10.07.2015 Views

April - t Havenpypke

April - t Havenpypke

April - t Havenpypke

SHOW MORE
SHOW LESS
  • No tags were found...

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

30Y N S T JOE R D(Wytse Balsma (75) is in warber man. Net allinnich yn'e mienskip fan Aldeboarn, mar hy sette ek op papier[-vat er sa al meimakke yn de jierren doe't er feint wieby Willem Bottema. Dat wie yn 'e oarloch en oant 1948ta. Syn heit en dy wennen doe yn Wurdum)Neitinzen fan in smidsfeint ût de oarlochsjierrenyn WytgaardYn it begjin fan de oarloch kaam ik by Willem Bottema asbegjinnend feint en fertsjinne f 4= wyks. Ik kaam fanWurdum, myn heit en mem wennen oan de spoardyk, sadwaandefjouwer kear deis hinne en werom. It wie te dwaan (oer dehoutsjes ?). Willem hie net it measte smidswurk, dat dieJoh. Brinksma. Willem vlie mear in man fan de hannel. Synheit Watze Bottema wie in earste fakman. Hy wie ek foarsitterfan it BOn fan Smeden Patroons.Doe' t Willem autogenysk laskjen oanskafte hat de aldmander net wer west. Dat is plakken sei er. It gas wat no ynflessen sit, kaam doe ut in apparaat dat mei karbidwurke. Sa hie ik AldjiersjOn altyd in protte karbid ommei afdankte molkbussen te sjitten.Age Wybren Jongbloed kaam del mei in hynder: nije izers,sei er. Ik drok oan i t skreppen. It lêste izer slaggenet. As ik oan 'e lêste poat kaam sloech er, hy wie nette benaderjen. Kinst dy poat net beet halde, sei de boer.Besykje jo it mar, sei ik. No wie de man hiel wat mansk,hy wie net lyts en woech om-en-de-by de 200 pOn. Nei inpear tellen lei er op 'e strjitwei, it bist hie der gjinmuoite mei. Letter die bliken dat de feedokter al in pearkear mei dy poat dwaande west hie. Soks ferjit sa'n bistnet. Ik wit noch dat 4 nije izers en it wurk doe f 15=koste. In boere-arbeider fertsjinne doe in gOne as 17oànt 19 wyks.Johannes Brinksma wie in echte hoefsmid. Watze Roorda meisyn protte Fryske hynders hie er ek as klant. In hynder\-laard by dizze man gj in baas. Hy hat wol ris in pear

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!