05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

13 Bysûndere learstuollen

Ferslach fan de bysûnder heechlearaar Frysk (0,1 fte) oan de Universiteit Leien, prof.dr.

R.H. Bremmer Jr.

It kuratoarium foar de bysûndere learstoel Frysk yn Leien bestiet út prof.dr. C. van Bree en

prof.dr. A. Visser út namme fan de Universiteit Leien en drs. J. Geersing en prof.dr. R. Salverda

foar de Fryske Akademy.

Der binne 5 studinten en ien promovindus. Bremmer hat yn it ôfrûne jier ien kolleezje

jûn: 'Lotgevallen van een minderheidstaal: het Fries'.

Ferslach fan de heechlearaar op de bysûndere learstoel Geschiedenis van de Friese

landen in de Middeleeuwen oan de Universiteit Leiden

De learstoel is ynsteld per 1 juny 2003 en stiet ûnder tafersjoch fan in kuratoarium, dat bestiet út

fertsjintwurdigers fan de Universiteit Leien (frou prof. dr. A. Visser en prof. dr. A. Verhagen) en

fan de Fryske Akademy (prof. dr. R. Salverda en dr. D. Jansen).

Yn it ôfrûne jier hat prof. dr. J.A. Mol ien kursus jûn. It gie om in wurkkolleezje foar

twadde- en treddejiers skiednisstudinten yn de Bachelorsfaze, yn it earste semester fan it

kursusjier 2006/2007. It tema wie 'Heerloos, wetteloos en goddeloos? Een inleiding in de

geschiedenis van Friesland in de late Middeleeuwen'. Der wiene njoggen meidoggers, dy't alle

njoggen in referaat hâlden hawwe en dêr't acht fan de kursus yntusken ek mei in wurkstik

ôfsletten hawwe.

Wat promovindy oanbelanget is Mol yntusken belutsen by de begelieding fan fiif

proefskriften, te witten fan H. Spanninga, oer De consolidatie van de politieke machtsverhoudingen in

Friesland 1600-1640; fan H.Th.M. Lambooij oer Sibrandus Leo en zijn abtenkronieken van de Friese

premonstratenzer kloosters Lidlum en Mariëngaarde; fan P. Schoen oer Friese zilversmeden en hun

maatschappelijke positie in de zeventiende en achttiende eeuw; fan O.D.J. Roemeling oer Parochies en priesters

in middeleeuws Friesland (allegear oan de Universiteit Leiden); en fierder fan A. Otten, Gemert 1200-

1800: zes eeuwen Teutoonse 'vrijheid' aan de grens van Brabant (Universiteit Tilburg).

Fierder hat Mol sit hân yn de promoasjekommisje fan H. van Engen, De derde orde van Sint-

Franciscus in het middeleeuwse bisdom Utrecht (15 juny 2006, Vrije Universiteit Amsterdam), en fan G.

van Synghel, De stedelijke secretarie van 's-Hertogenbosch tot ca. 1450 (7 september 2006, Universiteit

Leiden).

Ferslach fan de heechleararen op de bysûndere learstoel Frysk oan de Universiteit van

Amsterdam

Sûnt 1 oktober 2006 is dr. Goffe Jensma beneamd as bysûnder heechlearaar Frysk yn it bysûnder

de histoaryske letterkundige aspekten. Dêrneist is prof.dr. Durk Gorter bysûnder heechlearaar

Frysk, yn it bysûnder de sosjolinguistyske aspekten. De kuratoaria foar de learstuollen sjogge der

as neikommmend út:

Bysûndere learstoel sosjolinguistyske aspekten fan it Frysk: prof.dr. P.C. Hengeveld, prof.dr. R.

Salverda, prof.dr. F.P. Weerman.

Bysûndere learstoel histoarysk-letterkundige aspekten: prof.dr. D. Gorter, prof.dr. J.Th. Leerssen,

prof.dr. Marita Matthijsen.

Jierferslach 2006 side 65

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!