28.09.2013 Views

Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel

Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel

Wispelweagen - Mei 2013 - Jaargang 42 - Terwispel

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Wispelweagen Januari 2013

Oantekens fan de gearkomste mei oansletten ferienigingen op 16 april 2013 yn Us

Doarpshûs

Oanwêzich: 5 bestjoersleden, 1 behear, 10 fertjintwurdigers oansletten ferieningen en 4

belangstellenden.

Ofwêzich mei kundskip: Helma Bergsma, BardJan de Jong, Jeha Jehannes nnes Veenstra en Afke

Terpstra.

1. Iepenjen

Foarsitter Oene Bosma iepenet om 20.00 de gearkomste en hjit de oanwêzigen fan herte

wolkom.

2. Meidielings en ynkommen stikken

- Der is begûn mei it ferbouwen en útwreidzjen fan it doarpshûs.

- It bestjoer wol in bettere ynfolling jaan oan de stipers fan it doarpshûs. Alle ideeën

binne fan herte wolkom.

- De frijwilligersjûn wurdt hâlden as it heechste punt fan de nijbou berikt is.

- Teake van der Meer, Gryt Wiersma en Minze Dijkstra komme op 20 april 2013.

- Tryater spilet op 30 okober 2013 it stik In moaie jûn yn Us Doarpshûs. By de lêste

foarstellingen fan Tryater wie de opkomst min.

- Op de gearkomste rkomste fan de iisklup waard suggerearre dat it doarpshûs by de V.O.M.tocht

alles yn rekken brocht hat, ek de hier fan sealromte, hoewol’t dit barren foar it

doarpshûs in bêste ynstruier wie. Dat kloppet net alhiel. De sealen wienen fergees

oan de organisaasje aasje fan dy tocht beskikber steld. Neffens ôfspraak hat it doarpshûs

de konsumpsjes mar foar in part yn rekken brocht.

- Fierders hat it doarpshûs yn 2012 foar sa’n € 1.000,-- in tal aktiviteiten fan oansletten

organisaasjes stipe.

- Ek hat it doarpshûs sels in tal fan aktiviteiten organisearre.

- Yn septimber 2012 wie it twajierlikse doarpsfeest.

3. Oantekens fan de gearkomste fan 17 april 2012

De oantekens wiene noch makke troch âld âld-bestjoerslid bestjoerslid Anneke van Ginneken. Sy wurde

ûnferoare fêststeld.

Der wurde nei oanlieding nlieding fan de oantekens gjin fragen steld en ek gjin op op- of

oanmerkingen makke.

4. Jierferslach 2012

It jierferslach wurdt ûnferoare fêststeld. Der wurde nei oanlieding fan it jierferslach gjin

fragen steld en ek gjin op--

of oanmerkingen makke.

5. Finansjeel ferslach 2012 en begrutting 2013

It finansjeel ferslach wurdt troch ponghâlder Oeds de Vos taljochte. Oeds hat it ferslach

noch mar krekt ûntfongen.

Pagina 7

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!