15.11.2012 Views

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

40 Jr Frico - Zuivelhistorie Nederland

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

lánnen, untwikkelje hjar niear en mear ta in bihearskjende pesysje, de grounstoffenmerk

bihearskjende en de distribusje en konsumpsje dêrnést yn hjar

macht haldend. Ek by de suvel is det it gefal.

Hwet scil de utkomst hjir wêze as dit frjemde greatbidriuw wint? As wy nei syn

praktiken op oare plakken sjugge, kinne wy det witte. Dy utkomst scil dizze

wêze, det men fis Fryske boeren bodzje litte scil fen moarns ier oant jouns let

ta, sa as hja ek graech wolle en dogge, mar dy scil ek dit ynhalde, det fen hjar

wirk de fortuten gean scille nei det frjemde greatkaptael en nei hjar lieders, en

det hja sels krekt safolle krije scille om warbre bodders bliuwe to kinnen foar

trêdden en dêrby op in oar syn groun en mei in oar syn fé. Ek hjir wolle wy it

herhelje, det net allinnich de net koóperearjende boeren hjir steane oan 'e kant

fen us tsjinstanners, mar ek, det hja, dy't allinnich koöperearje ten málke ta

suvel, om fierders it produkt oan to bieden oan elts dy't gading makket, sunder

ek mar de minste macht to foarmjen om tsjinoer dy ófnimmers sterk to stean,

de boeresaek tsjinarbeidzje. Hjir stiet it wiere koóperative bidriuw, mei elkoar

oparbeidzje by produksje en ófset, allinnich tsjin lauwen en fijánnen oer.

Hjir leit yn it jier fen Frico's fjirtichste jierdei it andert op 'e fraech, eft Fryslán

in frije en tierige takomst tomjitte gean scil, ef net. Hjir moatte wy bigripe, det

wy de grounstoffen málke en suvel yn us macht ha en hálde kinne, as wy det

wolle! Mar den gjin sleauwens mear! Gjin hottefilerij oer lytse dingen, mar it

greate doel for eagen halde en hannelie sa as sa dudlik unófwiisbre needsaek

is. De boeren nei hjar eigen febriken. De febriken sunder utsúndering oan 'e

Frico! As men det wol en docht, den bliuwe wy ek yn dit stik fen saken baes!

Us álde pioniers hienen in heech doelwyt keazen. Hja koene net witte hwet

hjar bihinderje scoe det doelwyt to birikken. Nou yn 1938 steane wy lykwols

net njunken dy álderen, dy't de moedfearren hingje litte, mar wolle wy de wei

nei it moarn forkenne om him dêrnei to gean. Wy scille fierder gean moatte op

'e goede álde grounslaggen : bidriuwsforbettering en ófsetorganisaesje. Dêrby

moatte wy lykwols bouwe oan it forwar tsjin it opkringjende „fortruste” greatbidriuw,

det ek vn Frysláns suvelindustry mear en mear nei foaren komt. Dy

striid scil hiel Fryslán for woun wirde moatte, omdet it in algemien Fryske saek

oanbilanget.

Trêd moatte wy fis nou noch óffreegje, eft wy er mei de suvelko~peraesje, ek

mei in achttsjin kraet suvelko~peraesje: alle boeren en alle febriken mei produksje

en ófset onifiemjend, wol komme scille. Wy moatte net forfalle yn de flaters

fen íis foargongers, dy't to heech mikten.

[092] Simder ek det noch utinoar to setten, wolle wy wol fêstlizze, det wy hjir

wis stipe ut oare formiddens nedich hawwe scille om ta it doel te kommen : in

wolstelde boerestán yn in wolsteld Fryslán. De wráld fen 1938 freget ta us doel

mear as allinne in folmakke technysk-ekonomyske en kommersiéle organisaesje.

t it fis den forstean, det wy oare organisaesjes, ta in breder doel ynsteld, nedich

ha om fis eigen wirk feilich to stellen. En lit fis mei dy oare forienings

Heruitgave www zuivelhistorienederland.nl 92

© F.C.Z.E.V. 1938

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!