13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

You also want an ePaper? Increase the reach of your titles

YUMPU automatically turns print PDFs into web optimized ePapers that Google loves.

13

nazar betsjut: sjen, ynsjoch, refleksje.

Foar de alfde kear organisearret Noorderlicht in grutte

tentoanstelling, en it is de tredde kear dat Ljouwert as lokaasje

tsjinnet. Lykas de oare beide kearen stiet no ek wer in grutte, netwesterske

regio sintraal. Wiene it yn de eardere edysjes Afrika

(2000) en it Grut-Karibyske gebiet (2002), dizze kear binne it de

22 Arabyske lannen dy’t beljochte wurde. Lannen dêr’t wy

geregeldwei foto’s fan yn ’e krante sjogge, mar ek lannen dêr’t we

eins mar wat in diffús byld fan hawwe. De gearstallers hawwe dy

ûnderstelde ûnkunde en fernuvering as útgongspunt naam. De

fraach oft it byld dat in groep minsken, of in folk, fan himsels

hat, bot ôfwykt fan dat wat oaren fan harren hawwe, keppelet de

trije haadtentoanstellingen yn it Fries Museum, de Manege en it

Princessehof dan ek oanelkoar. Yn it Fries Museum jouwe

Arabyske fotografen in byld fan hoe’t sy tsjin har eigen wrâld

oansjogge. Yn de Manege litte westerske fotografen har fyzje op

dy wrâld sjen en yn it Princessehof hingje histoaryske foto’s dy’t

makke binne fan de 19de ieu ôf oan de jierren ’70 ta. Foto’s fan

sawol Arabieren as westerlingen. It is de earste kear dat de

Arabyske fotografy yn Europa safolle omtinken kriget.

willy van der meer

de Moanne numer 8 oktober 2004

skikke of klikke: de realiteit yn sêne sette

of net

Yn it Fries Museum hinget it wurk fan meast jonge Arabyske

fotografen, tritigers, en dat sil net allinne fuortkomme út ’e kar

fan Noorderlicht. De fotografy hat yn ’e Arabyske lannen hiel

lang, eins oant de jierren ’90 fan de foarige ieu ta, in marginale

rol spile. As keunstfoarm krige it gjin erkenning en opliedingen

wiene der hast net, of se wiene hiel beheind. Mar de ûnderskikte

rol fan de fotografy hat ek in soad te krijen mei de politike

sitewaasje en sensuer yn tal fan Arabyske lannen. Fotografy sit

folle tichter tsjin de realiteit oan as oare keunstfoarmen, jo kinne

der in grut publyk mei berikke, en krekt dat kin bedriigjend wêze

foar machthawwers.

Opfallend oan de tentoanstelling yn it Fries Museum is, dat

de ferhâlding manlike en froulike fotografen heal om heal is. Yn

de Manege, mei wurk fan westerske fotografen, meitsje de

froulike fotografen mar in kwart fan it gehiel út! No kin ik net

oersjen oft dat eksimplarysk is foar de hiele Arabyske en westerske

fotografy, mar apart is it al. Wat lykwols folle mear yn it each

springt, is dat de Arabyske fotografen har wrâld op in oare manier

Noorderlicht yn Ljouwert mei ‘Nazar’: foto’s út ’e Arabyske wrâld

hala elkoussy

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!