05.01.2013 Views

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

Jierferslach 2006 - Fryske Akademy

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

It Aljemint - ynterne besetting [Fryske Akademy]

Seal 1 - 3 10

Seal 1 167

Seal 2 96

Seal 3 11

Ferkearsromte 14

Totaal 298 (yn 2005: 302 en yn 2004: 272)

Website Fryske Akademy

De webredaksje fan de Fryske Akademy bestie yn 2006 út: Wieke Fennema, Johan Frieswijk,

Heense van der Kooij, Frits van der Kuip, Sander Strating, Sietie Tijsma en Mettje de Vries.

Ynformatika-studint Sape Keizer fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hat it earste part fan it

jier ek meidraaid yn it ramt fan syn staazje.

Der is wurke oan it fernijen en werstrukturearjen fan de website www.fryske-akademy.nl.

Sûnt novimber is dy fernijde site te rieplachtsjen. Foar it ûnderhâld wurdt no gebrûk makke fan

Plone, in open source programma. Earder waard it Content Management Systeem CastManage

fan Vincis út Snits brûkt. De side hat in nije lay-out krigen en is dêrmei makliker wurden foar de

brûkers om ûnderwerpen te finen. Yn totaal hawwe der 90.544 besikers op de website west.

Dêrfan wiene der 82.212 besikers dy't dêr foar it earst kamen. Dy 90.544 besikers ha yn totaal

492.272 siden op ús website besjoen. Dat betsjut dat eltse besiker gemiddeld 5,44 siden besjoen

hat. In bysûnder ûnderdiel fan www.fryske-akademy.nl is boekwinkel de Boek-e-flits

(http://fa.modules.nl/shop/default.asp), dêr't de publikaasjes fan de Fryske Akademy te besetten

binne.

De website fan it Histoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem, www.hisgis.nl , hat yn

2006 10.099 unike besikers hân. It totaal oantal besiten kaam út op 18.599. It tal siden dat troch

de besikers besjoen is, kaam út op 2.771.043. Dat hâldt yn dat eltse besiker fan de HISGISwebsite

sa'n 148,99 siden besjoen hat. It tal hits kaam op 3.314.282.

Yn oktober is de website fan it projekt Mercator-Education, in projekt oangeande

ûnderwiis fan regionale en minderheidstalen yn Europa, oersetten yn Plone en fernijd. Sûnt de

fernijing hawwe 4.446 minsken de site besocht. Yn totaal wiene dat 5.581 besikers. Mei-inoar

hawwe se 30.746 siden besjoen. It tal hits kaam op 143.527.

Njonken dizze site hawwe Martine van der Meulen, Afke Vreeling en Jetse Wiersma,

meiwurkers fan it Mercator-projekt, in nije site makke: www.networkofschools.org. Dy site is in

platfoarm foar skoallen dy't meartalich ûnderwiis fersoargje. Sûnt it on line gean fan dy site, yn

maart, hawwe der 2.933 unike besikers west. It totaal oan besiken kaam yn 2006 op 4.000. Meiinoar

binne 22.809 siden besjoen. It tal hits op dizze site wie 105739.

Oersjoch fan de sites dy't de Akademy beheart:

www.fryske-akademy.nl

http://fa.modules.nl/shop/default.asp (Boek-e-flits)

www.hisgis.nl

www.mercator-education.org

www.networkofschools.org

Jierferslach 2006 side 74

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!