24.09.2013 Views

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Baas en Hûn in echt “team”

Sa as sa faak, gie ik mei de hûn nei de Leyen. Moarns is it der hiel rêstich en dan is it

moai om dêr te rinnen. De hûn wat snuffelje, sa no en dan de poat omheech, wat gers

frette, sa giet hy rêstich syn gong en lit him net fan é wize bringe as der in pear einen

ûnferwacht út de ûnderwâl omheech fleane. Stekt hy de noas yn de loft ,dan moat ik om

my hinne sjen, want dan binne der reeën yn de buert. Soks is altyd moai.

Ek de hazzen dy‟t efter elkoar oan fleane is in lust om nei te sjen. Ik rin dêr sa moai en de

hûn komt in eintsje efter my oan. Hear ik dêr in laam mekkerjen. Ik goed om my hinne

sjen, mar koe him net fine, ek net yn de sleat. Dat ha ik fêst ferkeard heart dus rin ik

fjirder. Dêr ynienen begjint de hûn te blaffen. Hy wie alhiel oerémus, mar efkes werom en

sjen!!!

Dêr stie it laam yn de sleat deun tsjin de wâl oan, mei it kopke krekt boppe wetter.

Ha tsjin de hûn sein dat er efkes lizzen gean moast, dan soe ik besykje om it laam mei de

honneriem út de sleat te krijen. Dit mislearre. It laam sprong nei de oare kant fan de sleat

kopke ûnder. Doe hong hy oan de oare kant fan é sleat tsjin de wâl oan, mar koe der net

út komme.

Bin doe oer twa hikken klom, bin langút yn de sleatswâl lizzen gien en besykje it laam der

út te krijen. Wat wie dat bist swier, ik krige it net klear!! Hoe no?

Dan mar in skoech en sok út, de bokse fan é broek omheech en doe de foet yn de sleat .

Doe koe ik mear kracht sette en krige it laam op é wâl. It wie in wyt laam, mar no wie it

swart fan de modder, mar hy wie út de sleat!!!! No wit ik net wa as blider wie it laam,de

hûn as ik.

De hûn hat in beleaning fan my krigen want dy hie him fûn.

Efter de pûst, smoarch en mei jokbulten fan é brânnettels, binne wy tegearre wer fjirder

gien, thús de brot mar yn de wask.

Sa binne wy in geweldich team tegearre, “in laam rêde fan de ferdrinkings dea “.

Mar fan de slachter sille wy it wol net op rêde...!!

De nije wente fan Klaas Leistra? !!!!!!

As jo sa mei de hûn te rinnen geane , hearre /sjogge jo soms dingen dy gjin wurd ha

meie. In slach troch de Legauke Bosk, want dêr is it ek sa moai en dan oer de Hoannen

werom.

Is dêr by it hûs fan Hackemuller, ien fan de jonges fan Klaas Leistra oan it wurk op it

hiem. Der stiet ek ien by him te praten.

Soks mei ik ek graach dwaan, dus ek efkes mei prate. Dan komt de fraach:” wat dochst

sto hjir”? Op in antwurd wurdt net wachte. Hat jimme Heit dit hûs kocht, och heden ja hoe

soe it ek oars.

De Wringe draait as in tierelier, dat dit “optrekje” kin hy no wol betelje!

Mei dy wittenskip bin ik wer fjirder gien, mar soks mei fansels net fjirder ferteld wurde,

soks moat de streek net oer....

Ypie

51

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!