05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

opfolging yn de Rie fan Tafersjoch hat de Akademy yn it foarjier in útstel oan de Provinsje

Fryslân foarlein, mar de fakatuere-Douma is yn it ferslachjier net opfolle.

De Rie fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy bestie yn 2006 út:

- de hear M.F. Koopmans (1939), Ljouwert, foarsitter (beneamd troch KNAW en

Provinsje tegearre). Koopmans is ûnder mear foarsitter fan de Stichting tot Behoud Kerkelijke

Gebouwen in Friesland; foarsitter Stichting Indiëmonument Fryslân; foarsitter Stichting

Thuiszorg Het Friese Land; foarsitter Stichting Limor te Ljouwert; foarsitter Stichting

Bibliotheekservice Fryslân; foarsitter Klachtekommisje fan de Politie Fryslân; foarsitter skoalle

Lyndensteyn te Beetstersweach; foarsitter Feriening fan Eigners fan apparteminten oan de

Wissesdwinger; statutêr direkteur fan de BV Participantenmaatschappij De Zuidlanden BV te

Ljouwert.

- Drs. J.M. Bronneman (1946), Voorburg (beneamd troch de KNAW). Bronneman is

ûnder mear fise-foarsitter fan it bestjoer fan it SIOO (ynteruniversitêr sintrum foar organisearjen,

feroarjen, fernijen en learen; foarsitter fan it College Deskundigheid Financiële Dienstverlening).

- Prof.dr. E.J. Reuland (1944), Utert (beneamd troch de KNAW). Reuland is ûnder mear

heechlearaar Linguistyk, yn it bysûnder de syntaksis, oan 'e Universiteit fan Utert; European

Editor fan Linguistic Inquiry; programmalieder fan de ûndersyksmaster Linguistics yn Utert; lid fan

de wittenskiplike rie fan it UiL/OTS.

- Drs. F.R. van der Meulen (1956), Grins (beneamd troch de Provinsje Fryslân). Van der

Meulen is manager ôfdieling Ontwikkeling & Innovatie fan de NOM, programmamanager

Stichting TxU Noord-Nederland en ponghâlder Stichting Nationaal T&U Platform.

- A. Douma (1939), Berltsum (beneamd troch de Provinsje Fryslân; oant en mei july 2006).

Douma is bestjoerslid ôfdieling Menameradiel PvdA; foarsitter Stichting Gebou Multseleane te

Berltsum; skriuwer buorskipferiening Kleaster Anjum; bestjoerslid Stichting De Grusert,

dokumintaasjesintrum Berltsum.

De Rie fan Tafersjoch hat yn it ferslachjier seis gearkomsten hân en dêrneist ha delegaasjes fan de

Rie fan Tafersjoch in kearmannich oerlis mei de bestjoerder en de subsidiïnten hân. Fierders

hawwe der twa oerlisgearkomsten mei de ûndernimmingsried west.

De beneaming fan de direkteur-bestjoerder en in yntroduksjeprogramma foar him stiene

begjin 2006 sintraal. Gauachtich nei it oantreden fan de nije direkteur waard de tuskentiidske

evaluaasje fan de Akademy en it strategysk plan foar de kommende jierren it wichtichste punt fan

besprek. Dêrneist holden finansjele sitewaasje, jierrekken en begrutting it omtinken fan de Rie fan

Tafersjoch, lykas ek de ynterne organisaasje en it útsetten fan linen ta it ferbetterjen dêrfan. In nij

tema yn it neijier wie de húsfesting fan de Akademy.

Fierders koe de Rie fan Tafersjoch yn de rin fan it ferslachjier de leden fan de nije

Maatskiplike Advysrie en fan de Wittenskipskommisje beneame.

Direkteur-bestjoerder

Foar prof.dr. Durk Gorter kaam op 1 juny 2006 in ein oan it waarnimmen fan de funksje fan

direkteur-bestjoerder. Mei yngong fan dy datum hat de Rie fan Tafersjoch fan de Fryske

Akademy prof.dr. Reinier Salverda (Arnhem, 1948) fan Londen beneamd ta direkteurbestjoerder.

Salverda wie oant dat stuit, sûnt 1989, wurksum as heechlearaar Nederlânske Taal- en

Letterkunde oan University College London. Earder wurke er acht jier oan de universiteit fan

Jakarta (Yndonesië); hy joech dêr Nederlânsk en taalkunde.

Jierferslach 2006 side 11

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!