20.12.2018 Views

Doarpskompas januari 2019

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Nije dichtbondel Harm Woelinga

De stilte ropt

De stilte ferbrutsen, de wurden sprekke wer

It hat efkes stil west, mar nei acht jier wurdt

de stilte lang om let ferbrutsen en hat

Harm Woelinga út Feanwâlden syn tredde

dichtbondel útbrocht. “Ik hie al langer

wat wurk lizzen, mar de tiid wie doe noch

net ryp. De bondel is it einprodukt fan in

ripingsproses“, sa fertelt Harm as ik by him

oan de keukenstafel sit. Yn de “De stilte ropt”

beskriuwt er, hoe’t hy it libben oppakt nei’t de

dea “de doar mei in klap efter him tichtlutsen

hat”. Mar it skeinde blêd op de omslachfoto

is noch grien genôch en lit de stilte fan de

blauwe loft oer him hinne komme…

Direkte oanlieding foar it útbringen fan dizze

bondel is it ferstjerren fan harren dochter

Kristine (11 jier), yn 2004 oan leukemy. “Dat

wie foar ús in drege tiid, mar ek ien dy’t sjen

liet dat men troch famylje en freonen mei in

soad waarmte omkringe wurdt “. Sa’n tragysk

foarfal lit djippe spoaren nei, mar men siket

“de leafde om nije paden yn te slaan”. Mei

it útkommen fan dizze nije dichtbondel “De

stilte ropt” krije syn eardere bondels “De lêste

tút”(2009) en “Taastber fier fuort”(2010) in

ferfolch.

“Mei it útbringen fan dizze lêste bondel

wol ik sjen litte dat men net yn it fertriet

hingje bliuwe moat. Der is noch safolle

om fan te genietsjen. Ek al bist skeind, it

libben giet troch. It dichtsjen sjoch ik as in

ferwurkingsproses. Myn earste gedichten

skreau ik fuortendaliks nei it ferstjerren fan

ús dochter. Dy wiene doe yn it Hollânsk, mar

de Fryske taal is de taal fan myn gefoel. Dy

útdrukkingen en siswizen steane folle tichter

by my, dêrom bin ik fierder gong mei it

meitsjen fan Fryske gedichten. Dat doch ik mei

sa min mooglik ynterpunksje en haadletters.

De lêzer moat sels mar de klam lizze op

wurden en sinsmelody. Allinne as it foar de

dúdlikens echt moat, set ik in haadletter of

bygelyks in fraachteken. “

Foarm en ynspiraasje

“Ik boartsje graach mei wurden en sinnen

en de foarm fan de gedichten. Sa is it earste

gedicht fan de bondel makke troch wurden

wei te litten út in krante-artikel. Dêr ha ik

meardere fan makke, mar dy’t pleatst is fûn

ik it meast tapaslik. Fierder brûk ik Japanse

fersfoarmen, lykas de wol bekendere haiku.

Troch in column yn de Ljouwerter Krante

kaam ik op it idee om in saneamde villanelle

te brûken: in fan oarsprong fyftjende iuwsk

Napolitaansk hoedersliet mei as opfallendst

skaaimerk twa rigels dy’t hieltyd yn de

strofes weromkomme. It fers telt njoggentjin

rigels, dêr’t net mear as twa rymklanken yn

foarkomme meie, en rigels moatte kompleet

oanhelle wurde, te witten 1, 6, 12, 18 en ek 3,

9, 15 en 19. Dy foarm ha ik yn dizze bondel

yn ien fan de gedichten tapast.“ Meastentiids

brûk ik de mear frijere foarm.

“Yn de wykeinen siet ik faak noch let achter

de kompjoeter, want de stilte fan de nacht

jout ynspiraasje. Soms lei ik krekt op bêd en

dan skeaten wer allegear wurden en sinnen

troch my hinne. Ideeën waaie dan oan. Eins

moat ik dy daliks wer opskriuwe, mar penne

en papier lizze net njonken it bêd. Op fakânsje

06

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!