07.06.2022 Views

WEB Productie Doarpskompas Veenwouden 5928 mei 2022

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Ype de Haan

set him al jierren aktyf yn

foar aktiviteiten yn ús doarp

Oan de Bosksingel wennet Ype de Haan mei syn frou

Ymkje en de trije jonges Mechiel, Jacob en Wybe. Hy

is ien fan de ynwenners fan ús doarp dy’t him neist

syn wurk frijwillich, tegearre mei oaren fansels, ynset

foar it organisearjen fan ferskate aktiviteiten foar

Feanwâlden. Frijwilligers dy’t it doarp foar in soad ynwenners

wille en fleur bringe. Dat kin de minske no

krekt brûke. Yn dizze tiden wêr’t jo eins it tryste en

somtiden ferskuorrende nijs om ús hinne eins oerslaan

wolle, mar om op ‘e hichte te bliuwen doch mar

wer sjogge jout it kâns om dat alles efkes te ferjitten

en dy wide wrede wrâld om ús hinne ‘on hold’ te setten

en allinne mar dwaande te wêzen mei ús doarp

en wat dêr op dat stuit bard.

Keningsdei 2022

As ik by Ype, û.o. bestjoerslid fan Us Doarp en fan

takom jier ôf yn de Keningskommisje, oansko oan de

keukenstafel moat er suver noch bekomme fan it feest

dat Keningsdei west hat yn it Spoarpark. Nei twa jier

fan koroanaperikelen koe it einliks wer. Fan jong ta

âld hat der wer fan genietsje kinnen. Yn oparbeidzjen

mei Mei-Elkoar-Ien makke Us Doarp der in feest fan.

‘In soad oeren fan tariedings en oerlizzen hat it koste.

Krekt dêrfoar ha wy mei Us Doarp yn it Dûke Lûk in

suksesfolle bingo organisearre. It moat mar net wer

sa flak op inoar. Ik wurd ek âlder Jaap.’ seit er. Mei

alle tefredenens sjocht de organisaasje werom op de

aktiviteiten op it Oranje feestje. Begjin fan de middei

de skelterrace foar de bern, dêrnei middeis sa’n fyftich

dielnimmers by de Alleskunner Feanwâlden en ta

beslút muzyk fan de Bildtse sjonger Rintje Kas. ‘Dat

rinkje stekken op de skelters koe moai. Mei-elkoarien

hie it goed bewarre. Dat elemint fan rinkjes makket

it spannend. Wy hawwe mei elkoar wer de latte

heger lein, dy moat behâlden wurden. It wurdt takom

jier ek wer fan ús ferwachte.’

Frijwilliger by ferskillende klups

‘Doe’t wy ris in kear op in Keningsdei mei in groepke op

de Koemarkt stienen en der minimale aktiviteiten wienen,

seinen wy tsjinelkoar “Dit moat oars, kinne wy der

net yn.” Doe is Us Doarp oprjochte en sûnder in inkele

sint begûn waard dy earste Keningsdei in grut sukses.

Letter folgen in Oktoberfest en in zeepkistenrace.’ It hat

dit jier de lêste aktiviteit foar Us Doarp west. De stichting

is no opheven en takom jier wurdt Keningsdei organisearre

troch de Keningskommisje en finansiert troch

M.E.I. Feanwâlden.

Us Doarp is net de iennige frijwilligersfunksje dy’t Ype by

de ein hân hat. Yn it ferline hat er by de kuorbalferiening

wol de jeugd traint en begelieden. Ek is er al mear dan

tolve jier belutsen by de yntocht fan de Goedhillichman

en is er al jierren by de lûkers fan it grutste evenemint

fan Feanwâlden: De Lodenhelrun.

Grutte konneksje yn al dit frijwilligerswurk is Riek

Everts.‘Dy hat my úteinlik yn hiel wat klupkes sleept. Sa

waard ik troch him yn ‘e auto belle mei fraach oft ik ek by

de Lodenhelrun as bestjoerslid woe. Ik ha efkes neitocht

mar kaam der yn in waarm bad mei in fantastysk en

gedreven bestjoer. Dan komst der pas achter wat efter

de skermen spilet by de organisaasje fan sa’n evenemint.

Yn it earste jier dat ik derby wie, ha ik mei triennen

yn de eagen stean by de priisútrikking yn de tinte by

Dûke Lûk. Dat wie fan de ûntlading en spanning, mar ek

fan grutskens fan de organisaasje mei al dy frijwilligers,

sponsors en elts dy’t meihelpt.’

20

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!