05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

Personielsferiening

De Fryske Akademy hat in mienskiplike personielsferiening foar meiwurkers fan de Fryske

Akademy en it Frysk Akademyfûns (PFFAF). De feriening organisearret ûnder mear it jierlikse

personielsreiske. It ôfrûne jier wiene Volendam en Amsterdam it plak fan bestimming. Dêrneist

organisearre de PFFAF in rûnlieding yn Tresoar.

Op 29 septimber, de moarns foarôfgeande oan de jiergearkomste, besochten de FAmeiwurkers

Rinsumageast. Ferskate minsken fersoargen dêr lêzingen en der wie in rûnlieding

troch en om de tsjerke.

Op 21 desimber wie der in winterbuffet yn It Aljemint foar de personielsleden en oan de

ein fan deselde middeis wie der in besite oan wynpriuwerij De Flearstins yn Aldtsjerk.

It bestjoer bestie op 31 desimber 2006 út Frits van der Kuip (ponghâlder), Gelbrigje

Haringsma (skriuwer), Taeke Driebergen en Adrie Kaspers. De perioade fan foarsitter Pieter

Duijff siet der op, mar oant no ta hat him noch net in nije foarsitter oppenearre. Jacob van der

Vaart is fanwege oare drokte earder út it bestjoer gien en opfolge troch Frits van der Kuip.

It ledebestân is sa opboud: Fryske Akademy 42, Frysk Akademyfûns 8 en 3 dy't fia in oare

ynstelling by de Akademy oan it wurk binne. Dêrmei binne suver alle Akademymeiwurkers lid fan

de feriening.

Personeelsorgaan

De Fryske Akademy jout foar syn meiwurkers it personeelsblêd Op 'e Doele út. It krantsje wurdt

digitaal opmakke en yn de twadde wike fan de moanne fia yntranet ferspraat ûnder de

personeelsleden. Troch fotokopyen wurde noch sa'n 30 eksimplaren ferspraat ûnder

bestjoersleden en (âld-)meiwurkers. De redaksje bestiet út Froukje Hijma en Wytske Rypma

De kopij foar de personeelskrante wurdt sammele by de redaksje. Anonime ynstjoerings en

stikken sûnder dúdlike ôfstjoerder wurde net opnommen. De ynhâld bestiet meast út fêste

rubriken.

Jierferslach 2006 side 75

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!