01.02.2021 Views

Doarpskompas_februari 2021

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Lunchcafé De Ferbining wol doarp ferbine

It wie in idee dat al langer spile by Martina Tolsma en

Gooitzen Hager. In hoareka wurkplak yn

Feanwâlden foar minsken mei in beheining. Allinnich it

finen fan in geskikt pand wie it wêrom dat it efkes

duorre. No ha se in plak fûn. It stasjonsgebou wolle se

ferbouwe ta in lytsskalich Lunchcafé. Mei de namme

De Ferbining.

De Ferbining meitsje

“Al sa’n fjouwer jier binne wy der mei dwaande.” fertelt

Gooitzen, dy’t yn de befeiliging wurket. Sels de âlde

Rabobank, dêr’t no de toskedokter yn sit, kaam by har yn

byld, mar dat slagge net. Martina stiet yn Damwâld foar

de klasse as dosint Zorg en Welzijn op VSO De Wingerd.

“De bern wolle graach troch yn de hoareka en

skjinmeitsje. Mei dit lunchkafee wolle wy har en

oaren mei in beheining de kâns jaan om te wurkjen yn de

mienskip. Doel is dat se sels safolle mooglik de

wurksumheden ûtfiere ûnder lieding fan ús.” Dat is wat

de polityk graach wol, bern en minsken mei in beheining

ynsette yn it gewoane bedriuwslibben. “Faak slagget dat

net omdat de ûndernimmingen te grut binne en se deryn

fersûpe. Dêrom hâlde wy it lyts.” jout Martina oan. “It moat

by ús like smûk wurde as de omkriten fan ús doarp.” follet

Gooitzen oan.

Gooitzen: “Toeristen, reizgers en ús wurknimmers wolle

wy ferbine mei-elkoar en it doarp. Der stiet no in moai

Transferium en it park moat de kommende tiid noch

ûntwikkele wurde. Mei in leech stasjongebou soe der

neat barre. Dêrom wolle wy der graach wêze om kofje of

in lunch te ferkeapjen.” Fierder kin De Ferbining ek

catering fersoargje. It kafee sil seis dagen yn ‘e wike fan

07:00 - 17:00 oere iepen wêze. “Der binne al sân

ynteressearre dy’t graach yn it stasjonskafee wurkje

wolle.” seit Martina.Men kin fia de website of mail kontakt

mei ús sykje foar mear ynformaasje of een ôfspraak.

It giet om 8 - 10 deidielen deis wurk en dus binne der

tsien oant fyftjin minsken nedich. Foar de keuken,

spielkeuken, betsjinning en skjinmeitsje. “Fierderop yn

itdoarp isin eigen grientetún. Dy grienten wolle wy ek

brûke yn de keuken. Wy sille ek helpe by it skjinhâlden

fan it park.” seit Gooitzen. Martina: “As wy ek noch

blommen yn de tún sette kinne dy letter yn in faas op de

tafels.”

It wurkje mei in beheining freget faak in soad werhelling

en it brûken fan helpmiddels. Piktogrammen binne in

goed foarbyld dêrfan. “Rekkenjen is soms lêstich en op

de kassa binne ôfbyldingen te sjen fan bankbiljetten en

munten. As de klant in tientsje jout drukt de meiwurker

dêr op en kin dan op it apparaat sjen yn bylden hokker

biljetten en munten werom jûn wurde moatte.” Gooitzen:

“Ek it kofjeapparaat is oars. In kofje ferkeard wurdt

ôfbylde as in kopke op de kop. Dat is dúdliker.”

De ûndernimmers ha ek kontakt hân mei Doarpsbelang.

“Wy wolle ús passy graach ferbine nei wat it doarp freget.

Nei foaren kaam ûnder oare in plak om by elkoar te

kommen foar bygelyks in jierdeifeestje fan beppe. Dat

kinne wy op ôfspraak yn de jûnsoeren regelje. Ien fan

deynteressearden joech oan dat wol te wollen. ‘Ik wil echt

werken, want ik wil moe zijn.” Dat se dat dwaan kinne en

meie jout har in soad foldwaning.”

In foardiel fan it plak is dat meiwurkers troch de ferbining

mei it iepenbier ferfier faak selsstannich nei it wurk

takomme kinne. De measten dy’t ynteressearre binne

sille dat ek sels dwaan. Foar dyjinge dêr’t it net mooglik is,

wolle se it ferfier regelje.

Gooitzen:“In soad âlde minsken fine it lêstich om te

reizgjen mei de OV-chipkaart. In idee is om gearkomsten

te organisearjen dêr’t se fan ús minsken útlis krije kinne.”

Kontakten hjiroer ha al mei Arriva west.

Ferbou fan it stasjonsgebou

De ferbou fan it stasjon giet yn oerlis mei meardere

partijen. De eigendom is yn hannen fan de NS. Arriva as

ferfierder en de gemeente as fergunnigferliener wurdt

fierders mei oerlein. Om’t it pân in unyk ûntwerp is fan

arsjitekt is C. Douma is foar de ferbou it arsjitekteburo

Karres en Brands der by helle. “Oan de bûtenkant mei neat

feroare wurde. Sa binne de reade pilaren en de skoarstien

mei klok ûnder oare kenmerkjend foar it ûntwerp.”

20

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!