14.09.2013 Views

November 2011 - Terwispel

November 2011 - Terwispel

November 2011 - Terwispel

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -Wispelweagen november 2011 - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -

Mei stipe fan Geartsje en foaral fan ús Ester - die der in

protte tiid yn stutsen hat - en ek net ferjitte de buorfrou -

dy’t alles foar my neisjoen hat - ferskynt der no in boekje. It

wurdt yn eigen behear makke en sa’t it harren oansjen lit,

komt it yn de twadde helte fan novimber yn ’e ferkeap.

Yn dat boekje steane ek koarte ferhalen - sa’t ik dy

meimakke ha - oer dingen en minsken fan myn bertedoarp.

Under oaren in ferhaal oer Hein en Fokje, Hiske, De

Koaibosk en de Damslûs. Fierders ferhalen oer dingen en

minsken dy’t wy sels sa yn de rin fan de tiid meimakke ha.

It boekje hat rom 120 siden en is 125 x 200 mm grut.

Jimme meie myn wurk net fergelykje mei it wurk fan grutte

skriuwers as bygelyks âld-Terwispelers Goaitzen Burgy en

Atte Jongstra. Minsken fan dat kaliber, kin ik net tsjinoan.

Goaitzen is yn ’e rin fan ’e tiid in foarbyld foar my wurden.

Atte syn wurk kin ik net, mar as jo de lânlike kranten helje,

dan moat it wol goed wêze. It iennichste wat ik mei Atte ha

is dat ik in bak mei mûskes hân ha doe’t hy berne is.

Mar alle twa skriuwers ha wat mei Terwispel, en dêryn bin ik net in útsûndering.

As jimme it boekje bestelle wolle, dan kin dat troch efkes in e-mail te stjoeren nei

hfdp@kpnmail.nl Ferjit net om der yn te setten hoefolle boekjes as jo bestelle wolle, mar

foaral net ferjitte wa’t jo binne en wêr jo wy komme.

Jo krije dan letter wol wer in e-mail fan ús wêryn stiet hoe wy de saak ôfhannelje sille. In

telefoantsje nei 058-2572704 mei ek wol.

It boekje kostet € 9.95 en as de post it bringe moat dan komme der noch wat kosten

oerhinne.

Ophelje mei ek. Skilje dan earst wol efkes, want dan kinne wy der foar soargje dat de

kofje klear stiet.

Groetnis Hendrik en Geartsje Liemburg

De Kamp 12

9055NM Britsum

Prachtig koffiezetapparaat te huur!

Heeft u een feestje met veel gasten en ziet u er tegenop om vele kannen koffie te

moeten maken, dan hebben wij de oplossing!

De ouderraad van de basisschool stelt het koffiezetapparaat beschikbaar voor maar €5,00

euro!!!

Het enige dat u hiervoor moet doen is Jan Hendrik Huisman bellen om het

koffiezetapparaat te reserveren, tel:06-50610853

U kunt dan met Jan Hendrik afspreken wanneer u het koffiezetapparaat ophaalt en

vanzelfsprekend weer schoon terug brengt!

De ouderraad van basisschool ‘t Ambyld

- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -12- - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - - -

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!