24.09.2013 Views

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

It Brechje - Opeinde

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Op in stuit seagen wy ynienen yn‟e fierte in rôffûgel: in Mûzebiter (Buizerd)! Swarte krieën (Zwarte

kraaien) fleagen om him hinne om him fuort te jeijen!

Efkes letter seagen we noch in rôffûgel: de Brune Hoanskrobber (Bruine Kiekendief). Hy

skommele moai oer‟t reidfjild, kin ynienen draaie en keare. Prachtich moai om te sjen! Us lêste

rôffûgel dy‟t wy seagen wie in Reade wikel (Torenvalk), dy‟t sa moai stean

kin te „bidden‟. Hy beweecht dan hiel hurd mei syn wjukken en hat de sturt

breedút stean. Sa loert er in skofte nei syn proai en dûkt dan ynienen rjocht

nei ûnderen om dy te gripen. Hy sjocht sa skerp dat er fan 100 meter ôf de

mûskes al sjen kin. Sels de „pisspoaren‟ fan mûskes nimt er waar!

By de Putten ûntduts Sieberen in „Heidehipper‟

op in hikkepeal. Nee, net it Tykster

doarpskrantsje! It is in fûgeltsje sa grut as in mosk. Hy is hjir fan maart

oant oktober. Hy briedt yn stienheapen (ek bou-ôffal) en kninehoalen.

Yn‟t Nederlânsk hjir er „Tapuit‟.

In oar lyts fûgeltsje dat wy seagen wie in Putter. Hy siet moai boppe

op in Tuorrebout (Lisdodde) oftewol „Bollepyst‟ (sa neamd op „e

klaai..).

Op‟e weromreis kamen in pear famkes yn‟e Brannettels

telâne! Baukje behannele har mei de bledtsjes fan‟e

Tongerblom (Hondsdraf). Hja wriuwde de bledtsjes

foarsichtich op‟e seare plakken en it holp echt! In tip: it

Tongerblomke groeit faak yn‟e buert fan Brannettels!

Trouwens, der binne wylde planten dy‟t wy ite kinne. Mar

dêr witte wy eins neat mear fan. Baukje liet de bern de

Sûchnettel (Witte dovenetel) sjen. De bledtsjes fan dizze

plant kinne iten wurde as spinaazje. En yn‟e wite

blomkes sit sop dat smakket nei hunich. In pear bern ha

it preaun en fûnen it lekker!

Der wiene ek jonges dy‟t op‟e Soere surk (Veldzuring) kôgen. Ik ha it net besocht, mar it skynt wat

rabarbereftich, soerich te priuwen. It moat ryk oan vitamine C wêze, eartiids waard it wol iten tsjin

„skuorbûk‟ (scheurbuik). De plant kin brûkt wurde yn sla en om sop fan te meitsjen.

Op‟t lêst bin wy noch efkes nei de fûgelkykhut oan´t begjin rûn. Dat wie de ein fan in skitterende

ekskurzje!!

De bern wiene hiel belutsen en ynteressearre. Mei it prachtige waar derby, koe it net moaier!

43

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!