07.10.2019 Views

Diggelfjoer 38-1 oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Adverteerder in beeld

Roelie Zijlstra is eigener fan

LeerKRACHTcoach: “Grut dreame, lytse

stapkes meitsje en derby dyn doel goed

foar eagen hâlde”

Troch Elisabeth

Wy binne tige wiis mei ús adferteerders yn de doarpskrante en sette se

graach ris yn de ‘spotlight’. Derom bin ik dizze kear op besite by Roelie Zijlstra,

ek wol bekend as ‘LeerKRACHTcoach’. Ik kin Roelie wol en wit eins ek

wol wat har dwaande hâldt, mar bin dochs ek wol nijskjirrich nei de

ûndernimmer yn Roelie…..

Roelie Zijlstra (42) wennet mei har man Watse en 2 dochters Hester en Else

oan de Tsjems 7 yn Itens. Harren prachtige hûs is no ek gelyk Roelie har kantoar.

Roelie wurket in soad fanút hûs en kin faaks har eigen tiid yndiele.

Earder hat Roelie mear as 18 jier yn it ûnderwiis wurke as leerkrêft. Sûnt 4

jier is Roelie oan it wurk as selsstannige en wurket dêr njonken noch twa

dagen yn de wike foar NHLStenden/Primus as ‘Schoolopleider’. Nei har

romme ûnderfining yn it ûnderwiis, wie it tiid foar wat oars. Neffens Roelie

hat eltsenien in ‘keerpunt’ yn syn libben, it momint dat je beseffe dat it ek

oars kin.

Roelie wie op syk nei mear útdaging yn har wurk. Tidens in loopbaantrajekt

kaam der sa efter dat sy der bliid fan wurdt om minsken te helpen, se it fijn

fynt om projektmatich te wurkjen, se ûndersykjend, ûndernimmend en kreatyf

is. It ferskil meitsje kinne foar oaren en derby sels dyn tiid yndiele kinne,

makket it dat Roelie sûnt 4 jier oan de slach is as LeerKRACHTcoach. It

wurdsje KRACHT yn haadletters, omdat Roelie yn de coaching altyd út giet

fan in persoan syn krêft.

LeerKRACHTcoach bestiet op dit stuit út trije ‘takken’: Beeldcoaching, Loopbaanbegeleiding

en trainingen/workshops.

Wat moatte wy ús dêr by foarstelle?

Roelie hat in twa-jierrige oplieding Beeldcoaching® dien by Christine Brons;

sy is de betinker fan de methode Beeldcoaching®. Roelie giet as folgt te

wurk: As earste hat se in intake-gesprek mei de dosint (opdrachtjouwer/

klant/trainer/workshoplieder); tidens dizze earste kennismakking giet Roelie

op syk nei de kwaliteiten fan de dosint. Ek prebearret se der efter te kommen

wat noch lestich foar de dosint is. Nei oanlieding fan dit gesprek komt Roelie

gericht filmjen yn de klasse.

Oan de hân fan fideobylden makket sawol de dosint as Roelie dernei in analyse.

Dernei folget in coachingsgesprek mei de dosint mei de fideobylden derby:

wat giet goed en wat kin der better? Guon minsken moatte der wol oan

wenne om harren sels werom te sjen op byld, mar Roelie makket alles besprekber.

Iepen mei inoar kommunisearje en de dosint bliuwt sels eigener fan

de bylden.

Ut it coachingsgesprek folgje in oantal ûntwikkelpunten wêr’t de dosint mei

33

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!