05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

1 Direksjeferslach

Nije ûntjouwingen: De Fryske Akademy yn 2006

Misje en wurkgebiet

De doelstelling fan de Fryske Akademy bliuwt ûnfermindere it foarmjen fan it wittenskiplik

sintrum fan Fryslân en om heechweardich wittenskiplik ûndersyk te dwaan op it mêd fan de

Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip yn de romste sin.

Wichtige ûntjouwingen en barrens

Yn de earste helte fan it jier wie prof.dr. Durk Gorter aktyf as waarnimmend direkteur. De Fryske

Akademy hat in soad oan him te tankjen foar de wize wêrop't hy dy funksje, yn in tige drege

perioade, ferfolle hat.

Op 1 juny kaam as nije direkteur-bestjoerder prof.dr. Reinier Salverda fan it Dutch

Department fan University College London yn tsjinst.

Yn septimber 2006 hat de Fryske Akademy in ynterne selsevaluaasje holden. It algemiene

byld is, dat der de ôfrûne jierren goed en mei tawijing trochwurke is, mar dat de Fryske Akademy

amper nije inisjativen ûntwikkelje kinnen hat troch de neisleep fan de krisis fan 2004 en dat der

no foar de takomst ferlet is fan in krêftige kwaliteitsympuls, likegoed op wittenskiplik as op

finansjeel-organisatoarysk mêd.

Yn novimber is in notysje Strategische Keuzen en Beslissingen ta stân kommen, dêr't in

strategysk perspektyf yn bean wurdt op de takomst fan de Fryske Akademy as wittenskiplik

ûndersyksynstitút. Mei KNAW en Provinsje is ôfpraat dat dat yn it foarjier fan 2007 útwurke

wurde sil yn in Masterplan foar de takomst fan de Fryske Akademy, mei trije haadûnderdielen: in

Undersyksplan, in Bedriuwsfieringsplan en in Húsfestingsplan.

Opmerklike publikaasjes, prizen en bliken fan wittenskiplike erkenning

Persoanen

Yn juny waard Piter Boersma beneamd ta lid fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde

te Leien. Yn septimber waard Anne Dykstra op it kongres fan Euralex (European Association for

Lexicography) yn Turijn keazen ta lid fan de Executive Board. Op 1 oktober waard dr. Goffe

Jensma beneamd ta bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit van

Amsterdam.

Boekpresintaasjes

Op de ûnderskate mêden dêr't de Fryske Akademy aktyf op is, fûnen de neikommende

boekpresintaasjes plak:

- op 9 april dr. Goffe Jensma's nije edysje fan it Oera Linda-boek;

- op 19 july dr. Bernie van Ruijven har rapport Leervorderingen in het Friese basisonderwijs;

- op 29 septimber op de Akademy-dei Het raadsel van de ratelaar fan dr. Renée van Bezooijen, oer

de útspraak fan de 'r' yn it Ljouwerter stedsdialekt;

- op 18 oktober it boek fan Ria van Hemmen oer in ieu beropsûnderwiis yn Fryslân;

Jierferslach 2006 side 5

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!