05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Advys en ynstimming

In gronologysk oersjoch fan de frege en net-frege advizen en saken dêr't de MUR neffens de

Wet op de Undernimmingsrieden (WOR) advys- of ynstimmingsrjocht yn hie:

• Op 1 maart hat de MUR posityf advisearre oangeande de beneaming fan direkteurbestjoerder

prof.dr. R. Salverda.

• Op 10 maart hat de MUR op grûn fan kêst 27, lid b fan de WOR ynstimming jûn

oangeande de ferplichte frije dagen oer 2006.

• Op 30 maart hat de MUR oanstien op it neikommen fan de wetlike arbo-ferplichtings,

lykas it oanstellen fan in previnsjemeiwurker en it meitsjen fan in risiko-ynventarisaasje.

• Op 18 maaie hat de MUR in brief oan de waarnimmend direkteur takomme litten

oangeande it ynfoljen fan de fakatuere fan in lid fan de RfT dy't yn it bysûnder it

betrouwen fan it personiel hat, lykas it karbrief dat foarskriuwt.

• Op 31 maaie is der in advysoanfraach ynkaam foar in oerienkomst om FAF-meiwurkers

rjochtsposysjoneel ûnder te bringen by de FA.

• Yn brieven fan 14 july en 1 septimber 2006 hat de MUR oanjûn posityf tsjin it

rjochtlûken fan de rjochtsposysjonele ferskillen oer te stean, mar tagelyk in tal fragen steld

en advisearre om de fakbûnen by ien en oar te beheljen.

• Yn in brief fan 21 july hat de MUR in foarriedich advys útbrocht oangeande in mooglik

feroarjen fan it op de FA brûkte tiidregistraasjesysteem.

• Ek op 21 july hat de MUR oan de direkteur-bestjoerder in advys takomme litten

oangeande it arbo-belied, mei dêryn de klam op de mienskiplike ferantwurdlikens fan

MUR en direkteur-bestjoerder foar dat belied.

• Op 1 septimber hat de MUR in frege advys útbrocht oer it earst op 21 july 2006 foarleine

kontrakt 2006 mei de Arbo Unie.

• Ek op 1 septimber hat de MUR reagearre op in brief fan de direkteur-bestjoerder

oangeande de útstelde oergong fan de FAF-meiwurkers nei de FA.

• Op 31 oktober hat de MUR foarriedich ynstimming ferliend om in previnsjemeiwurker

mei in bepaald takepakket oan te stellen.

• Op 31 oktober hat de MUR ek ynstimming jûn om in risiko-ynventarisaasje en -evaluaasje

troch de Achmea Arbo útfiere te litten.

• Op 31 oktober is ek in net-frege advys jûn oangeande de proseduere ta it hâlden fan

funksjonearringspetearen. De MUR hat advisearre dêrta de rjochtlinen fan de KNAW te

folgjen en de petearen hâlde te litten tusken allinne de direkt liedingjaande en de

wurknimmer.

• Op 15 novimber hat de MUR in fersyk ynkrigen om yn te stimmen mei in nije

syktefersomregeling foar 1 jannewaris 2007. Op 7 desimber hat de MUR oanjûn yn in

brief mear tiid nedich te hawwen om dêryn goed advisearje te kinnen.

• Op 7 desimber is der in net-frege advys nei de direkteur-bestjoerder gien oangeande it

oantugen fan in defibrillator.

• Op 12 desimber hat de MUR in brief skreaun oangeande it beliedsplan fan de direkteurbestjoerder

Strategische keuzen en beslissingen. De Fryske Akademy 2006-2010. De MUR hat in

tal ynhâldlike opmerkings makke en de direkteur-bestjoerder witte litten in mear definitive

ferzje fan it stik temjitte te sjen.

Untjouwings

Jierferslach 2006 side 18

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!