26.10.2013 Views

Ta de kertiersteat fan Titus Brandsma II - Fryske Akademy

Ta de kertiersteat fan Titus Brandsma II - Fryske Akademy

Ta de kertiersteat fan Titus Brandsma II - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Taheakke I (ferslach Genealogysk Wurkferbân 2 desimber 2006)

Ta de kertiersteat fan Titus Brandsma II

(Terwisscha van Scheltinga)

Ja, it twadde diel is der al wer, en dêrmei sitte wy dan noch mar op 'e helte fan de fjouwer dielen

dy’t der mei-elkoar komme sille. Fan dy fjouwer dielen is dit diel wol it lytste. Dat leit him net

daliks oan famyljes fan boeren as de Terwisscha van Scheltinga’s sels, mar mear oan famyljes

fan keaplju, ambachtslju en skippers dy’t ek wer trouden yn sokke fermiddens. It sykjen wurdt

dan in stik lestiger, om’t hja fakentiids net mear te folgjen binne oan 'e hân fan lânbesit. As

fansels komt de klam dan mear te lizzen op inkele famyljes dêr’t wol wat mear as gewoanwei oer

te sizzen falt. Dan woe ik no yn 'e folchoarder fan de kertiersteat mar in omgong by inkele

famyljes lâns meitsje en in tal bysûnderheden nei foaren helje.

Alderearst giet it dan oer de Terwisscha van Scheltinga’s sels, oarspronklik in boerefamylje út

noardlik Westergoa. Eigentlik hawwe wy it dan oer in famylje Scheltinga fan Arum. Om de

famyljeferhâldings skerp te krijen haw ik foar it gemak mar in skema makke. Hâldt dat der dus

mar even by. De dûbele namme hawwe hja te tankjen oan de útstoarne famylje Terwisscha fan

Teridzert. De lêste út dat skaai wie Acke Terwisscha, dy’t yn 1789 by testamint har achterneef

Tiete Bockes Scheltinga fan Arum as har universeel erfgenamt beneamt. In betingst wie wol dat

er de namme Terwisscha oan sines taheakke. As Acke yn 1793 ferstjert wennet Tiete al op

Teridzert en folget er har op as eigner en meier fan 'de stins', in pleats mei stimnûmer 1. Dy

saneamde stins sil der doe al sa'n fyftich jier stien hawwe. De Tegenwoordige Staat fan 1785 seit

dêr oer, dat de famylje Terwisga foar de brekfallige stins 'by onzen tyd' in oar deftich hûs yn it

plak setten hat. Dat moat dan west hawwe yn 'e tiid dat Sybrich Lyauckema, de mem fan Acke,

as widdo fan Asse (Eyses) Terwisscha der mei har net troude bern noch op wenne, om krekt te

wêzen yn 1741, want Jacob Hepkema hat sjoen, dat it gebou mei in lûdklok op it dak en in stien

yn 'e foargevel mei it jiertal 1741 der op der om-ende-by 1900 noch stie. Mei tank oan Geert

Lantinga út Wolvegea koe by dit artikel ek in foto fan dat gebou út om-ende-by 1920 opnommen

wurde. Dat gebou is yn 1927 troch brân ferlern gien. De pleats dy’t der doe foar yn it plak

kommen is wurdt sûnt jierren bewenne troch de famylje Van der Wey.

Fierder werom yn 'e skiednis fine wy dat Asse Siecks Terwisscha, oarspronklik fan de Jutryp, yn

1639 de helte fan de state kocht hie fan de krediteuren fan jonker Baarte van Idsaarda en syn

frou Reynsck Eyse Alts yn 1677 de oare helte. Der is reden om oan te nimmen dat sûnt dy tiid

katoliken út de omkriten dêr harren kommen hienen, mar echt witte dogge wy it net. Wol

wichtich yn dat ferbân is in stik yn it parochy-argyf fan Wolvegea út 1663, dat ûndertekene

waard troch 35 minsken, dy’t as gesinshaad oanmerkt wurde kinne en neffens dat stik allegear yn

Teridzert wennen. Dat soe dan wize op in konsintraasje dêr. De brekfallige stins, dy’t der yn

1741 stie, hat neffens in tekening fan Jacobus Stellingwerf út 1722 noch it oansjen fan in

foarnaam hûs yn renêssânsestyl, sa’t der doe folle mear fan stien hawwe. Mei tank oan it Fries

Museum koe ek in ôfbylding fan dat gebou opnommen wurde. Yn 'e folksmûle en yn literatuer

troch de tiden hinne hat op dat plak altyd wol in stins stien en yn 1622 rekkenet Winsemius

Idserda op Teridzert ek wol ta de states en stinzen, mar oft dêr wier ea in stins stien hat, dêr soe

ik sa gjin ja op sizze doare, mar ik moat sizze dat ik der ek gjin fierder ûndersyk nei dien ha.

Mar wy moatte werom nei de Scheltinga’s fan Arum fansels. Dúdlik waard dat dy famylje de

namme ûntlient oan ien fan de Scheltingasates yn Arum, mar oarspronklik út Tsjummearum

komt. Yn 'e twadde helte fan de 16de ieu wenne dêr Rintse Douwes (640), dy’t neffens in

ynskripsje op in sulveren beker yn de ynventaris fan syn achterbernsbern Bocke Seerps junior

(80) de skaainamme Van Weelgahuis brûkt en ek in famyljewapen hat, dat spitigernôch net

beskreaun waard. Syn âldste soan Rintse Rintses neamt him Roorda, nei’t er 'Roordama state' te

Tsjummearum kocht hie, wylst de neiteam fan soan Douwe, dy’t troud wie mei in

Scheltingadochter en op Scheltingasate yn Arum wenne, fierder giet ûnder namme Scheltinga.

Hja brûke ek it famyljewapen mei de twa roazen fan Scheltinga. Dan kinne jo josels wol

ôffreegje oft sok wapengebrûk terjochte wie. De namme Van Weelgahuis is fierder net bekend,

mar soe neffens de tradysje yn it gebrûk fan eigennammen doedestiids slaan kinne op in pleats yn

Tsjummearum, dêr’t Rintse Douwes syn libben lang tahâlden hat.

Yn it artikel wurdt ek yngien op de rol, dy’t de famylje yn de 16de ieu spile hat as benefisiant fan

Houckema-prebende yn Winaam. Neffens de oerlevering wienen hja neikommelingen fan de

stifter Jan Houckema. In probleem wie wol, dat hja harsels ek as eigners fan dat lien seagen en sa

allegeduerigen oant fier nei de herfoarming mei de tsjerkfâden fan Winaam dwers leinen. Wat

my dêr it meast fan by bleaun is, is wol in proses foar it Hof fan Fryslân út 1616, wêrby’t de rie

ordinaris Laelius van Lijklama partijen op it hiem fan Houckemasate byinoar brocht, út elk fan

de bylizzende perselen lân in seadde of klute grûn stuts en dy oerhandige oan de rjochtmjittige

eigner yn kwestje, d.w.s. de folmachten fan it doarp Winaam. It docht jin tinken oan de ridende

(televyzje)-rjochter fan no, mar hoe dan ek, oft it holpen hat is noch de fraach, want yn 1626

steane de partijen noch hieltyd foar inoar oer.

Mei de famyljes Koelman/Kuhlmann (11) en Bosch/Busch hawwe wy te krijen mei ymmigranten

út Mettingen yn it greefskip Lingen oftewol 'Westfaalse manufacturiers'. De Kuhlmanns wienen

yn harren heitelân in famylje fan boeren, mar wannear’t hja har hjir om-ende-by 1727 foargoed

festigje dan binne it manufakturiers, dy’t weromfalle koene op besteande kontakten en saken

dogge yn plakken as Warkum, Makkum, Dokkum en Ljouwert.

Henk Aukes hat ûndersyk dien nei dat ferskynsel yn Fryslân. De grutte stream kaam út it doarp

Mettingen, dat doe yn it greefskip Lingen lei. Om 1700 komt de Mettinger hannel earst goed op

gong. Hubert Rickelmann, dy’t twa boeken oer itselde ûnderwerp skreaun hat (Die Tüötten in

ihrem Handel und Wandel en Mettingen im Wandel der Zeiten) ferhellet dat de bruorren Gerd en

Steffen Culemann keaplju wienen yn Fryslân. Harren nammen wienen ferbûn oan de skiednis fan

de pleats Langenhof yn Mettingen. Dy pachtpleats hearde ta it domeingoed fan de foarst fan

Lingen. Yn 1727 binne hja lykas mear ynwenners fanwege reboelje foargoed as 'Packenträger' út

Mettingen fuorttein. Om dy snuorje hinne komme wy yn it doopboek fan de parochy Makkum

deselde nammen tsjin. Gerrit lit yn 1724 syn earste bern R.K. dope. Peetfaar is Steffen Gerrits.

Jan Gerrits, peetfaar yn 1727, is er dan ek al. Der wie ek in soantsje Bernardus Willems, doopt yn

1734. Ferliking mei oare gegevens út doop- en trouregisters lit der gjin twifel oer bestean dat

Steffen, Gerrit, Jan en ús Bernardus Coelman (44) bruorren wienen. Dyselde nammen kaam ik ek

wer tsjin yn in yn it Dútsk skreaun hânskrift, oanwêzich yn it argyf fan Henk Aukes, dat

tsjintwurdich bewarre wurdt yn it Katholiek Documentatiecentrum te Nimwegen, mei de

nammen fan de âlden der by. Steffen wie Stephan wurden en Jan Johann fansels en heit Gerhard

Kuhlmann, berne yn 1671 wie yn 1693 troud mei Catharina Meyer. De stamrige giet fierder mei

Stephan Kuhlmann, berne yn 1637 en troud yn 1666 mei Anna Wesseling. Yn neamd hânskrift

wurdt er oantsjut as 'Colon' en boppe dy gegevens stiet noch 'Bruch'. It begryp 'Kolon' kin wol

ferlike wurde mei 'Meier', in boer dy’t net eigner is fan de grûn, mar yn Dútslân siet dêr yn de

17de ieu noch wol in ferskil yn fan ien dy’t de grûn yn frijdom brûkte oant in hearrige, dy’t

folsein ôfhinklik wie fan de lânhear. Bruch is in buorskip ûnder Mettingen, dêr’t ek de pleats

Langenhof ta heart. Wy seagen al, dat dy pachtpleats hearde ta it domeingoed fan de hear fan

Lingen, dat Stephan sil ek meier fan dy hear west hawwe.

Yn de Stellingwerfske kertieren fan Apollonia de Vries (21), de frou fan Tiete Bockes, komme

Lammert (172) en Steffen Piers op Teridzert en harren neef, dr. Petrus Nicolai (oftewol Pier

Clases, soan fan Claes Piers) te Wolvegea, abbekaat by it Hof fan Fryslân, ús foarby. Hja wienen

erfgenamten fan juffrou Suzanna Rentinck te Vollenhove, dy’t har neven Steven en Lambert

Piers yn 1695 by testamint beneamt ta har universele erfgenamten. Har neef Petrus Nicolai krijt

dan in fjirde part fan in pleats te Aldeholtpea taskikt. Dat testamint siet tusken papieren fan de

famylje Middachten, dy’t op de havezathe Oldhagensdorp yn Vollenhove wenne. Dy havezathe

waard, nei’t Seino, Pelgrim en Hendrik Hagen de Oeriselske Steaten yn 1622 foargoed de rêch

takearden, it sintrum fan ûndergrûns rooms-katolyk libben yn Vollenhove. Genôch materiaal foar

nij ûndersyk, mar wol spitich dat, doe’t ik de kopij foar dit artikel ynlevere, noch net dúdlik wie

hoe’t de Rentincks krekt sibben wienen.

Wy bliuwe noch even yn Stellingwerf. By de Spanga’s wurdt dúdlik, dat hja út Spangea yn

Weststellingwerf komme, mar de skaainamme earst brûke nei’t hja har yn Makkum nei wenjen

setten. De âldste spoaren rinne lykwols werom nei Stienwikerwâld. Hja binne in leat fan de

famylje, dêr’t ek de famylje Osse út de kop fan Oerisel út skaait. Yn 1640 wie Jacob Jansen yn

Spangea (324) eigener fan 5 pleatsen mei stimrjocht en fan fjouwer foar de helte, de measten op

in rychje boppe de Linde op 'e grins mei Oerisel. Ien dêrfan waard neamd de 'Blauw hof', dy’t

neffens mûnlinge oerlevering yn de 17de ieu tsjinne as skûltsjerkje. Al wer wat jierren lyn haw ik

yn it âlde Ryksargyf ris in praatsje hân mei in hear Weda, dy’t dwaande wie mei in boek oer de

Weda’s (no yn de Gen-kolleksje), dy’t ha woe, dat it houten tabernakel, dêr’t de tsjelk yn bewarre

waard, der noch wie en op dat stuit, wy hawwe it dan oer 1998, eigendom wie fan in famylje De

Jong op 'e Jouwer. Hoe’t dat ek sit, fêst stiet wol dat de paters Fransiskanen yn dy tiid har

kommen hienen op plakken yn Spangea en Spangerdyk en dat de 'Blauw hof' dêr eastlik fan

Slikenboarch ek lei. En goed katolyk wienen de Spanga’s ek. De geastlike Johannes Spangius,

dy’t as pastoar in skoft yn Makkum stien hat, en letter in oanstelling krige as aartspriester yn

Ljouwert, wie de âldste soan fan neamde Jacob Jansen. De twadde soan, Jacobus of Coop (162),

troude yn 1647 mei in Lyuckema-dochter fan Makkum. Sytse ten Hoeve, dy’t yn 2004 it boekje

Lieuwkamastate te Makkum yn it ljocht jûn hat, ûnderstelt dat de relaasje tusken de famyljes

Lyuckema en Spanga mei ferklearber is troch de komst fan Jacobus syn âldere broer as pastoar

nei Makkum. Jacobus syn iennichste dochter Geertje (81) troude yn Stellingwerf mei Francke

Reinders Franckena út in bekend laach, dêr’t ek grytmannen en deputearren út fuort kommen

binne. En Francke sels wie om-en-by syn trouwen yn 1679 tsjerkfâd fan de herfoarme tsjerke fan

Teridzert.

Nei’t Harmen Foekema al sjen litten hat wat der oer de Hellinga’s foar it ljocht kommen is, wol

ik allinnich noch de opmerking meitsje, dat it wol útsûnderlik is dat de geslachtslist fan de smid

Gerryt Ypes (94) begjin 18de ieu yn Grou troch in fynst yn ien kear ferlingd wurde koe ta in

boerefamylje mei skaainamme en famyljewapen yn de midsieuwen.

Wy sille fierder mei de Lyuckema’s fan Makkum. Ut it omparten skema docht al bliken, dat de

Terwisscha’s en de Scheltinga’s der beide útskaaie en ta in hichte dûbele famylje wienen. Sa

wurdt ek dúdlik dat yn de neilittenskip fan de lêste Terwisscha, Acke, dy’t erfgenamt wie fan de

lêste Lyuckema, har mem Sybrich, it mânske besit fan de Terwisscha’s mei û.o. de 'stins' yn

Teridzert en de Scheltingapleats yn Arum, ek Lieuwkemastate yn Makkum siet.

Dizze famylje kende, sa’t Paul Noomen it yn Zorgen voor zekerheid neamt, in 'afstammingslegende'.

Hja soenen ôfskaaie fan harren nammegenoaten yn Seisbierrum, mar echte bewizen

hienen hja net. Neffens oerlevering waard wol sein, dat it âldst bekende âlderpear in Reyn

Liauckama wie, dy’t troud wie mei in Liauckama. Soks komt ek wol út yn âlde beskriuwings fan

famyljewapens op grêfsarken, mar spitigernôch is dat no mar min, of net mear nei te gean, om’t

dy stiennen foarsafier't bewarre allegear ôfhakke en/of útsliten binne. Opmerklik is wol dat

harren wapen al of net mei tafoeging fan in skulp hast of folslein identyk is mei it wapen fan

harren nammegenoaten fan Seisbierrum.

Fan Reyn Meyes Lyuckema (642) stiet no wol fêst, dat er de kopiïst wie fan in eksemplaar fan it

Lânboek of Annaal fan Kempo van Martena. Achteryn dat boek sit nammentlik in almanakje fan

inkele siden mei syn hântekening en oantekeningen oer syn famylje yn in hânskrift dat

oerienkomt mei dat fan de kopy.

As lêste fan dizze omgong sjogge wy noch even by mr. skûtmakker Jetse Meynerts (190) yn

Grou. Yn 1722 stie er foar it gerjocht fan Idaarderadiel, om’t er in boete fan 25 cg net betelje

woe. Dat jier hie er op Peaskemoandei mei in tal famyljeleden, dêrby syn dochter Saap en

neamde skoansoan Gerryt Ypes (94) en oare Grousters yn de 'sogenaamde kerk tot Irnsum' west

'tot het waarnemen van (de) catholique leere, misse of andere superstitie' en dat wie no ien kear

ferbean neffens plakkaten fan 1649 en 1720. No wie de katolike minderheid yn de 18de ieu ûnder

in grifformeard rezjym yn Fryslân wol in efterút stelde mienskip, mar yn 'e praktyk, wie de

ferdraachsumens dochs wol sa grut dat harren skûltsjerkjes bloeie koene, mar, ôfhinklik fan it

politike klimaat en de hâlding fan pleatslike oerheden en predikanten hjir, sloech de balans ek

noch wol ris oer. Dan waarden plakkaten út 1649, doe’t de grifformearden earst goed fêst yn it

seal sieten, noch wer ris op it skerp setten.

Dizze kertiersteat wie wer gjin ienmanswurk. Sjoch mar by de boarnen hoe faak der net ferwiisd

wurdt nei oar wurk. Ek foar dit diel hat prof. Jos Nota wer de earste oanset jûn en hat Harmen

Foekema wer gâns oanfoljende gegevens levere, benammen út Idaarderadiel. Spesjaal har beiden

bin ik tank ferskuldige foar harren bydrage.

Hurdegaryp, 2 desimber 2006 Henk Zeinstra

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!