13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

15

lykwols teksten oanbrocht dy’t har in stim jaan moatte. Teksten

dy’t wy yn it Westen net lêze kinne, mar in Arabyske oerheid wol,

soene jo sizze. Dat byld wurdt boppedat noch pynliker as jo witte

dat islamityske froulju net achte wurde har mei kalligrafy,

skriuwkeunst, dwaande te hâlden. De krityk is dúdlik, ek al is dy

yn in estetysk moai byld fongen.

Wol op in hiele subtile manier boartet de Egyptyske fotografe

Hala Elkoussy mei de realiteit. Op it earste gesicht lykje har foto’s

wer te jaan wat sy tafallich tsjinkaam yn ’e stêd, mar yn ’e hiele

rige fan foto’s falt op dat guon dêrfan dochs wol frjemd binne. In

ferfallen hûs, of hat it wol in hûs west? In pear earder moaie

meubels en in soad rommel. En dan ynienen yn it hoekje in

spegel mei in lyts famke derfoar, yn in wite feestjurk. De foto dy’t

der neist hinget, in âlde man dy’t troch in skimerich strjitsje

oanrinnen komt, liket wer hiel ‘gewoan’ te wêzen. De

kombinaasje fan ’e foto’s wurket surrealistysk, jo witte net wat jo

tinke moatte en hâlde dan mar op fan tinken. Mar de eagen sykje

krekt dy foto’s hieltyd wer op.

Dat kritysk wêze ek mei gefoel foar humor dien wurde kin,

toant de Marokkaan Hicham Benohoud. Hy is tekenlearaar yn

Marrakech en hy hat syn learlingen frege om op samar in momint

op te hâlden mei wat se oan it dwaan wienen en foar him te

de Moanne numer 8 oktober 2004

marc garanger

posearjen. It moast wol in ûngewoane poaze wêze, dy’t se sels

betinke mochten en se mochten der alles wat los en fêst yn it lokaal

siet foar brûke. Wylst er de foto naam, moasten de oare learlingen

gewoan trochgean mei har wurk, krekt as wie der neat te rêden.

Krekt dat lêste makket de foto’s hiel ferfrjemdzjend. It doel fan de

learaar wie om sjen te litten dat jo op in hiele nije manier tsjin

dingen oan sjen kinne troch wat fêstichheden te feroarjen.

It suggestive sit by de Arabyske fotografen lykwols net allinne yn

de ensenearre foto’s, jo fine it ek werom yn ’e reportaazjes. Ymane

Fakhir (Marokko, Frankryk) hat foto’s makke fan in tradisjonele

Marokkaanske brulloft. Mei in prachtich fersierde breid dy’t yn it

middelpunt fan ’e belangstelling stiet. Mar, seit Ymane Fakhir, dat

is mar ien dei, en dêrnei ferdwynt se yn har hûs en wurdt se achte

om net mear op te fallen. De moaiste foto út dy searje fûn ik de

detailopname fan de fersierde hân fan de breid. Har kreas

manikuerde neils sjogge der sa iensum út, krekt as dogge se net

mei oan it feestje. Yn ien detail hat Fakhir it hiele konsept fan de

reportaazje gearfette. Sa skowe eins de twa sjenres, ensenearre en

dokumintêr, yn elkoar.

Der sit mar ien ‘hurde’ westersk oandwaande reportaazje by

yn it Fries Museum, fan de Palestynske Achmed Jadallah. Hy hat

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!