06.09.2013 Views

Februari 2013 - Doarpsnijs Exmorra

Februari 2013 - Doarpsnijs Exmorra

Februari 2013 - Doarpsnijs Exmorra

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

JO SILLE IT MAR BELEVE!

Briefkerij tusken Eksmoarre en Boalsert

Bêste Freerk,

Tsja, jonge, do hiest it oer de doarpsfisy. Mar ik meitsje my folle

mear soargen oar dy twatûzen wynmunen dy’t hjir oer in pear wike

neist myn hûs stean. Dêr haw jimme wer gjin idee fan fansels, wat

de doarpkes, om Boalsert hinne, boppe de holle hinget. Efkes foar

dyn idee, der komme aanst yn ús eftertún, te begjinnen by de nijbou

en dan rûn om Eksmoarre, ynklusif it sportfjild, in protte wynmunen.

En dat beheint sich net oant Eksmoarre. Ek Makkum, Arum,

Witmarsum en al it guod oan doarpen wat der tuskenyn sit hat der

mei te krijen. No haw ik op sich net sa’n probleem mei in wynmune.

Salang as it in protte jild opsmiet bin ik gek op alle nijerhande

ideeën. Mar no ik der wat langer oer neitink (ik kom altyd wat

lestich op gang), rize der by my dochs wat praktyske problemen.

Moast dy foarstelle, der passe maklik fjouwer wynmunen op it

keatsfjild. Da’s leuk foar de ynkomsten fan de KV.

In oandiel fan 25% yn de opbringst moat mooglik wêze. En gouden

klokjes op de earstfolgjende ledenpartij is fansels wer in leuke

feroaring yn it tige stabiele programma fan de KV. Mar hoe moat it

dan mei sa’n jonge as Gerard Brunia. Slaat dizze in bal boppe, mar

‘pok’ der stiet in wynmune yn it fjild. Dat wurdt yn stee fan in fette

boppeslach, in keats by de boppe. As bygelyks Fokke Hamstra in bal

út it perk slaat, Jan Steigenga op de goal stiet en dêrnei de bal

werom slaan wol it perk yn, mar ferrek, Jan moat earst noch om de

poat fan de wynmune om de bal op tiid te berikken.

Freerk, ik wit it wier net as dit no sa’n goed idee is, dy wynmunen. Ik

haw der ek efkes mei jeu-de-boules foarman Pier oer hân en ek dy

hat sa stadichoan yn de gaten dat it wol wat beswierlik is, sa’n

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!