24.09.2013 Views

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Ferslach „Fûgelekskursje‟ foar skoalbern by de Leyen

(woansdeitemiddei 20 april ‟11)

Dielnimmers:

Gea, Marscha, Wineke, Folkert, Hylke, Pierre en Wessel (skoalle

„De Gielguorde‟ fan‟e Tike)

Femke, Teun en Willem („De Balsemyn‟ fan Eastermar)

Emiel, Erik en Jona („De Wynroas‟ fan „e Harkema)

Luna („De Bernebrêge fan „e Pein), Renzo („De Arke‟ fan Burgum)

en in pake en in heit.

Lieding fan „t IVN (Feriening foar Natoer en miljeu edukaasje):

Sieberen Postma,

Ysbrand Brandsma, Baukje de Boer en Jantsje Zwart

Tsjin twaën kaam eltsenien by it jachthaventsje fan‟e Tike oan. Dêr stie fuort al in fotograaf fan‟t

Friesch Deiblêd klear om in kykje fan „e bern te meitsjen!

Sieberen Postma hiet eltsenien wolkom. Fierderop, by in bankje helle Sieberen syn

„nuverichhedendoas„ te foarskyn. De bern mochten riede wat al syn fynsten foarstelden! En dat

wie in protte: in poatsje fan in ree, in braakbal fan in wikel, skeletsjes fan fûgelkopkes

(Strânljip/Scholekster), fan in muskusrôt. En…ek in pikepoat!

Spannend wie it om oan in moai wyt feltsje te fielen… Dat wie it feltsje fan in wite mol! Ut in

bôletromke kamen in pear kevers, ek de „ferneamde‟ Maaituorre (Meikever). De larves fan „e

maaituorre (Spekrûp/Engerlingen) dy‟t ûnder de grûn sitte, kinne flink húshâlde yn ús túntsjes!

Mar fûgels bin der gek op!

Op‟t lêst helle Sieberen noch wat hiel frjemds foar‟t ljocht… It hie wat fan in tennisbal, mar dan

mei in hiele nuvere foarm. It wie in keuteltsje fan in hûn dy‟t in lekker stik tennisbal hân hie!!

Doe wie‟t tiid om it fjild yn te gean: oer it polderdykje, dêrnei oer in

brechje rjochting gemaaltsje, om út te kommen by‟t útsjochpunt De

Putten.

Wat seagen wy in protte ûnderweis: bloeiende Djerreblommen

(Dotterbloemen), Pinksterblommen, Hynsteblommen en bloeiende

Wylgebeammen en Hagedoarnen (Meidoorns).

Fuort oan‟t begjin seagen wy al in pearke Wylde einen. Dêr swom ek

in Easteintsje (Krakeend) Sokke eintsjes ha in wyt stikje yn‟e

wjukken.

In Ielgoes (Aalscholver) fleach oer ús hollen hinne. Wy seagen letter in eilantsje yn‟t wetter dêr‟t

de Ielgoezen yn groepkes byelkoar sitte. Dy beammen bin hielendal keal wurden fan „e skerpe,

soere stront. Op „t lêst lizze de beammen it ôf. En stjonke dat it dêr docht!

Yn in boskje hearden wy in Fitis, mar hy siet sa ferstoppe tusken de blêden dat we him net

„spotte‟ koene. Ek de Reidsjonger (Rietzanger) liet him dêr hearre, mar ek net sjen!

Fierderop wiisde Sieberen ús op allegear grutte kringels yn‟t wetter. Dat diene de Brazems, it is

no wer paaitiid! Sieberen fertelde dat de fisken dan efter elkoar oanjeije. It mantsje driuwt it wyfke

yn‟t reid en dêr sjit hja har kút. De aaikes hechtsje har oan‟e planten. It

mantsje lit it „hom‟ dêr op falle sadat de aaikes befruchte wurde. Dan groeie

der wer lytse brazemkes, at de Ielen de aaikes teminsten net opite.

Brazems grave faak yn groepkes op‟e boaium yn‟e modder, op syk nei

boaiumbistkes. Modder en stikjes fan planten spuie se wer ut!

En, ik miste it krekt, guon bern en Sieberen seagen in snoekje út it wetter

omheechspringen!

De bern waarden ûnderweis ek in plant gewaar dy‟t hja „Legostientsjeplant‟ neamden!

Dat wie in moai betochte namme, want hy is hol fan binnen en kinst him yndie yn- en

út elkoar dwaan. Dizze plant hjit yn‟t echt „Holpijp‟. Hy stamt ôf fan in hiele âlde

plantefemylje mei de namme „Paardenstaarten‟. Dy kamen hjir 300 miljoen jier lyn

foar mei planten dy‟t wol 20 meter heech waarden. Mar yn dy tiid wie hjir in tropysk klimaat!

42

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!