06.09.2013 Views

april – mei 2011 - t Havenpypke

april – mei 2011 - t Havenpypke

april – mei 2011 - t Havenpypke

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Bêste minsken,

41

Mei ik, Jan Arendz, even jimme oandacht foar it folgjende:

Wy wurde as "bekinde Friezen" wolris benadere om dingen

te dwaan of ús namme earne oan te ferbinen en it is net

altyd ferstannich om dêr "JA" op te sizzen. Mar op de fraach

of ik "Ambassadeur fan Europa Kinderhulp" wurde woe,

ha ik daliks "Ja" sein. Europa Kinderhulp is in net subzydiearre

ynstelling mei sa'n 300 ûnbetelle krêften, dy't der foar

soarget dat kânsearme bern fan 5 oant 12 jier in ûnbesoarge

fâkansje krije yn Nederlân en fansels meinammen ek yn

Fryslân. De bern komme út ferskate lannen fan Europa en se

komme foaral út gesinnen, dy't it net maklik ha. Wat in

gastgesin dwaan moat is hast neat: se moatte gewoan gastgesin

wêze en der foar soargje dat sa'n bern in "waarmthúsgefoel"

hat foar in pear wiken en der wer in jier tsjinoan

kin. De gastgesinnen wurde hjiryn begelaat troch Europa

Kinderhulp. It giet om hast 3 wiken yn de simmerfakânsje.

Ik wit út eigen ûnderfining hoe prachtich it is om yn'e simmer

earne útfanhûs te wêzen yn sa'n prachtige provinsje as

Fryslân... Koartlyn wienen der yn "Spoorloos" noch bern te

sjen, dy't weromseagen op dy fantastyske tiid by in gastgesin...

De bern ferjitte it noait wer en der ûntsteane

freonskippen foar it libben...

Der is momenteel in tekoart oan gastgesinnen en de simmer

stiet alwer foar de doar. Foar mear ynformaasje kinne jimme

altyd sjen op www.europakinderhulp.nl

Foar Fryslân: Joke de Vries-Bakker tel.058-2573612

Friesland@europakinderhulp.nl

De reizen fan 2011 binne:

Bern út Frankryk CR 3 july - 22 july

Frankryk SPF 16 july - 5 augustus

Oldenburg 18 july - 5 augustus

België 18 july - 5 augustus

Schneeberg/Delitzsch 18 july - 5 augustus

Hannover 25 july - 12 augustus

Nederlân 25 july - 12 augustus

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!