14.09.2013 Views

November 2011 - Terwispel

November 2011 - Terwispel

November 2011 - Terwispel

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -Wispelweagen november 2011 - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -

TERWISPELER OM UTENS

Hendrik Liemburg

Foar minsken fan ûnder de fjirtich sil ik - bûten in tal kuorballers - in frjemden ien wêze.

Om´t ik yn 1970 al út Terwispel weigien bin, sille de minsken fan dêrnei net witte wa’t

Hendrik Liemburg is. Myn Heit en Mem, Jogchum en Griet, myn broers, Alt en Chris, en

myn suster Mettje sille by mear minsken bekint wêze.

Yn achtenfjirtich fan de foarige ieu bin ik berne op ’e Damslûs oan de polderdyk wer´t no

Jochem v.d. Bij wennet. Yn’e tiid dat ik berne bin, wie de slûs mei it Klidzerjucht en de

Wyde Wispel der noch. As wy foarhinne nei skoalle moasten dan gienen wy it

sintelpaadsje lâns nei de Klidze en dêrwei oer de Ald Dyk en Bregeleane. By Hiske lofts

ôfslaan en dan oer in klinkertdyk, dy´t by de âld legere skoalle útkaam. Yn it begjin hold

foar ús dêr de wrâld op. Myn skoaltiid is begûn by Juffrou Lindeboom en doe fia Juffrou

Rinsema en Master Zijlstra einige by Master Jongstra.

Earst trije jier op ’e âld skoalle en dêrnei trije jier op ’e nije skoalle.

Yn myn jongestiid ha ik in soad boarte mei Ultsje de Roos en Alle de Jong. Beide wennen

doedestiids op ’e Klidze. Ultsje is letter ek út Terwispel weigien en is yn it bankwêzen

telâne kaam. Alle sil no wol noflik genietsje kinne fan de opbringst fan syn molkkwotum

wat hja doedestiids krigen ha.

Nei de legere skoalle bin ik – nei dat ik noch fjouwer jier ambachtskoalle hân ha - oan it

wurk gong. Earst by Gouke Hylkema, dêrnei Rinze Dragstra en doe noch oardel jier yn

Terwispel by Hindrik Wanninge.

Underwilems hie ik ferkearing krigen en wienen we ek al ferhuze fan de Damslûs nei de

feart, wêr’t no Jan en Elske wenje

Wylst binne wy al telâne kaam yn 1970. Yn dat jier bin ik mei Geartsje - fan ’e Gordyk -

troud en nei de klaai ferhuze.

Op´e klaai binne wy yn Stiens kaam te wenjen. Ik kaam oan ’t wurk by Banga BV, in

lânboumeganisaasjebedriuw wêr’t ik oan de VUT ta - no trije jier ferlyn - wurke ha.

Wy hawwe achtsjen jier yn in hierwenning yn Stiens wenne en binne doe ferhuze nei in

keapwenning yn Britsum, wêr’t wy no noch wenje.

Stiens en Britsum kinne jo krektlyk besjen as de Gordyk en Terwispel, it leit tsjinmekoar

oan.

- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -10- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!