10.09.2013 Views

Dorpskrant 2.4 sept. 2007.pdf - Mildam

Dorpskrant 2.4 sept. 2007.pdf - Mildam

Dorpskrant 2.4 sept. 2007.pdf - Mildam

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Jouke wie der dan ek tige mei op ‟t skik, al wie it foar him fansels wol

efkes wenne. Dochs like hy tige lokkich. It koste fansels mear dan doe‟t

er by mem thús wie. Jouke wie in man dy‟t hold fan oarder en regel en

hy krige dan ek it behear oer de sinten. Wypkje krige dan ek alle wiken

it húshâldjild taparte. Dat wie Wypk wol goed, want se krige de earste

wiken ek wol genôch. Hja hâlde sels oer en lei dit apart, yn in potsje.

Mar ja, de earste wiken kinne jo ek wol fan de leafde libje, mar dat

bliuwt net sa.

Jouke soe Jouke net wêze as hy him der net mei bemuoide. Hy liet

Wypkje de earste wiken har gong gean, mar doe kaam er ta dyn doel.

Hja moast rekkenskip dwaan fan har útjeften, Jouke woe witte wêr‟t it

jild bleau. Sneontejûns moast se har húshâldboekje oan Jouke sjen litte.

Hy beseach de sifers en koe tefreden wêze, want Wypkje joech gjin sint

ûnnedich út.

It libben waard djoerder, mar dêr hie Jouke gjin each foar. It barde sels

dat Wypkje net mear mei har húshâldjild ta koe. Dit sinnige Jouke net

en al hoe‟t se ek prate, se krige net mear. Hja hie noch wat yn har reserve-potsje,

want oars hie se sels skulden meitsje moatten. Se hâlde

noch wol fan Jouke, mar syn berop-blinens wie wol wat in argewaasje.

Ynwindich wie hja duvels, mar se doarst har net te uterjen. Doe‟t Jouke

oan „e ein fan de wike „t húshâldboekje kontrolearre, seach er frjemd

op, want wat stie der yn? Neist de gewoanlike útjeften oan bakker,

slachter en winkelman stie der in post fan wol hûndert gûne.

Jouke seach der oandachtich nei mar koe der net útkomme, want der

stie: ”s t d f g” f 100,-. Jouke waard lilk en easke fan har in ferklearring,

mar se wegere en sei: “Do moast dit sels mar útsykje”.

Hy woe en soe it witte en doe‟t eameljen en seuren neat joech, begûn

er mei in moai praatsje. Mar Wypk joech gjin belies en sei neat. It wie

dan ek al jûns op bêd dat Jouke it gewaar wurde.

En wat betsjutte de letters “s t d f g”:

Samar Troch De Fingers Glûpt

Jouke hie syn leske leard en sei dan ek, nei‟t er syn Wypk yn syn earms

sletten hie, wy hâlde op mei it húshâldboekje, do bist mei mear wurdich

as al myn jild!

Mildamster Brêge 32

F. Krekt

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!