21.06.2015 Views

juni - t Havenpypke

juni - t Havenpypke

juni - t Havenpypke

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

8

INGEZOIDEI

Bern as trekkersjauffeur

Dat der jonkjes fan sa'n 12,13 en 14 jièr op it boerebedriuw

op in trekker ride is in algemi€n forskynsel.

It is foar sokke bern fansels in hiele aardichheid en foar

heit betsjut it dat hy dan de hannen frij hat foar in soad

oar wurk.

Dat dêr grutte risiko's oan forboun binne nimt men blykber

op de keap ta. Foaral as der ek noch oare bern mei ride

is de k~s op Ongelokken grut,om't sa'n mini-sjauffeur

fansels graech oan syn maten sjen litte wol hwat hy al kin

mei sa'n grut ridend mOnster,mei oan de 8ftakas faek deadlike

masines koppele.Dêrmei binne troch de tiid hinne al

hiel wat slachtoffers fallen.

Sa lang as dizze bern mei de trekker op eigen hiem of l~

ride binne de eventuele gefolgen miskien noch te oersjen.

Qars wurdt it wanneer de lytse man mei it reau op'e

iepenbiere dyk komt. Bart der in oanriding dan is syn heit

as eigener fan de trekker alhiel forantwurdelijk foar de

kosten,want der is gjin forsekering wer't er him op forhelje

kin. En dat dy skea oprinne kin ta kapitale bedragen lit

him riede as der by sa'n Ongelok slimme forwounen binne,om

fan deaden noch mar net to sprekken.

Dan kin sa'n boer opslach boelguod h~lde,want hy sit syn

libben lang fêst oan it forgoedzjen fan de skea.

Dêrom: as ik boer wie soe ik my wol tnzen kear betinke

ear't ik myn soantsje efter it stjnr liet.

As ,Hoekstra

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!