10.07.2015 Views

April - t Havenpypke

April - t Havenpypke

April - t Havenpypke

SHOW MORE
SHOW LESS
  • No tags were found...

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

31hondert meter fan de smidte 6fstien, hy liet net los.Soan Ate fleach mei de gleone izers hin en wer. It naaideder faak ut. Johannes flokte, i t tongere der oer yn . ebuorren, mar hy bleaun baas oer it hynder.Yn it begjin dat ik by Willem wie waard der noch benzineferkocht. In pomp mei 2 glêzen fan 5 liter, streepkesderop foar de litermaten . Doe hiene wy i t noch oer inmingel. Der siet in flengel pomp oan, de slang yn de tanken as it glês fol wie, leech rinne litte om it oare glêswer fol te pompen, foar 17 sinten de mingel. Ut de hollewei rekkenje wie doe net sa slim, dat fak hiene wy opskoalle han.Hoe fierder mei de tiid, hoe mear banplakken. Nije fytsbannenwiene net mear te krijen, dy wiene op 'e bon. Menmoast oanjaan kinne hoefolIe km. men fan it wurk of wenneom in bon te krijen. Oars moast men rinne. Foaral demolkehellers üt LjoUVlert kamen geregeld del. Se hienemeastal in fêste boer en hiene dan wat flessen by harrenyn de tas foar de molke. It banplakken koste doe inkwartsje, letter die it in dûbeltsje mear. Men hie somstwa bannen oer elkoar hinnen. Ik plakte doe 4 ta 5 bannenyn 'e moarn. Yn i t alderlêst kamen de minsken utHollan del. Op 'e fyts ut Amsterdam as Den Haach. Foaralyn de winter mei snie wie i t moardzjen en somtidenhellen de lanwachters de minsken i t guod of. Iten waardsomtiden mei gouden of sulveren sieraden betelIe. Sawaard der ek wol misbrûk fan makke. Yn Fryslan wie i tnet rom, mar wy koene us ridlik rêde. Foaral de tabaksbonnenwie goud mei it ruiljen.Yn 'e winter fan '44 kaamder in frommiske mei in stikkene fyts. Ik wie dwaande itfehikel te meitsjen, doe' t i t minske yninoar sakke. Wybrochten har yn 'e keamer, se hie de hiele dei noch gjiniten han. Willem syn frou rêde har dermei, 4 oeren letterkoe hja wer fuort; soks komt je nei oan.Klompen wie al sa wat. Ien fan de timmerlju besochtklompen te meitsjen. In blok hout mei in gat is noch gjinklomp. Brinksma besocht om dêrfoar ark te meitsjen.In oare kear fierder.Wytse Balsma

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!