13.05.2013 Views

de Moanne

de Moanne

de Moanne

SHOW MORE
SHOW LESS

Create successful ePaper yourself

Turn your PDF publications into a flip-book with our unique Google optimized e-Paper software.

47

de Moanne numer 8 oktober 2004

The Beasts hienen besletten om har nergens wat fan oan te lûken. Se hienen even

genôch fan alle oanmerkingen op harren hier, klean, stedske manieren en repertoire.

De wrâld wie yn ûnstjoer, Hollân yn opskuor en Fryslân suver al wat yn beweging, mar

oan Raerd like alles foarby te gean. Jitse stelde foar om straks mei The Velvet

Underground te begjinnen en dêrnei... ‘Velvet Underground!,’ hune Arjen, ‘dêr sille dy

lju hjir fan omturne! Dan mar sûnder my!’ en hy rûn it poadium ôf, de seal yn. Hy

hearde Jitse noch ‘shit!’ flokken.

Hy stie dêr út noch yn net op syn gemak. Fan alle kanten waard treaun en balt.

Fochten. Hy besocht by de toiletten te kommen. Doe’t er dêr bedarre, nei de pisbakken

woe en in famke yn de rige foar de spegel frege om derlâns, sei se: ‘Goaien, dat jimme...

datsto Frysk praatst, dat fyn ik no ûnferwacht, moai.’ It wie as benaam se him de siken.

‘Wolst wat fan my drinke?’ Better wist er net.

‘Mar dêr bin ik hielendal net op út.’

‘Nee, mar toch...?’

‘No, in sniewytsje dan mar.’

Kristes, dat wie er net wend.

Doe’t er risselwaasje makke foar in sniewytsje en in bier, klearre Jitse just de wei de oare

kant út, foarby de bargen dy’t yn in trôge pissen en koarren, it húske yn, skoatteltsje op

de doar. Foar syn Mascotte-momint, Rizla-ritueel. As it net foar heavier wie.

Op weromreis fan de taap, it kaam Arjen tiden letter foar, setten The Beasts wer yn.

Twa noaten, dêr hie er genôch oan om te witten: Sympathy for the Devil, Jitse syn

egotrip. ‘Please allow me to introduce myself, I’m a man of wealth and taste. I’ve been

around for long, long years, stolen many man’s soul and faith. I was around when Jesus

Christ had His moment of doubt and pain. I made damn sure that Pilate washed his hands

and sealed His fate’

– twa freedsrepetysjes mist en dan komme se dermei, my foar peal sette, in teken! –

‘Pleased to meet you, hope you guess my name. But what’s puzzling you is just the nature of

my game’

– earlik is earlik, drekst komt wat him betreft it moaiste stikje tekst: and I lay traps for

troubadours who get killed before they reach Bombay –

Mar Jitse song foar dat lêste:

‘...before they spoil my play.’

Echt mis gong it pas by it ôfrinnen fan de seal. De kastlein hie it stopsein jûn troch

gewoan it poadium even, in minútsje mar, fan it elektrys ôf te heljen – de Jimi-solo rûn

fêst yn bagger – en tagelyk liet er skoansoan ‘Laatste ronde!’ roppe.

De hel bruts los. Famkes makken dat se fuortkamen. Har foargefoel doogde. Inkeld in

pear Raerder fankes wachten berêstend op har frijers, sy wisten wat der gebeure soe. De

fan it tsjoar rekke doarpslju stoomden op nei it poadium, nei it plukje frjemde

muzikanten. Ear’t de eagen wend wienen oan it tsjuster, hienen dy de earste klappen al

te pakken. Weiten hinnen wienen it sowieso. Waar-de-lo-ze provo’s. Oeral hier om oan

meisleept te wurden. En gjin tekst mear. Behalve dan dy iene, dejinge dy’t foar it measte

sjongen opdraaid wie. Ja, dy wraksele behoarlik tsjin. En dy koladrinkende stumper, dy

lieten se rinne, it deaslaan net wurdich.

Arjen hie in poas praat mei Renske, hie fierder net mear meispile. Mar ien fan de

Raerder roeken kaam no ek op him ta; sy sette har der gau tusken. Reade

Trotwaer

Hooray! Your file is uploaded and ready to be published.

Saved successfully!

Ooh no, something went wrong!