07.10.2019 Views

Diggelfjoer 38-1 oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

Diggelfjoer oktober 2019

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Hoe is het no mei Tjeerd en Anita Dijkstra

Somtiden krije jo wat help by it skriuwen fan in stikje en dan is it hast of

skriuwt it harsels.

As wy werom fan fakânsje by Venlo de grins oerride krij ik yn ien klap 184

nije app berjochten binnen! Ik fûn it earst al wat ferfelend dat myn tsjinsttillefoan

yn it bûtenlân gjin tsjinst die, mar efterôf wie ik der tige bliid om! Ek

de e-mail koe ik net ûntfange en einliks wol ik nea wer oars!

Tusken de 184 berjochten sit ek ien fan Tjeerd Dijkstra. Hy freget my dêryn

of ik lâns komme wol om mei harren in stikje te skriuwen, omdat se op

3 augustus fan harren pleats op Meilahuzen ferhuze binne nei Wommels ta.

Dat moat fansels altyd wêze. Tsjin sa’n oanbod kin gjin redaksje gearkomste

op. We prate ôf yn harren nije hûs,

oan de Ljurk 9 yn Wommels. Ik moat

twa kear de rûnte omride om it hûs te

finen. De nûmering is net allike logysk

en it binne der allegearre bedriuwsbuskes

en karren fan skilders,

ynstallaasjebedriuwen en strjitmakkers.

Tjeerd en Anita wenje no yn in

frijsteand hûs net fier fan de famylje

Viëtor. It is in modern ûntwerp mei in

protte hout oan de bûtenkant. No´t ik

it opskriuw betink ik my dat it

wierskynlik wol keunststof wêze sil.

Mar jimme snappe wat ik bedoel.

Ek oan it hûs fan Tjeerd en Anita

wurdt noch hurd wurke. De oprit moat

noch oanlein wurde en sa te sjen sil

dat hjoed barre. De bekende bus fan

Evert Tanja (tún-oannimmer) stiet

foar de doar. Anita lit my deryn en

giet my foar troch it hûs nei de tún. Ek

binnen is it wurk noch net klear. Sa

hat it hûs noch gjin keuken. Anita

docht der net dreech oer. “Het is even wennen, maar het lukt prima. We

vonden op zolder nog een elektrische kookplaat en samen met een tafel en

een kleine koelkast kom je dan eigenlijk een heel eind.”

Efterhûs sitte Tjeerd en Evert al oan de koe en wy skowe oan. Dan krij ik út

ûnferwachte hoeke noch mear help by it skriuwen fan dit stikje. Evert feroaret

nammentlik fan tún-oannimmer yn ynterviewer en ik wurd syn notulist. Sa

kom ik sûnder fierdere ynspanning te witten dat Anita fan Snits komt en dat

sy wurket as learkrêft tsjinstferliening en produkten op it RSG Magister yn

Snits. Dit giet as it slydjaget.

6

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!