05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Op 21 novimber kaam in delegaasje út Moldavië op besite. Van der Meer en De Jager

retten ynearsten mei dizze groep fan ûnderwiisspesjalist en beliedsmakkers út súdeast Europa.

Op 15 desimber is prof.dr. R.H. Bremmer Jr. mei syn studinten Frysk út Leien op 'e

Akademy ûntfongen; by dy gelegenheid hat Duijff in presintaasje jûn oer it Wurdboek fan de

Fryske taal.

Op 18 desimber is in ploech studinten Frysk út Grins op 'e Akademy ûntfongen. By dy

gelegenheid hat Sijens in presintaasje jûn oer it Wurdboek fan de Fryske taal. By de oanslutende

besite fan 'e studinten oan Tresoar hat Nijdam wat ferteld oer de Aldfryske hanskriften dêre.

Op 20 desimber ûntfongen C. van der Meer en De Jager in delegaasje út Kazaghstan.

Presintaasjes en oare bysûndere gearkomsten

De saneamde 'twatalige tesaurus', makke yn opdracht fan Provinsjale Steaten fan Fryslân troch

Gridline yn Amsterdam, waard op 16 jannewaris yn it Provinsjehûs presintearre. De Fryske

Akademy hat meiwurke oan it Fryske part dêrfan.

Op 21 maart waard it gearwurkingskontrakt tusken Tresoar en de Fryske Akademy tekene

oangeande it projekt 'www.wumkes.nl', de digitale histoaryske biblioteek mei digitale ferzjes fan

standert- en neislachwurken oangeande de Fryske kultuer- en literatuerskiednis op 21 maart.

Op 9 april koe Goffe Jensma de nije krityske edysje fan it Oera Linda Boek mei

faksimileetekst, transkripsje, in nije oersetting en in tal apparaten mei kommentaar en ferwizings

presintearje.

7 july wie der in presintaasje fan in nije taalkursus Frysk foar net-Frysktaligen fan de Afûk

op CD-rom oan Salverda.

Op 19 july wie de presintaasje fan it ûndersyk 'Leervordering in het Friese basisonderwijs.

Onderzoek naar het onderwijsniveau en de leervorderingen van de leerlingen in het Friese

basisonderwijs', fan Bernie van Ruijven by de Provinsje Fryslân. It twadde eksimplaar fan it

rapport waard oanbean oan deputearre Mulder. It earste wie foar Janneke Ytsma, widdo fan

Akademy-meiwurker Jehannes Ytsma dy't noch in oanpart yn it wurk hân hie.

Op 29 septimber waard foar it earst de saneamde Akademy-dei holden: de jiergearkomste

en de dies natalis op ien en deselde dei. De moarns gongen alle meiwurkers meielkoar nei

Rinsumageast om yn en om de Herfoarme Tsjerke fan de kollega's Mol en Noomen it ien en oar

oer de histoarje fan dy lokaasje te hearren en de middeis waard de jierlikse lede- en

stipersgearkomste yn It Aljemint holden. By dy gelegenheid kamen Mol en Noomen ek wer oan it

wurd, lykas ek Van der Vaart. Dêrneist waard dy middeis it earste eksimplaar fan Het raadsel van de

ratelaar fan Van Bezooijen oanbean oan de wethâlder fan kultuer fan de gemeente Ljouwert,

Yvonne Bleize.

Op 18 oktober waard Een eeuw beroepsonderwijs in Friesland, 1863-1968 troch Johan Frieswijk

presintearre op it Friesland College. It boek is ta stân kommen nei yntinsive gearwurking fan

Frieswijk mei drs. H.A. van Hemmen dy't foar dit projekt in jiermannich oan de Akademy ferbûn

west hat.

Op 17 novimber wie de presintaasje fan Diarium Furmerii, dagboek van Bernardus Gerbrandi

Furmerius 1603-1615, landsgeschiedschrijver van Friesland. Mr. D.W. Kok, oersetter en ynlieder fan de

publikaasje, krige it earste eksimplaar. Fierder wurken oan it boek mei drs. Onno Hellinga en drs.

Hotso Spanninga.

Op 20 novimber waard it earste diel fan de bysûndere publikaasje mei histoaryske

stedsplattegrûnen oanbean oan boargemaster Scheffer fan Harns. De útjefte is it resultaat fan

tweintich jier oparbeidzjen tusken Van der Vaart en de Stichting Historische Stadsplattegronden.

Jierferslach 2006 side 62

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!