wennet 'op deszelfs

buitengoed, Haersma-State.' Hjirút soe blike dat

Jetse en Wiskje pas nei 1750 in nije namme oan

harren hûs joegen, 'Driezigt'. Dizze namme waard

ûntliend oan de trije singels dy't op de State

útkamen. Allinnich de 'Parsingel' is dêr noch fan oer.

Hotze waard ûntfongen yn Jetse's studearkeammer

en ûnthelle op 'een kopje koffij en eene pijp tabak'.

Ut alles blykt dat Jetse in waarme genealogyske en

histoaryske belangstelling hie. Ek it

Pachtersopskuor fan 1748 komt te praat en de heisa

by it pachtershûske by de mûne yn Eastermar yn

dat jier. Van Sminia en Wiekstra bringe û.o. in besite

oan de tsjerke op it Heechsân (foardat sy de doar

útgeane ropt Jetse oan syn frou 'dat zij

hedenmiddag een gast aan tafel kregen'). Werom

op Haersma-State, 'tegen twaalven, vonden zij de

tafel gedekt en met de noodige tinnen borden en

schotels voorzien. In gezelschap van zijnen

gastheer, deszelfs statige echtgenoot Wiskje van

Haersma en hunne drie zonen Hobbe Baerdt, Aulus

en Arent Johannes, de eerste 19, de tweede 17 en

15

de laatste 13 jaren oud, deed Wiekstra een

smakelijken maaltijd, nam na nog eene

vriendschappelijke pijp met den huisheer gerookt te

hebben, afscheid.' 5 Der binne twa skilderijen

bekend mei leden fan de famylje van Sminia,

mooglik makke yn Eastermar.

Wiskje hie in suster Auck van Haersma (1705-

1781), troud mei Tsjalling van Camstra, dy't wenne

op Orxma-State te Menaam. Hja stie as apart en

nuver bekend. De Friesche Volksalmanak út 1893

skriuwt û.o. oer har: 'Auck zag er in hare

dagelijksche kleeding sjoofel uit, zoo zelfs, dat men

ze eer voor een landloopster, dan voor eene rijke

adellijke dame aanzag, hetgeen dan ook werkelijk

meermalen geschiedde. Zoo gebeurde het eens, dat

zij op zekeren dag haren schoonbroeder Jetse van

Sminia te Oostermeer een bezoek bracht en de

achterdeur wilde binnen gaan, toen de meid, die

nog niet lang daar in dienst was en haar niet kende,

haar toeriep: 'Mevrouw geeft niet aan de deur!' Auck

wie in stiifhollich en sinnig minske, ferwikkele yn

alderhande prosessen. Hja hie gjin bern en hie by

testamint fan 1775 har suster Wiskje yn Eastermar

har erfgenamt makke. 6

Undogenske jonges

It ferhaal giet dat de jonkers van Sminia nochal

ûndogensk oanlein wiene. By Veltman is te lêzen

dat der in boerefeint wie, dy't sa'n pine yn'e mûle

hie, dat hy op in tsjustere jûn nei it bonkehûske op it

tsjerkhôf gyng. De bonken dêr soene genêzing jaan

fan pine. Kwalik hie hy syn hân útstutsen nei in

bonke of in tsjustere stalte sprong omheech en rôp:

'Net fan myn bonken, hear!' As in hazze stoude de

feint fuort, alhiel oerstjoer kaam der thús. Letter

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!