05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

Op 15 juny hat in delegaasje fan de MUR nei in kursus west, organisearre troch de

ABVA/KABO.

Op 28 septimber hat in delegaasje fan de MUR nei de jierlikse kontaktedei fan de OR fan

de KNAW yn Amsterdam west.

Op 5 oktober hawwe de direkteur-bestjoerder, de direksjesekretaresse, it haad algemiene

saken en de MUR-leden in mienskiplike kursus folge oangeande it wurk en plak fan in

ûndernimmingsried yn in organisaasje. De kursus waard jûn troch in kursusliedster fan it

opliedingssintrum KGCA út Amsterdam.

Ek hat in delegaasje fan de MUR-leden yn respektivelik augustus en oktober nei in

gearkomste west y.f.m. in persoanlik ûntwikkelingsplan (PUP) foar it wurkpaad/karriêre en in

lederiedsgearkomste fan it fakbûn oer it sosjaal beliedskader fan de KNAW.

Fuortgong MUR-saken

Yn april hat de MUR yn de gearkomste mei de achterban it wurkplan 2006 en it beliedsplan 2006-

2007 fêststeld.

De MUR hat yn it ferslachjier bemuoienis hân mei in nije wurktideregeling en in dêrby

hearrend tiidregistraasjesysteem. It wurktidereglemint fan de FA komme saken as fleksibele

wurktiden en de ynset fan tiid yn beskate projekten yn oan 'e oarder. De MUR hat oangeande sa'n

reglemint ynstimmingsrjocht en wachtet in konkreet fersyk dêrta ôf.

Yn july is de hear M. Koopmans, foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch yn in gearkomste

troch de MUR oanwiisd as it RfT-lid dat it betrouwen fan de meiwurkers fan de FA/FAF hat De

hear A. Douma – dy't (nei in perioade fan seis jier) him yn july net wer beskikber steld hat as lid

fan de RfT – wie oant dan ta it lid dat dat betrouwen fan it personiel offisjeel hie.

Yn it ferslachjier hat de MUR de jierrekken 2005, de begrutting 2006, de begrutting 2007

ynklusyf taljochting en de treddefearnsjiersifers 2006 oant en mei 30 septimber 2006 ûntfongen.

De finansjele swierrichheden hâlde it omtinken.

Ta beslút bestiene de wurksumheden fierder út it goed folgjen fan it útfieren fan P&Osaken,

lykas bygelyks de senioareregeling en pensjoenoergong, en is in earste begjin makke mei de

tariedings foar de MUR-ferkiezings op 2 july 2007.

Sietie Tijsma, skriuwer Mienskiplike Undernimmingsried fan de Fryske Akademy/Frysk

Akademyfûns

Jierferslach 2006 side 19

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!