05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

17 Stipeferlienende ôfdielingen

Bibleteek

De bibleteekkolleksje omfettet mear as 17.500 titels, ynklusyf likernôch 600 tydskriften.

Akwisysje fynt plak oanslutend by it ûndersyk en yn oerlis mei de wittenskiplik meiwurkers. Yn it

jier 2006 hat de bibleteek fan 'e Fryske Akademy 10 skinkings ûntfongen, net allinne fan oare

ynstituten, mar benammen ek fan partikulieren. De bibleteekmeiwurkers binne ferantwurdlik foar

bestellings, registraasje fan abonneminten, it fieren fan korrespondinsje, it meitsjen fan

titelbeskriuwings en it ferwurkjen fan nije boeken. Dêrnjonken wurdt hieltyd wurke oan it

oarderjen fan 'e wurken en oan it behâld fan 'e kolleksje.

Yn 2006 binne 219 titels fan boeken en nije tydskriften tafoege. It tal ynterne lienings

wurdt net byholden. Yn 2006 binne 94 oanfragen by oare bibleteken yntsjinne fia it saneamde

IBL-systeem: Inter Bibliothecair Leenverkeer. Dêrby wurdt nau gearwurke mei Tresoar.

Kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint

It Aljemint, fêstige yn de eardere Ljouwerter Noardertsjerke, is sûnt 1999 nei in yngeande

ferbouwing by de Fryske Akademy yn gebrûk as sealekompleks mei eigentiidske fasiliteiten.

It gebou leit oan de binnentún fan de Akademy. It Aljemint hat trije sealen foar gearkomsten,

kongressen en stúdzjedagen.

It kontrakt fan frou Klarenbeek rûn op 1 july ôf. De lieding fan It Aljemint is no yn

hannen fan de hearen Bok en Driebergen, kwa ketering is der stipe fan fjouwer opropfroulju.

It jier 2006 hat It Aljemint ferskate grutte gearkomsten, kongressen en lêzinge-rigen hân,

se binne allegear goed besocht en hawwe dêrtroch It Aljemint posityf yn 't nijs brocht. Fierders

hat It Aljemint ûnderdiel west fan it strjitfestival yn gearwurking mei de Harmonie. In pear yn it

each springende boekingen wienen dy fan Advysburo Imsa mei in grut kongres oer It Waad en in

stikmannich eksterne gearkomsten fan de Gemeente Ljouwert en fan de Provinsje Fryslân, dêr't

in protte minsken op ôfkamen.

Troch de ferhuzing fan den Iepen Universiteit, dy't oant en mei de simmer in oantal

romten binnen de Akademy-muorren hierde, wiene der nei septimber gjin tentamens mear yn It

Aljemint.

Sûnt septimber 2006 binne de aktiviteiten yn harren algemienens wol wer tanommen.

It Aljemint - eksterne besetting ferhierde deidielen 2006

Ferhier oan tredden earste trije fearnsjier lêste fearnsjier meiïnoar

Seal 1 15 18 33

Seal 2 5 7 12

Seal 3 10 13 23

Ferkearsromte 3 5 8

Hiele Aljemint 6 8 14

Totaal (yn 2005: 98 en yn 2004: 186) 90

Jierferslach 2006 side 73

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!