Poppenwier it oargel bespile wie it yn Tersoal te hearren. Ungemurken wie er fan grutte ynfloed by ús thús. Ik begûn him der op oan te sjen dat er myn âlden eartiids op ’e doele brocht hie mei syn opfettingen. Se wienen der mei in skampskot ôfkaam, mar it docht likegoed sear. En ik hold him foar it minne medium, wylst freon en fijân him sa goed as bôle fûnen. It 25-jierrich houliksfeest fan uzes waard hielendal yn Snits fierd en se hienen Rients Gratama besteld, dat wie wat! Seremoanjemaster: D.H. Kiestra. Gratama waard dy jûn linkendewei ferballe nei in optreden fan in foech healoere hielendal oan de ein fan ’e jûn, tanksij in fierstente lang sjongspul en ferbinende teksten – gap, gap – fan húsdichter Kiestra. Ik koe de man wol sjitte! Mar syn oansjen as mystike dichter yn boerekile koe net kapot. By de ferskriklike alvestêdetocht fan ’63, dy’t oer de reserverûte fan de Snitser Aldfeart flak by syn bertestjelp lânskaam, farve er in ûnbekommere ‘Wolkom yn moai Fryslân!’ op it brechje. Krekt in loopke foar kultuerfolk-mei-it-earsteslokje-op om dêr even hinne. De simmer dêrnei siet ik yn dy omkriten by in maat achter op ’e fyts. We rieden fan in keatspartij yn Dearsum binnentroch oer Hazzebuorren om fia Poppenwier nei hûs. Omtrint foar syn pleatske oer kneppele ik fan it pakjedrager, gat yn ’e kop, in soad bloed. Wy by Kiestra ‘follek’ roppe. In frjemde ensenearring. Frou Kiestra wie in geweldige help, lei in baas tulbân oan. Kiestra sels stie der wat op ôfstân by, besoarge mar ûnbehelperich. En ik ferbeelde my dat ik ek wat fan grutskens by him seach, op syn handige boerinne en op ús as boeredoarpsjonges, jongkeardels al, wa wit takomstige PC-keatsers, waans bloed op syn estrikken dripte, mar bêste Aaltsje: ’t falt wol ta, sterk laach! As we wer opstappe, set myn maat ús jierren en jierren tebek mei my ta te biten: ‘Dat wie dan in spultsje fan d’ iene foute helpt d’ oare’. Myn byld fan Kiestra waard wol in lyts bytsje neutralisearre doe’t ik op de HBS yn Snits Fryske les krige fan Douwe Tamminga. Hy wie in leafhawwer fan it wurk fan Kiestra (stalde Sinne op’e striesek en letter Samle fersen mei gear, skreau by de lêste de ynlieding) én Tamminga seach Kiestra syn ferkearde kar yn proporsje. Mar earlik sein lústere ik doe eins amper nei leararen. En fierders brocht Trinus Riemersma in nuânse oan dy’t der ta die yn it oardiel oer Kiestra. Trinus, dy koenen wy Legeaënsters noch. Elke skoaldei fytsten we mekoar twa kear temjitte. Hy fan Loaiïngea nei Gau, dêr’t er oan skoalle stie; syn reade moannen wapperjend yn ’e wyn. En wy fan de trije doarpen nei Snits, blije stikelboskjes. Nei’t beweard waard, wie hy fierstente frijsinnich foar it skoalbestjoer; sjuch, dat fûnen wy no just wol wer moai: reboelje by de finen! Mar fan syn kontakt mei Kiestra hienen wy gjin aan en soks ferrekte ús ek neat. Pas letter, by syn optreden foar de Fryske studinteferiening yn Grins (mei syn allen genietsjend fan de opskuor dy’t syn Fabryk en Minskrotten–Rotminsken joech), hearde ik dat dy skerpe man in fermoedsoenend wurd spruts oer Kiestra. Dat wie trouwens wol sawat it iennige dat er dêroer dielde mei Tamminga. It hat der fan wei dat, earst doe’t dy twa myld oardielden oer it persoanlike elemint yn de politike kar fan Kiestra, der foar myn gefoel sprake wêze koe fan genede en segening foar de persoan/kultuerdrager dy’t foute opfettingen útdroegen hie. Mar dit is my te opdwaanderich, heechdravend en ek tefolle ear. Yn myn stúdzjetiid hold ik mear fan de wylde skriuwer Riemersma as fan ús âld-learaar Tamminga, mar no is it safier dat ik de masterlike Tamminga hâld boppe de belearende Riemersma. Dus autoriteiten wienen se noait duorjend of tagelyk foar my. Lit ik mar gewoan sizze dat ik, earst puberaal en letter links ûnferdraachsum, sá stiif fêstholden ha oan kulminaasjepunt Kiestra - it begjinpunt fan in fout ferline soe blykber ek it einpunt wêze - dat der fansels gjin romte wie foar wurdearring fan syn skriuwwurk. Ek net foar syn dichtsjen oer selsrjochtfeardiging of skuld en boete. Lykwols, ‘tijd heelt alle wonden’. Dy deadwaner kaam gewoanwei ta libben en yn dit gefal fyn ik dat persoanlik mar in gelok. Want hjoed de dei kin ik it knappe dichtwurk lêze fan Douwe Hermans, de ynhâld, al dy skientme, sels syn besjongen fan it boerelibben docht my no wat; en witte jo wol dat wy thús de man koenen? Midden yn myn ‘oergongsperioade’ krige ik troch Sjoerd Bottema (fan Raerd, foar ús wie dat it fuottenein fan de Legeaën) tafallich in pear sitaten tastjoerd út it wurk fan Kiestra, mei in foar dy tiid (1939) gâns frijmoedige eroatyske passaazje út De froulju fan de fetweider. Dát koe ús Douwe Hermans dus ek as gjin oar: ‘’t Is oft harren leafde de soele swierens fan de krûdige bosrook, de waarme jûnsloft en de lije sângrûn der jitte op ta kriget. ’t Is oft hja yn it wylde tútsjen wrakselje mei in machteleazens om sa de djipste leafdesdriuwen út te fieren. (...) Yn dy uterste bedwelming falle alle noeden wei foar dy iene om de befrediging fan it djipste langstme. Sa komme de klean los en wurdt it sied útstoarten yn de hetsige wûne; it sterke kymkrêftige sied fan in leat út in âld en taai boerelaach dat yn sa’n jonge en ûntfanklike skerte frucht sette moat.’ Sa mâl gong it dochs net om ta by syn sjongspullen, wol mem? Ik socht Sinne op ’e striesek, ik hie it dochs fan thús meikrigen doe’t ik op mysels kaam te wenjen? Of faaks stikem meinaam, jim dogge der thús ommers niks mei. It wie earst net te finen. Ik ha oars sûnt de lêste ferhuzing in Fryske boekeplanke! Mar it stie noch ûnder de W fan syn skûlnamme D. van Wieren; en it stie – ferdomd – tusken de Hollanners. Nim it eksimplaar yn hannen: eigenhandich hat de skriuwer mei poatlead in werhellingssintsje yn de beskriuwing fan syn oankomst by it kamp trochskrast en omboud ta: ‘Wachthokken fan pakken strie’. Ik ha in collector’s item yn hannen! Under skûlnamme útbrocht om’t er in publikaasjeferbod hie, fan kollaborateur oant ûnderdûker! Thús moat ús mem noch syn Samle fersen hawwe, postúm en fansels allang wer ûnder eigen namme útbrocht. Ik trof it ris achter in kastdoar oan. It wie sá nij dat guon siden mekoar noch fêstholden, mar foaryn stie nei’t ik mien in persoanlik wurdsje fan de skriuwerswiddo. De ein fan myn kuier is yn sicht. 28
29 literer tydskrift sunt 1969 Trotwaer de Moanne numer 8 oktober 2004 Trotwaer
- Page 1 and 2: de Moanne algemien-kultureel opinyb
- Page 3 and 4: ‘Fanôf 1992 wenje ik elts jier i
- Page 5 and 6: 5 de Moanne numer 8 oktober 2004
- Page 7 and 8: 7 Lit it slachtoffer net allinne Al
- Page 9 and 10: 9 h.p. linthorst-homan, eartiids ko
- Page 11 and 12: 11 ra van der hoek & janni dekker d
- Page 13 and 14: 13 nazar betsjut: sjen, ynsjoch, re
- Page 15 and 16: 15 lykwols teksten oanbrocht dy’t
- Page 17 and 18: 17 huub mous de Moanne numer 8 okto
- Page 19 and 20: 19 een eeuwige interim, overal thui
- Page 21 and 22: 21 Kultuer út 2001. Dêr is yn fê
- Page 23 and 24: 23 och sa posityf oer de ‘ethisch
- Page 25 and 26: 25 oplieding yn hiel oar wurk bedar
- Page 27: 27 de Moanne numer 8 oktober 2004
- Page 31 and 32: 2. Tiid op ’e kop, ’97 en it is
- Page 33 and 34: de opskriften Blaujend beamte, druv
- Page 35 and 36: libben, de dea, har begjinnen sei,
- Page 37 and 38: 37 de Moanne numer 8 oktober 2004 T
- Page 39 and 40: 39 de Moanne numer 8 oktober 2004 J
- Page 41 and 42: 41 nei Kikkerjaren - seach ik de op
- Page 43 and 44: 43 It libben liket hast ien ‘écr
- Page 45 and 46: 45 de Moanne numer 8 oktober 2004 P
- Page 47 and 48: 47 de Moanne numer 8 oktober 2004 T
- Page 49 and 50: 49 de Moanne numer 8 oktober 2004 D
- Page 51 and 52: 51 JB: Minsken reageare faak op har
- Page 53 and 54: 53 In persoanlike Anne Wadman wie i
- Page 55 and 56: 55 wier west hie, want dan hie it i