23.08.2022 Views

WEB Doarpskompas augustus - 2022

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

MOVE22, ynternasjonale

jongereinútwikseling yn it

Bûtefjild

Boerderij De Omleiding en Landgoed Mariahoeve,

beide oan it Bûtefjild, wiene begjin july it toaniel fan

it ynternasjonale útwikselingsprojekt MOVE22 (My

Open Village Europe). Ienentweintich jongeren tusken

de 16 en 22 jier en seis folwoeksen begelieders

út lytse doarpen yn Servië, Kroäsië, Grikelân, Litouwen,

Ierlân en Fryslân/Nederlân kamen dêr foar in

wike byinoar om mei-inoar nei te tinken en te praten

oer de takomst fan plattelânsdoarpen yn Europa.

tusken de minske en it wetter lâns de Nederlânske en

Fryske kust. It fenomeen fan it drûchfallend Waad kenden

de measten net en de kâns om op de seeboaiem

om te stappen, waard fansels net oerslein.

Sjoerd Litjens, bekend fan it projekt Iepen Doar(p) yn

Feanwâldsterwâl, die in workshop mei de jongeren oer

de betsjutting fan ‘thús’. Watfoar thúsgefoel ha se by

it plak, it doarp dêr’t se wenje? Mei harren ferhalen en

stimmen hat hy in treffende ferzje makke fan it nûmer

‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman, dat de sjongeres

skreau foar Ljouwert-Fryslân 2018.

Wat binne de oerienkomsten en wat de ferskillen

tusken de ferskate doarpkes? Hoe wie it en hoe

sil it de kommende jierren wêze? Oer al dat soarte

dingen waard diskussearre. Ut Feanwâlden en Feanwâldsterwâl

diene Titia Groenhof en Janneke van

der Mark mei oan de útwikselingswike.

Fansels waard der net allinnich praat, der waard

ek fan alles dien en ûntdutsen. Op de camping by

De Omleiding en ek by de Mariahoeve namen de

jongeren diel oan workshops fersoarge troch de

begelieders, dy’t allegear aktyf binne yn de kulturele

wrâld yn harren eigen lân. Der waard ‘boarte’ mei

taal, materiaal en ekspresje.

Alle ûnderfiningen fan de hiele wike waarden ferwurke

yn in einfoarstelling dy’t de jongeren op de slotjûn opfierd

ha by de Mariahoeve fan Romke Kinderman. It liet

‘Seis oere thús’ mei harren ferhalende stimmen deroerhinne

wie dêr prachtich yn opnaam. Foar it publyk

hiene de jongeren hearlik tradisjoneel iten út eigen lân

klearmakke, sa as tzatziki út Grikelân en colcannan út

Ierlân. It wie in moaie ôfsluter fan in fantastyske wike,

dy’t nei alle gedachten takom jier in ferfolch krijt yn wer

in oar lân.

RK

In ploechje fan fiif jongeren die sels mei oan de

Lodenhelrun, as earste ynternasjonale team ea. Se

fûnen it in swiere, mar geweldige erfaring. Ek brocht

elkenien in besite oan it doarp Wierum, flakby de

Waadsee. Op de seedyk learden se oer de striid

16

MOVE22 is in inisjatyf fan Stichting Bewegend Beeld,

mei Guido Bosua as projektlieder. It is in sydline fan in

langer rinnend projekt wêryn’t, ynspirearre troch it projekt

Iepen Doar(p) út 2018, it libben en de minsken yn ferskate

Europeeske doarpen fêstlein wurdt. Ferline jier waard

de útwikselingswike yn Kroäsië hâlden. Iepen Doar(p)

wie in projekt fan Sjoerd Litjens. Alle 129 húshâldingen

fan Feanwâldsterwâl waarden fêstlein yn prachtige

audioportretten. Yn it kulturele haadstêdjier 2018 binne

se útstjoerd by Omrop Fryslân en je kinne se no ek noch

altyd weromharkje op de webside iependoarp.eu.

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!