15.11.2012 Views

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Né, wy wolle fis rekwisitoir net fierder utwreidzje. Wy wolle ek nou al fêstlizze,

det de motiven nou noch like goed as for fjirtich jier, ja niear noch, wize op 'e

needsaek de suvelko~peraesje tsjinje to litten sawol for technyske forbetterino-

as for rasjonéler ófset fen it produkt; det men mei in healwei ophálden minder

as de bette fen de doelstellings bistribje scil; det men boppedet ek de oaren,

dy't stean bleaunen op hwet troch al dizze tiden hinne grounslach wéze moast,

bihindert de fruchten to ploitsjen teil hjar skrippen en wrotten.

Hjir leit in great tokoart. It hat gjin sin op dit plak to pleitsjen for mear ynsjoch

by hjarren dy't troch it tapassen fen in healslachti de koöperaesje hiel Fryslán

skea dogge. As wy lykwols neigean hwet de oarsaek west hat fen it mislearjen

teil safolle det us pioniers for de geast stie, den moatte wy dit tokoart oantsjutte.

Fierders doel en praktyk tsjin elkoar oer stellend, sjugge wy noch in crreater

mislearring by it bistribjen fen bettere sosiale tastánnen for de boer en syn arbeiders.

Do't de áldcre foarmannen bigounen yn to sjen, det yn in hiel Fryslán

en it hiele suvelbidriuw omfetsjende suvelko~peraesje greate takonist bisletten

lei, do ha hja leaud yn 'e mool;likheid fen sa'n ienriedich Frysk meielkoar gean.

Nou sjugge wy ho't det tsjinfallen is. Net allinnich binne folle febriken healwei

stean bleaun, mar folle boeren binne noch like fier as in heale ieu tobek, do't

men it gjin minske kwea-of nimme koe as hy noch gjin ynsjoch hie yn it forskil

twisken kffiiperatyf en spékulatyf bidriuw. Noch likernóch it fjirde part fen

Frysláns boeren lit hiel de ko~peraesje káld, for in great part wol fielende det

dy koóperaesje ek for hjar waerboargen jowt, mar de plicht net op hjar skouders

nimmend om den ek for dy waerboargen mei to striden en fierstomin bigryp

toanend, det hja troch hjar ófsidine hálding for oaren en for hjarsels de

doarren skoattelje nei in wissere takomst.

Sa wier it yn it forline. Sa is it nou. Sa scil it bliuwe salang as in great part feit

fis boeren mear bitrouwen hat yn trédden as yn hjarsels. Foarhinne wier it dêrby

noch mear in saek fen lytsere oarder, al ho bilangryk ek. Nou wirdt dit lykwols

in saek fen bihearskjend bilang for it gehiel.

As ca de needsaek ta kodperatyf forwirkjen fen us málke en fen organisearre

Mset fen Cis produkten dudlik oantsjut wirde koe, den is det wol nou ! Yn dit

tiidrek -iet it net mear om kwaliteit en priis allinnich. Nou binne der waerden

yn it fjCir brocht, hwer 't hiel de Fryske boerestán fen ófhinget en net allinnich

op materieel gebiet. Hjoed-de-dei steane de spékulative febriken en mei hjar de

oan dy op winst ynstelde undernimmings leverjende boeren tsjinoer de kodperaesje,

mids yn [091] in Gntjowing fen it ekonomysk libben, hwêrfen de ein for

alle boeren de lêsten drage scil.

Hjoed giet it der om, eft de boer syn eigen lot yn hannen hálde scil for safier

hegere machten him det tasteane, as wol eft oer him hannele wirde scil, mar

den sunder him en ek net ienrins mei him. Oer in great part fen 'e wráld wállet

in striid om grounstoffen; in striid meiiens om it bihearskjen fen 'e distribusje.

Greate ynternasjonale machten, bleat ynsteld om for hjar rnillioenen-kapitalen

de greatst muglike rinte to meitsjen, net achtsjend de bilangen fen folken en

Heruitgave www zuivelhistorienederland.nl 91

© F.C.Z.E.V. 1938

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!