05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

* Margreet de Vries, direkteur Stichting Lezen en Schrijven, De Haach: Analfabetisme in

Nederland.

* Dr. Eus van Someren, Nederlands Instituut voor Hersenonderzoek, Amsterdam: Wat

gebeurt er in je slaap?

Mei yngong fan it seizoen 2006/2007 binne om praktyske en finansjele reden in pear wizigingen

yn de opset fan de lêzingerige trochfierd. De grutste feroaring belanget de lokaasjes oan. Yn stee

fan yn fjouwer plakken binne der no noch mar twa plakken dêr't de lêzingen jûn wurde: yn It

Aljemint yn Ljouwert en yn de Europalaantsjerke op It Hearrenfean. Dy maatregel hat laat ta it

ôfnimmen fan it oantal dielnimmers, mar dêrfoaroer stiet dat de kosten ek aardich sakke binne.

Der dienen yn dit seizoen mei-inoar goed 560 froulju en op 'e nij in hanfol manlju oan de

lêzingedagen mei.

De twadde net ûnopfallende wiziging is it feroarjen fan de namme. Nei 48 jier

frouljuslêzingen hjit de rige fan no ôf de rige Akademy-lêzingen. It format fan de lêzinge-rige is

foarearst wol gelyk bleaun: acht lêzingen, ferdield oer fjouwer dagen yn it winterskoft. De

sprekkers en ûnderwerpen yn 2006/2007 wienen:

1 Dr. Gerrit Breeuwsma, universiteit Grins: De populariteit fan psychology.

2 Mr.dr. Gerrit-Jan Zwenne, jurist Bird & Bird advocaten en haaddosint universiteit Leien:

over de pretenties en effecten van privacywetgeving.

3 Drs. Paul Noomen, histoarikus Fryske Akademy: It libben op it Fryske plattelân yn 'e

Midsieuwen.

4 Drs. Erik Baars, arts-epidemiolooch Louis Bolk Instituut, Driebergen: Vormen wereldwijde

epidemieën een serieuze bedreiging voor de volksgezondheid?

5 Drs. Anne Dykstra, taalkundige Fryske Akademy: Fan wurd nei wurdboek: oer it meitsjen fan

wurdboeken.

6 Drs. Hans Malschaert, dosint Hogeschool van Amsterdam: Probleemgezinnen en

maatschappelijke hulpverlening.

7 Regina ter Steege, dir. Landschapsbeheer Friesland: Wat doet Landschapsbeheer Friesland?

8 Inge Schut, beliedsmeiwurker Protestants Christelijke Ouderenbond: Moeten ouderen langer

doorwerken, ook na hun 65ste?

Untfangsten en wurkbesiten

Op 20 jannewaris is in ploech studinten Frysk út Grins (yn alle gefallen deselden dy't it kolleezje

"Ynlieding Frisistyk" folgen) op 'e Akademy ûntfongen; by dy gelegenheid hat Visser in algemien

ynliedend praatsje oer de Fryske Akademy holden en hat Sijens it Wurdboek fan de Fryske taal

prissentearre. By de besite fan 'e studinten oan Tresoar hat Nijdam wat ferteld oer de âldfryske

hanskriften dêre.

Op 7 april wie in besite fan DANS, in ynstelling yn oprjochting foar databehear.

26 maaie: Paul Noomen en Han Nijdam ûntfongen prof.dr. Elbrecht (Münster) en in

ploech studinten. Der waard wat ferteld oer de FA yn it algemien, mar benammen oer it

mediëvistyske ûndersyk.

Op 15 novimber brocht in grutte delegaasje fan de Steatekommisje Boarger en Mienskip

in wurkbesite oan de Akademy. Fan alle fakgroepen kamen fertsjintwurdigers oan it wurd om

dizze leden fan Provinjale Steaten fan Fryslân foar te ljochtsjen oer it wurk fan de Fryske

Akademy.

Jierferslach 2006 side 61

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!