You also want an ePaper? Increase the reach of your titles
YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.
Winter wûndere wrâld

Dû, winter wûndere wrâld,

dyn buien snie mei iiswyn,

feninige kjeld en glûpende kâld.

Dû, Kening winter, hast no it

bewâld.

Makkest in wyt tapyt en

sniegerdyn

dû, winter wûndere wrâld.

Hâld him yn ‘e stringen. Mei sâlt

skeppen, skowers der dwers

tsjinyn

(yn dy) feninige kjeld en glûpende kâld

In wite skjinne kleur fan ynfâld,

mar dyn froast makket it fenyn

dû, winter wûndere wrâld.

Dyn sniedunen dy’t alles

tsjinhâld.

Mar net as doedestiids, salang

ferlyn

feninige kjeld en glûpende kâld.

Achtergrondfoto: Rolien Verbeek

Oerfallen troch in stream fan kâld,

mar wy hâlde stân. Fuort,

ferdwyn,

dû, winter wûndere wrâld

feninige kjeld en glûpende kâld.

JDvdL