13.01.2023 Views

Doarpskompas januari 2023

• No tags were found...

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Foarwurd

It is sawat heal desimber as ik dit skreau. Jannewaris 2023 as it

publisearre wurdt. Dan ha wy de Krystdagen en âld en nij wer

fierd. Mei famylje, freonen en kunde. Mei-elkoar weromsjen nei

al dat bard is yn 2022 en foarútsjen nei it kommende jier. Elts jier

hat syn skaad, syn fertriet en pine. Troch bygelyks it ferlies fan

in goeie freon, famyljelid of neiste. Of ien dy’t slim siik wurden

is. Hoe dreech en lestich it libben soms ek wêze kin, sykje dochs

dat sinnestrieltsje dat altyd wer efter de donkere wolken foar it

ljocht komt. It lok sit meastentiids yn it lytse en net it grutte. Hâld

moaie oantinkens by dy en sammelje se. Kreëarje in argyf. Meitsje

kiekjes en sla dy op. Skriuw op wat meimakkest yn it libben. Dan

bliuwt it bestean foar letter.

Dizze earste doarpskompas fan dit jier hat sa’t jim sjen kinne in

nije opmaak dy’t úttocht is troch Anke en mei oerlis mei de oare

leden fan de redaksje besluten is sa fierder troch te fieren. De skriuwende

redaksjeleden meitsje har mei foto’s derby mear kenber.

De kollumnisten hiene altyd al in foto. No de redaksje mochten

jim se al net kenne ek. Sa komt der in gesicht by.

Wolle jo de redaksje en it bestjoer en kolumnisten ek yn it echt

moetsje? Dan kin dat op 20 febrewaris om 20:00 yn de Mienskip.

Fierder ynfo oer opjaan op side 29.

De redaksje fan it Doarpskompas hat har wer bûgd oer goede

foarnimmens lykas se ek yn 2019 foar it jier 2020 dienen. De ienige

fan de redaksje fan doe dy’t der noch yn sit bin ik. Fierderop

lêze jim wat de redaksje fan hjoed foar eagen hat yn dit nije jier.

Lokkich hawwe wy dizze moanne al in nij redaksjelid wolkom hjitte

meien. It is Nell Pesman dy’t foar it desimbernûmer ynterviewd

waard oer har wurk mei Jin Shin Jyutsu. Har eigen earste bydrage

lêze jo yn dit blêd en giet oer de wurkwinkels (workshops) yn De

Smidte fan it doarp.

Redaksjelid Karen seach by de Buurtkamer dy’t alle wiken yn De

Mienskip is. In plak om elkoar te moetsjen en noflik in kopke kofje

mei-elkoar te drinken. Der is ek noch troch Annet ferfolch fan it

ferhaal oer de kabouters makke. Sy fersoarget dizze moanne ek

de pagina foar de bern.

Sels ha ik yn de gymnastiekhal fan Sanjes Sportpark sjoen by de

groep âlderen dy’t ûnder lieding fan Ankie van der Vliet troch

oefenings sa fit mooglik besykje te bliuwen. De wurdpuzzel is dizze

kear fan myn hân. En ha ik in wintersk villanelle gedicht skreaun

dêr’t de regels ‘Kuierjend troch hichten fan snie’ en ‘Ik leau dat ik it

noch nea sa waarm hie yn werhelle wurde’.

In soad lêswille en de beste winsken oan alle ynwenners fan

Feanwâlden en De Wâl.

Jaap van der Laan

3

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!